Súdwesthoeke

Ut Wikipedy
De Súdwesthoeke
Sicht op Nijemardum
It Aldemardumer Klif by Aldemardum
De Fluezen
De Sleattemer mar mei de toer fan Spannenburch
Laaksum
Snits
Drylts
Sleat
Starum
Hylpen
Warkum
Makkum
Wâldsein

De Súdwesthoeke is in streek yn it súdwesten fan de provinsje Fryslân. It gebiet leit yn de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren, foar 2011 de gemeenten Wymbritseradiel, Gaasterlân-Sleat, Skarsterlân, Lemsterlân en Nijefurd en wurdt begrinzge troch rûchwei de Iselmar yn it westen, de Rykswei 7 yn it noarden en de gemeente It Hearrenfean yn it easten.

De streek leit foar in part op de klaai, fean, klaai op fean en foar in part op geastgrûn en dêr't de measte fan de Fryske marren lizze. It aparte lânskip jout it in eigen karakter, wat in protte toeristen lûkt. De Súdwesthoeke is fierders sterk op Snits rjochte en hat in spoarferbining fan Starum nei Snits. Troch de streek rint de N359 dy't de Lemmer ferbynt mei Boalsert.

It Frysk dialekt fan de Súdwesthoeke, it Súdwesthoeksk of Súdhoeksk, wykt ôf fan de oare grutte dialekten trochdat it de nijere brekking net folge hat. Dit jout de lûden in oare klank as yn oare parten fan Fryslân.

Algemien[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Súdwesthoeke hat in ferskaat oan lânskippen en omfiemet hast alle lânskippen dy't Fryslân hat. Yn it noarden lizze terpen mei midsiuwske ferkavelingspatroanen. Yn it midden is it súdlike part fan it Fryske Marregebiet dat oarspronklik de westlike útrinner fan in grut heechfeangebiet is. Oan 'e súdkant leit it driuwwâlgea fan Gaasterlân mei in útrinner nei Sint-Nyk. It gebiet hat de measte Fryske marren mei de Tsjûkemar en de Snitser Mar oan de râne lizze. Ek lizze fiif fan de Fryske alve stêden, Drylts, Hylpen, Sleat, Starum en Warkum, yn de krite, wylst twa, Boalsert en Snits oan de râne lizze.

De ekonomy fan de Súdwesthoeke bestiet benammen út lânbou, dy't allinnich út de feehâlderij bestiet, toerisme, en benammen de wettersport en fiskerij. De gruttere plakken hawwe wat lytsskalige yndustry, wêrfan de haven fan Makkum de grutste fan is.

De Súdwesthoeke wurdt lânskiplik begrinzge troch Westergoa yn it noarden, it Lege Midden yn it noardeasten, de Feanpolders yn it easten en de [[Iselmar yn it suden en westen.

Opbou fan it gea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sa't al neamd waard hat de Súdwesthoeke in ryk ferskaat oan lânskipstypen. Yn it noardwesten fan de krite súdlik fan de A7 leit in terpegea mei ûnregelmjittige blokferkaveling om de doarpen Koarnwert, Wûns, Skraard, Eksmoarre, Longerhou en Tsjerkwert.
Fuortendaliks súdlik fan dy klaaistripe leit in gebiet fan Makkum oant De Lemmer ta dat oant yn de Midsiuwen in heechfeangebiet wie. It leger lizzende part dêrfan yn it noarden hat in laach klaai op fean wylst yn it suden in grut tal marren, Aldegeaster Brekken, Flakke Brekken, Ringwiel, Grutte Gaastmar, Idzegeaster Poel, Hegemer Mar, De Fluezen, Moarre, De Kûfurd, Langwarder Wielen, Sleattemer Mar en Grutte Brekken, lizze. Dat is in gebiet mei in stripeferkaveling mei in soad lytse doarpen, almeast streekdoarpen bylâns in yndyk of feart en dêr't it grutste part ûnder seenivo fan leit (-1 - 1,5 m). Yn dat gebiet lizze de lytse stêden Hylpen, Warkum, Sleat, Drylts en Starum, allyk de flekken Makkum, Koudum en Balk.
Yn it suden fan de krite lizze de sânige en rôljende balstienrêgen (gaasten) fan Gaasterlân en foarmet mei syn kliffen in natoerlike barriêre tsjin de Iselmar, foarhinne de Sudersee. It gea waard yn de santjinde iuw bewenne troch aadlike famyljes yn dy lieten der grutte bosken op it doetiidske heidelân plantsje en waard sadwaande it boskrykste gebiet fan Fryslân. Súdwestlik fan [[Aldemardum is it heechste punt mei 12,7m bope NAP. De sânrêch hat in útrinner nei Sint-Nyk mei in "gat" op 'e hichte fan Sleat. It gebiet wurdt skaaimerke troch syn iesdoarpen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Untstean fan it lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It sângrûn fan Gaasterlân is it âldste part fan de Súdwesthoeke. Dat ûntstie yn de twa lêste glasialen, it Saalien en it Weichselien. Yn it Saalien, sa'n goed 100.000 jier ferlyn kamen iiskapen út Skandinaavje wei oer Fryslân hinne. Gletsjers groeven djippe brede deltmen út, lykas it gebiet fan hjoed-de-dei deMoarre, Fluezen en de Hegemer Mar en treau de iiskape sân, liem en balstiennen]] op ta heuvels, lykas de hichten fan Koudum, Warns en Gaasterlân . Doe't it seewetter de hichten yn it suden berikte, ûntstiene kliffen, lykas it Reaklif, dat wol in 10 meter steile klif waard.

