Keninklike Tichelaar Makkum
Keninklike Tichelaar Makkum is in ûndernimming dy’t fêstige is yn Makkum. It famyljebedriuw begûn mei de produksje fan bakstien (tichels), en letter yn ierdewurk en tegels. Tsjintwurdich is it bedriuw spesjalisearre yn ierdewurk. Sûnt 1890 docht it ambachtlike bedriuw it meast yn sierierdewurk.
Omdat it bedriuw hieltyd keramyk makke hat, wurdt de Keninklike Tichelaar Makkum beskôge as ien fan de âldste bedriuwen fan Nederlân. Guon boarnen sprekke wol fan it âldste bedriuw fan Nederlân.[1]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It bedriuw begûn mei it meitsjen fan bakstiennen, mar om 1670 hinne feroare dit nei ierdewurk. Sûnt 1890 leit it bedriuw har it meast ta op it meitsjen fan sierierdewurk.
Yn de 18e en 19e iuw waarden yn de gleibakkerij benammen skûtels foar deistich gebrûk en tegels makke. Om 1865 hinne fermindere de fraach nei skûtels. De bruorren Jelmer en Jan fierden yngripende maatregels troch, sadwaande koe it bedriuw fuortset wurde as fabryk foar sierierdewurk. It bedriuw bleaun troch de iuwen hinne fêsthâlden oan de âlde wurkwize, wêrby't wurke wurdt mei in lokaal ôfgroeven klaai, dy’t nei de earste kear bakken bedutsen wurdt mei in wite, dekkende tinglazuer: de Majolika technyk. Yn 1882 waard it gebrûk fan gipsfoarmen yntrodusearre wêrmei de samling sierierdewurk grutter waard.
Yn 1960 krige de ûndernimming nei oanlieding fan it 300-jierrich bestean it predikaat Keninklik. Letter ûndersyk die bliken dat it bedriuw noch âlder wêze moast. Yn 1994 waard op basis fan resultaten fan histoarysk ûndersyk it 400-jierrich bestean fierd. Yn 2007 binne boarnen fûn dy’t oantoane dat al yn 1572 stiennen foarme waarden, op Spaanske kaarten út 1572 stiet op itselde plak as wêr’t it bedriuw no fêstige is it wurd ‘bricaría’, wat Spaansk is foar stienfabryk.
Yn 2009 moasten om de ekonomyske krisis 7 fan de 65 wurknimmers ûntslein wurde.[2] Febrewaris 2013 waard wrâldkundich makke dat Tichelaar ophâldt mei de produksje fan it tradisjonele sierierdewurk meidat der te min fraach nei is. It bedriuw sil him hielendal rjochtsje op de merk fan keramyske tegels foar gevels fan gebouwen.[3]
Eigners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Freerk Jans Tichelaar kocht yn 1689 de iene en dêrnei yn 1694 de oare helte fan it fabryk op. Sûnt dat stuit is it in famyljebedriuw. Sûnt 1994 is Jan Tichelaar direkteur by it bedriuw, hy is de 13e generaasje fan de Tichelaars dy’t it bedriuw oanfiert.
Tichelaars dy’t troch de jierren hinne it bedriuw lieden hawwe binne (tusken skrapkes stiet de perioade wêryn hja direkteur fan it bedriuw wiene):
- Pieter Jelmers oant 1869
- Jelmer Pieters Tichelaar 1831-1911 (1869-1899)
- Jan Pieters Tichelaar 1835-1919 (1869-1899)
- Pieter Jans Tichelaar 1868-1913 (1900-1913)
- Jan Pieters Tichelaar 1893-1981 (1913-1963)
- Pieter Jan Tichelaar (1964-1985)
- Cees van Zeumeren/Pieter Jan Tichelaar (1985-1994)
- Jan Tichelaar (1994-no)
Materiaal en produkten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grûnstof wie giel- of readbakkende seeklaai, dy’t yn it westen fan Fryslân genôch oanwêzich is. Tichelaar keapet no Dútske klaai by, mar graaft ek yn eigen behear de klaai ôf. De klaai wurdt mei mergel mingd yn de ierdwaskerij en dêrnei yn in kelder froastfrij opslein. Koart foar de ferwurking wurdt de klaai noch wat knypt en mingd. Dêrnei wurdt op goeie grutte snien. Nei it drûgjen wurdt it bakt ta rau guod, dat dêrnei oan de foarkant mei wyt bedekt wurdt. Oan de efterkant krije de skûtels in laach kwaart. Skilders skilderen harren dekoraasjes op de kwaart, wêrnei't se in twadde kear bakt wurde.
Der waarden twa soarten glazuer brûkt, in trochskinende glazuer, kwaart, en in mear wite dekkende glazuer, wyt. Beide glazueren wurde yn it bedriuw sels makke. Foar it beskilderjen wurde yn it bedriuw kleurde glazueren makke, dy’t ta fine poeier meallen wurde. Dêr wurdt wat wetter by dien, wêrnei't der op skildere wurde koe. Men hie fiif kleuren, blau, pears, grien, giel en oranje ta jins foldwaan. Yn de praktyk beheinde hja harren meastentiids ta it gebrûk fan blau en pears.
Keninklike Tichelaar Makkum hat noch hieltyd in ambachtlik produksjeproses en wurdt wol frege foar herstelprojekten fan histoarysk Delfts blau. It bedriuw wurket gear mei ûntwerpers as Hella Jongerius, Studio Job, Jurgen Bey, Alexander van Slobbe, Roderick Vos en Marcel Wanders.
Neist it ierdewurk wurde der ek oare takken fan it stienbakken oanpakt. Sa ferglêst it bedriuw yn opdracht wol keramyske produkten, dakpannen en gevelstiennen foar oaren.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Conijn, Helen, "Koninklijke Tichelaar Makkum: van bakstenen tot biscuit" yn Land of water, jiergong 4 (april 2011) s. 42 o/m 51[4]
- Vries, Marietta de (redaksje), "Present Royal Tichelaar Makkum", Rotterdam, 2010[5]
- Trompetter, Cor, "Eén grote familie: doopsgezinde elites in de Friese Zuidwesthoek 1600-1850", Hilfertsom, 2007
- Tichelaar, Pieter Jan, "Tichelaar Makkum: 1868-1963", Leien, 2004
- Tichelaar, Pieter Jan, "Tichelaar Makkum: 1700-1876", Leien, 2004
- Staal, Gert, "Actie, reactie: ontdekkingsreizen van 12 kunstenaars en vormgevers bij Koninklijke Tichelaar Makkum", Makkum. 1995
- Knowles, Linda Lu, "A study of the Royal Tichelaar ceramic business in Makkum, Holland", 1995
- Tichelaar, Pieter Jan, "Makkumer aardewerk", Makkum, 1970
- Tichelaar, Pieter Jan, "Wat Friese gleiers bakten", Makkum, 1960
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|