Springe nei ynhâld

Hein Doedes Postma

Ut Wikipedy
Hein Doedes Postma
keatser
Hein Doedes Postma
Hein Doedes Postma
persoanlike bysûnderheden
echte nammeHein Doedes Postma
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum5 april 1858
berteplakSurch
stjerdatum8 maart 1942
stjerplakSurch
etnisiteit Frysk
sportive ynfo
PC1884
debút1881
karriêre-ein1886
ekstra1× PC kening (1884)

Hein Doedes Postma (Surch, 5 april 1858 – dêre, 8 maart 1942) wie in Frysk keatser dy't yn 'e njoggentjinde iuw in kear de PC wûn. Hy waard byneamd 'Swarte Hein fan Surch'.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Postma waard yn 1858 berne yn Surch, yn 'e doetiidske gemeente Wûnseradiel. Hy sette yn 1881 útein mei in karriêre yn it keatsen, en wûn yn 1884 de PC yn Frjentsjer, mei in partoer dat fierders bestie út Marten Cornelis Banning en Tjerk Douwes Hiemstra, dy't beiden út Penjum kamen. It wie Postma dy't dat jiers ta kening fan 'e PC útroppen waard.

Yn 1886 berikte Postma op 'e PC noch in trêde plak, mar oan 'e ein fan it keatsseizoen fan dat jier hold er op mei de sport. Hy kaam yn 1942 yn 'e âlderdom fan krapoan 84 jier yn syn berteplak Surch te ferstjerren.


Boarnen, noaten en/as referinsjes: