Springe nei ynhâld

Adam Sijbel

Ut Wikipedy
Silhouet Adam Sijbel (1786) door Matthias Janss. fan Geuns

Adam Sijbel (Amsterdam, doopt 5 april 1746 - Makkum, 24 septimber 1803) wie in Nederlânsk tegelskilder. Sijbel soarge foar nije ympulsen by it meitsjen fan siertegels yn Fryslân; boppedat joech er de toan oan foar it wurk fan it tegelfabryk yn Makkum.[1]

Sijbel waard 1746 yn de Lutherske Tsjerke yn Amsterdam doopt as soan fan de kommandeur Davit Sijbel en fan Catharina Swart. Hy waard oplaat ta plateelskilder by it tegelfabryk D' Oude Prins yn de Jordaan. Sijbel troude 12 july 1778 yn Amsterdam mei Saartje Pietersdr. fan Woensel. Yn 1781 waard er lid fan de doperske gemeente. Om reden dat er dêr gjin takomst seach ferfear Sijbel yn 1784 nei Makkum, faaks op foarspraak fan de doperske learaar Matthias fan Geuns, dy't 1783 predikant yn Makkum wurden wie. Van Geuns koe Sijbel noch fan syn stúdzjetiid (1779-1782) yn Amsterdam. Van Geuns wenne njonken de reder, fabrikant en keapman Hylke Jans Kingma. Sijbel krige in oanstelling foar tsien jier by it tegelfabryk fan Kingma. Doe al, mar ek letter skildere er foar it diggelguodfabryk fan Tichelaar dêre. Sijbel hat foar it fabryk fan Kingma "het aanzien van het product bepaald".[2] Sijbel stoar septimber 1803 mei 57 jier yn frijwat behyplike omstannichheden yn syn wenplak Makkum.[3]

Monumintale en museale keunstwurken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De monumintale tegelwand mei tolve Tegeltablo's yn hotel De Prins fan Fan Sijbel (1790) is in ryksmonumint.

Wurk fan Sijbel is te finen yn ûnder oaren

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Museum Warkums Erfskip - Tegeltablo's
  • Samling Keramykmuseum Princessehof - Sijbel
  • Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed
  • Pluis, Jan Kingma Makkum, útj. Primavera Pers, Leien, 2000 Keramiek Museum Kingma Makkum: Adam Sijbel

Noaten

  1. Pluis 2000:60 t/m 71
  2. Pluis 2000:71 Adam Sijbel
  3. Pluis fernijdt dat er yn 1802 fan de bedeling krige, troch de diakony fan de doperske tsjerke. Saartje van Woensel wie trettjin jier earder, yn 1790, yn Makkum stoarn (Pluis 2000:63).