Frysk Skipfeart Museum

Ut Wikipedy
Museum op Lytssân 12
Museum op nûmer 14
Stylkeamer Gonggrypkeamer
Model fan Lemsteraak De Groene Draak, ôfdieling plesierfeart

It Frysk Skipfeart Museum, oprjochte yn 1881, is in skipfeartmuseum en ek it museum oer de skiednis fan de sted Snits. It is festige oan it Lytssân.
De kolleksje bestiet ûnder mear út de histoarje fan de Fryske skipfeart en skipsbou fan de 17e oan de 20e iuw en de wettersport út de 19e en 20e iuw. De hiele kolleksje bestiet út in 17.000 foarwerpen. Dêrneist is der in bibleteek mei hast 9.000 titels en in samling fan mear as 20.000 foto's. Oan it museum is ek in âldheidkeamer ferbûn dêr't benammen foarwerpen út Snits en omkriten toand wurde.

It museum hat twa haadôfdielings. Yn de ôfdieling Skipfeart wurdt de skiednis fan de Fryske skipfeart ferhelle oan de hân fan skipsmodellen, skilderijen en skipsûnderdielen. Yn de ôfdieling Snits komt de histoarje fan de stêd Snits oan bod. Snits is oriïntearre op it wetter en hat dat ek altiten west. In skerpe skieding tusken beide ôfdielings is der dêrom net. De ferhalen rinne floeiend yn elkoar oer. De tentoanstelde kolleksje is te besjen yn de 32 eksposysjeromtes fan it museum. Der binne skipsmodellen fan ûnder oare skûtsjes te sjen. Ek is der sulver en in seal oer hurdriden.

Kolleksjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de ôfdieling Fryske Admiraliteit stiet in grut kanon, dat fan in Frysk oarlochsskip komt. Oant 1795 hie Fryslân in eigen ôfdieling fan de Admiraliteit (seemacht). Fryslân hie gjin keamer by de VOC, mar tûzenen Friezen hawwe wol op VOC-skippen fearn. De measte Fryske seefeart falt lykwols yn de kategory kustfeart. Mei kofskippen en smakskippen farden Fryske skippers nei de Skandinavyske lannen, nei de lannen oan de Eastsee, nei Frankryk en Spanje. Reders en seehannelers makken mei de kustfeart yn de 17e en 18e iuw grutte winsten. Yn de ôfdieling beurtfeart is omtinken foar de binnenfeart. It farwegenet fan Fryslân wie wiidfertakke. Mei in skûtsje wie it mooglik om yn hast alle Fryske doarpen mei it skip te kommen. Lânwegen wiene der folle minder. Beurtskippen en trekskippen ûnderholden de ferfierstsjinsten tusken de ferskillende stêden en doarpen yn Fryslân. De wat gruttere beurtmannen farden oer de Sudersee. Oan de hân fan skipsmodellen wurde dy ferhalen ferteld. Yn de skûtsjeseal wurdt de skiednis fan de Fryske binnenfeart beljochte. Fryske skippers wennen en wurken mei harren húshâlding oan board fan harren skip. De rekonstruksje fan in roef toant dat se lyts behuze wiene. Skippen wienen faak ryk fersierd. Yn it museum is in grutte kolleksje skipssier te sjen: roerklikken, hakkeboerden, roerkoppen ensafuorthinne. Bysûnder wie de ielhannel. Ut Heech, De Gaastmar en Warkum wei waard op grutte skaal iel eksportearre nei Londen. Mei ielaken waard de iel ferfierd. De Fryske wetterwegen wurde no benammen brûkt troch wettersporters. Dêrom is der yn it museum ek in grutte kolleksje modellen fan syl- en motorjachten te sjen: boeiers, tsjotters, BM'ers, reinbôgen, mar ek modernere klassen as de Flits.

Yn de Iisseal is te sjen hoe't winterdeis de wetterwegen feroaren yn snelwegen foar reedriders. Folle hurder as mei in skip koene op redens grutte ôfstannen ôflein wurde. Der binne ûnderskate redens te sjen, mar ek prizen fan ferneamde Fryske riders. De prizen fan de Alvestêdetocht binne der bygelyks eksposearre.

