Springe nei ynhâld

Spegelretoerskip

Ut Wikipedy
Replika fan it retoerskip Batavia
De Paerrel een Oostindis Vaerder (l.), Den Dubbelen Arent een Westindis Vaerder, Reinier Nooms, om 1650
Replika fan it retoerskip Amsterdam

It spegelretoerskip, ek wol koartwei retoerskip neamd (of eastynjefarder, de oantsjutting fan alle skipstypen dy't op 'de East' fearen. Ingelsk: East Indiaman; Sweedsk: ostindiefarare; Dútsk: Ostindienfahrer) wie it wichtichste type transportskip fan de V.O.C. foar it ferfier fan guod en persoanen fan en nei Batavia en oar plakken yn it Fiere Easten. De term spegel slacht wierskynlik op it platte ein boppe de eftersteven dy't ryklik fersierd wie en dêrtroch tinken die oan in hânspegel út dy tiid. Om't dit it wichtichste skipstype wie, waard it faak net iens beneamd yn de orizjinele boarnen, mar spruts men gewoan fan in 'skip'. De oare Europeeske hannelsmaatskippijen, lykas de West-Yndyske Kompanjy en de Britske East-Yndyske Kompanjy, hiene ek soksoarte skippen. [1]

Spegelretoerskippen seagen der oan de bûtekant net folle oars út as de oarlochsskippen fan de Republyk en hiene deselde type kanons, mar safolle net. Yn oarlochstiid waarden de retoerskippen ek útliend oan de Admiraliteiten en brûkt yn de striid op see.

De bou fan in spegelretoerskip duorre zo'n fiif oant acht moannen en dêrnei gong in skip sa'n fyftjin jier mei. Fan 1614 hie de V.O.C. trije klassen retoerskippen. De grutste klasse wie in skip mei in lingte fan 42,25 meter (150 Amsterdamske foet), de middelste klasse hie in lingte fan 39,05 meter (138 foet) en de lytse klasse wie 36,8 meter (130 foet). Letter, yn 1626, kaam der in klasse foar 45,28 meter (160 foet) by en allinne foar Seelân waard in útsûndering foar noch gruttere skippen makke, 48,11 meter (170 foet). In skip hie trochsneed 800 ton oan laadvermogen.

De skippen hiene standert trije mêsten (fokkemêst, grutte mêst en bezaanmêst) en in boechspriet. In retoerskip hie ferskate dekken. It efterste dek wie it heechste en waard it boppekampanjedek neamd. Dêrûnder sieten de kapiteinshut en de ferbliuwen fan de stjoerlju. De fersierde finsters oan de efterkant wiene foar harren. Dêrnei kaam it heal- of kampanjedek, dat yn de tropen oerskade waard mei in seil. De stjoerman stie krekt efter dit dek en koe fan dat hege plak wei nei de hoarizon sjen. It roer waard betsjinne mei in kolderstôk en letter in stjoerrêd. Dêrnei folge it verdek, it leechste dek, dat oan de foarkant begrinze waard troch in opbou mei it ûnderkommen fan de bemanning mei dêrboppe it bakdek. Oan de foarkant siet in nei foaren útstekken boechdiel dat it galjoen hiet en dêr't de seilen op de boechspriet wei betsjinne waarden. It galjoen waard yn de rin fan de 17e iuw hieltyd koarter. Foar op it galjoen waard in boechbyld pleatst. Ut reden fan de waarmte yn de tropen hiene de dekken fentilaasjeroasters.

Ferneamde spegelretoerskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noat

  1. M. Philippa e.a. (2003-2009) Etymologisch Woordenboek van het Nederlands fia: etymologiebank.nl