Westyndyske Kompanjy

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Flagge fan Westyndyske Kompanjy

De Westyndyske Kompanjy, (offisjeel: Geoctroyeerde West-Indische Compagnie of West-Indische Compagnie), meast yn't koart WIC neamd, wie fan 1621 oant 1792 in Nederlânsk bedriuw mei in korporative struktuer, mar de aparte leden koene net oanspraaklik steld wurden foar de bsluten fan it bestjoer. Ien fan de oprjochters wie Willem Usselincx (1567-1647?).

Yn de 17e en 18e iuw hie de WIC it steatsmonopoly op de hannel en skipfeart op West-Afrika besuden de kreeftskearkring, op Amearika en alle eilannen tusken Newfoundland en Strjitte Magelhaan. It hannelsgebiet lei tusken twa meridianen: de westgrins wie de meridiaan troch de eastpunt fan Nij-Guinea en de eastgrins waard foarme troch de meridiaan fan Kaap de Goede Hope. De hannel op West-Afrika, de Karaïben en Noard- en Súd-Amearika wie it wichtichst.

De kompanjy hie ek as doel de posysje fan Spanje en Portegal yn Afrika en Súd-Amearike te ferswakjen.[1] De WIC krige fan de Steaten-Generaal fan de Nederlannen it foech de oarloch mei Spanje út te wreidzjen nei see.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De West-Indische Compagnie en haar belangen in Nieuw-Nederland. Een overzicht (1621-1664). Johan van Hartskamp