5 april
Springe nei navigaasje
Springe nei sykjen
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
29 | 30 | 31 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 april | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 |
<< | April | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | ||
6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 |
13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 |
20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 |
27 | 28 | 29 | 30 | |||
2020 |
5 april is de 95e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 96e). Der folgje noch 270 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- 1566 - 200 Nederlânske eallju biede lânfâdesse Margareta fan Parma in petysje oan, it Smeekskrift, in fersyk om fersêfting fan de leauwensplakkaten en beperking fan de Ynkwisysje. Hja stimt ta, mar Filips II net.
- 1684 - Jan fan Brakel wurdt beneamd as skout-by-nacht by de Admiraliteit fan Amsterdam.
- 1722 - De Nederlânske sefarder Jacob Roggeveen ûntdekt Peaske-eilân.
- 1896 - iepening fan de earste moderne Olympyske Spullen yn Athene, Grikelân.
- 1930 - Yn in gebeart fan boargerlike oerhearrigens brekt Mohandas Gandhi de Britske wet troch nei de see te rinnnen en keukensâlt te meitsjen.
- 1959 - Earste útstjoering fan it programma Sport in Beeld op de Nederlânske telefyzje, de foarrinder fan Studio Sport.
- 1962 - Nei hast fjouwer jier boarjen moetsje Switserske en Italjaanske arbeiders elkoar ûnder de St.-Bernhard. Yn maart 1964 wurdt de Grutte Sint-Bernhardtunnel foar auto's iepene.
- 1963 - Prinsesse Marijke lit har namme feroarje. Se hjit tenei Prinsesse Christina.
Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- 1365 - greve Willem VI fan Hollân, Seelân en Henegouwen († 1417)
- 1663 - Harmannus Huber, Frysk jurist en politikus († 1730)
- 1729 - Clara Feyoena van Raesfelt-Van Sytzama, Frysk dichteresse († 1807)
- 1746 - Adam Sijbel, Nederlânsk tegelskilder († 1803). (doopdatum)
- 1856 - Booker T. Washington, Amerikaansk aktivist en steatsman († 1915)
- 1858 - Hein Doedes Postma, Frysk keatser († 1942)
- 1889 - Sikke Bruinsma, Frysk sportsjitter († 1963)
- 1907 - Jan Zeldenrust, Nederlânsk patolooch-anatoom († 1990)
- 1934 - Roman Herzog, presidint fan Dútslân († 2017)
- 1950 - Agnetha Fältskog, Sweedske sjongster
- 1963 - Edwin de Groot, Frysk skriuwer en dichter
- 1981 - Pieter Weening, Frysk hurdfytser
- 1982 - Lacey Duvalle, Amerikaansk pornoaktrise
- 1986 - Jenny Hendrix, Amerikaansk pornoaktrise
- 1993 - Jayden Lee, Amerikaansk pornoaktrise
Ferstoarn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- 1697 - kening Karel XI fan Sweden (* 1655)
- 1804 - Jean-Charles Pichegru, Frânsk generaal (* 1761)
- 1848 - Willem Hendrik fan Sytzama, Frysk jurist, politikus en bestjoerder (* 1763)
- 1884 - Kraaiekening (Crow King), opperhaad fan 'e Lakota (* 18??)
- 1990 - Nico Scheepmaker, Nederlânsk skriuwer en kollumnist (* 1930)
- 1994 - Kurt Cobain, Amerikaansk sjonger en gitarist (* 1967)
- 2002 - Douwe Tamminga, Frysk dichter en skriuwer (* 1909)
- 2008 - Ellen Moves Camp, Amerikaansk minskerjochte-aktiviste (* 1930)
29 | 30 | 31 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 april | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|