Dat de skipfeart en rederij in soad jild opleverje koe is ôf te lêzen oan de stylkeamers. Yn de monumintale hearehuzen oan de grêft is in oantal stylkeamers ynrjochte. Opfallend is dat de rokoko lange tiid tige populêr wie yn de Fryske Súdwesthoeke. Dat is ek te sjen yn de Sulverseal. De produkten fan de Snitser sulversmidten binne drok bewurke mei driuw- en gravearwurk. De Wetterpoarte is ít byldmerk fan Snits. De wetterpoarte is ôfbylde op talleaze skilderijen en ek op sûvenirs. In moaie kolleksje dêrfan is te sjen yn de Stylkeamers. Yn de Ypkolgeakeamer binne behingsels fan in pleats út Wâldsein te sjen. Op ien fan de skilderingen is in skipswerf yn bedriuw te sjen. Op de boppeste ferdjippings is de grutte kolleksje seemanssûvenirs te sjen. Fryske seelju kamen rûnom en namen foar it thúsfront sûvenirs mei: houten nappen út Riga, Argangelske kistkes, ierdewurk út Ingelân, mar ek eksoatyske sûvenirs, lykas in skipke dat fan krûdnagels makke is.

Skiednis fan it museum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It museum is yn 1938 oprjochte. Lucas Poppinga, boargemaster fan de stêd Snits, wie fan betinken dat de stêd in minwaarfoarsjenning nedich hie. Sûnt 1925 groeide it wettersporttoerisme yn Fryslân en Snits hie dêryn in sintrumfunksje. Oft der ferlet wie fan in museum waard peile mei in tentoanstelling yn de Snitswike fan 1938. Yn ien moanne tiid kamen der 3.600 besikers nei dizze tydlike tentoanstelling oer de Fryske skipfeart. It súkses wie grutter as ferwachte en dêrom naam it museumbestjoer it beslút in permanint museum yn te rjochtsjen yn it weeshûs oan de Kruzebruorrestrjitte. Yn de Twadde Wrâldoarloch waard it museumgebou foardere troch de Dútsers. De kolleksje ferhuze nei de souders. Nei de oarloch joech Herre Halbertsma it museum in trochstart. De kolleksje bedarre yn it hûs fan syn âld-muoike Jeltje ten Cate-Halbertsma, oan it Lytssân nûmer 12.

Herre Halbertsma wie ûnbesoldige konservator fan it museum en A.M. Sustring wie foarsitter fan it bestjoer. Tegearre joegen se oant 1976 lieding oan it museum. Yn 1976 waard it museum professionalisearre. De eksploitaasje kaam yn hannen fan de Stichting Frysk Skipfeart Museum en de Feriening Frysk Skipfeart Museum wurke tenei as freoneklup. Sytse ten Hoeve waard hjirfan de earste direkteur. Yn ien fan syn earste tentoanstellings makke hy de brêge fan it ûnderwiis nei it museum: Skipfeart op skoalplaten. Guon fan de tentoanstellings fan syn hân: De Snitser Wetterpoarte (1976), Wettersport om Snits hinne (1977), Skilderijen fan Olaf Cleofas van Overbeek (1979), De âlde ferverswinkel (1983), Foto's fan Martin Kers (1985), Tsjerkeskipkes (1985), Boartersskipkes (1987), Tichelfeart (1988), Fryske Ielaken (1990), Fryske skipssier (1992), Skipswynfanen yn Fryslân (1995) en De skippenskilder Dirk Piebes Sjollema (1998). Ten Hoeve bleau direkteur oant 2005, doe't er opfolge waard troch Meindert Seffinga.

Yn de rin fan de jierren is it museum groeid. No sit it museum yn fiif monumintale hearehuzen oan it Lytssân, en is mei galery en ferbûn mei in eartiidsk skoalgebou oan de Heablokstrjitte. Yn 2009 en 2010 sil it museum ferboud wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: