Smak

Ut Wikipedy
Seegesicht mei smak (H.W. Mesdag)

De Smak is in âld skipstype út de 18e en iere 19e iuw, oarspronklik út Nederlân. De smak wie in licht skip foar de kustfeart. De measte smakken koenen sa'n 60 ton fracht hawwe, mar de grutsten koenen oant 100 ton fracht ferfiere.

Bou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De romp wie foar en efter rûn, de boaiem wie frij plat. De smak wie fierder útrist mei swurden en hie in lytse roef, kombof en sliepplak foar de bemanning.

Mêsten en seilen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Smakken wiene meastal twamêsters mei in grutte fokkemêst en in lytsere drúlmêst. Smakken hiene oarspronklik sprietseilen op beide mêsten, mar letter waarden hieltyd mear gaffelseilen brûkt. De fokkemêst mei spriet of gaffel droech it grutseil en somtiids ek it topseil boppeoan en staachfok. De boechspriet hie twa klúffokken. De drúlmêst droech ien drúl. Trochdat de drúlmêst flak foar de efterstjûne pleatst wie, stiek de drúl efter it skip út. De drúl waard oan de pappegaaistôk befêstige.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De smak wie fan oarsprong Nederlânsk, mar rekke letter ek ynboargere yn Dútslân. Smakken farden fan de seeën om it Ibearysk Skiereilân hinne oant Noarwegen ta, mar waarden dochs it meast brûkt foar de kustfeart op de lannen oan de Eastsee en de Noardsee.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • John Bachelor & Chris Chant. Geïllustreerde zeilschepen encyclopedie. REBO productions, 2006, ISBN 90-366-1845-2 side 202-203