Yn it Weichselien kaam it iis net oan Fryslân ta, mar wie dêr al in tûndraklimaat, drûch en kâld. Troch de wyn waard yn Fryslân in laach deksân ôfset, dy't hjoed-de-dei noch hieltyd yn de Fryske Wâlden op it oerflak leit. In smelle deksânlaach rint fan Langwar oer Heech nei Sânfurd. Nei it Weichselien, begûn it holoseen, likernôch 10.000 jier ferlyn, en waarden de temperatueren algeduerigen waarmer en sadwaande ferhege de seespegel troch it ranen fan in soad iis. Troch it teien fan de grûn, ûntstiene dobben of pingoruïnen, lykas noardwestlik fan Wikel. It wetter sette seeklaai ôf en sadwaande ûntstie yn it noarden en westen fan de Súdwesthoeke in kweldergebiet. Troch de hegere temperatueren gie it grûnwetterpeil omheech en waard it miljeu stadichoan folle wieter. Yn it gebiet benefter it klaaigea ûntstie in grut feangebiet. Troch de waaksende befolking waard úteinset mei it oanmeitsjen fan de rânen fan it feangebiet, dêr't it meanfjild troch sakke. Troch dat minsklik yngripen koe it seewetter it lân ynkringe en sadwaande ûntstiene yn it noardwesten fan Fryslân de slinken fan de Marne en Middelsee . Troch dy slinken waard klaai oanfierd en ûntstie in klaai-op-feangrûn yn in gebiet rûchwei tusken Snits en Koudum. In klaaistripe waard foarme de haadstream fan it Fly, letter Sudersee, tusken Koarnwert en Starum.

Troch de ferkaveling is dúdlik de opmaak fan it gea te sjen. Yn it klaaigebiet is der ûnregelmjittige ferkaveling en yn de drûchmakkerijen is der regelmjittige blokferkaveling. Yn de himpolders en it klaai-op-feangebiet is der in mied- en blok/stripeferkaveling, itjinge in oergong fan de opstrekkende stripeferkaveling fan op it fean is.

Iere bewenning[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ierste spoaren fan bewenning wiene yn Gaasterlân fan jagers en binne fan 100.000 jier lyn. Lettere spoaren fan bewenning, fan 15.000 jier ferlyn ôf fan de Hamburchkultuer en de Tsjongerkultuer binne by Kolderwâlde fûn. Fêste bewenning ûntstie yn de mid-stientiid (8800-4900 f.Kr.) en waard by Warns spoaren fan fûn. Yn de nije stientiid (4900-2000 f.Kr.) waard der al lânbou útoefene. Fan dat tiidrek komt in hunebêd, dy't yn 1849 by Riis fûn waard, mar dêr't de stiennen fan ôffierd waarden. Ek yn de brûnstiid (2100-1800 f.Kr.) bleau Gaasterlân bewenne, mar yn de izertiid en romeinske tiid binne der lykwols gjin spoaren fan bewenning fûn. Yn it grutte feangebiet wennen ek gjin minsken, mar op it kwelderlân noardlik en westlik dêrfan wie fruchtber klaaigrûn en fan 700-500 f.Kr. ôf ûntstie dêr permaninte bewenning. Troch de befolking, de stammen fan de Frisii, waarden der terpen opsmiten, sa't dy drûge fuotten hâlde koene by heechwetterstân. Op de kwelderrêgen, hichten yn it kweldergea dy't ûntstiene troch it algeduerigen oanfieren fan sediminten, ûntstiene terpdoarpen. By de slinken fan de Marne en Middelsee ûntstiene de terpen fan Wûns, Skraard, Longerhou en Tsjerkwert. De Marne mûne súdlik fan Harns yn it Fly út. Njonken de haadstream fan it Fly, dat letter de Suderseekust waard, ûntstiene de terpen fan Koarnwert, Makkum, Skuzum en Piaam. Dy kalk- en savelrike klaai wie tige fruchtber, wylst fierder it lân yn kalkearme swiere knipklaai ôfset waard.

Midsiuwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan 'e ein fan de romeinske tiid, yn 'e tredde en fjirde iuw n.Kr. rekke it klaaigebiet foar in grut part ûntfolke. De reden is net alhiel wis, mar wie nei alle gedachten omreden it feroarjen yn temperatueren dy't ta faker stoarmfloeden en it ûnderstrûpen fan it lân late. In oare reden koene mooglikheden fan de oarspronklike befolking wêze. Yn de fyfde en sechsde iuw rekke it gebiet stadichoan wer befolke. Nei alle gedachten kamen de nije bewenners út it suden fan Skandinaavje wei. Dy bewenners neamden harsels letter "Friezen" of waarden troch har buorfolken sa neamd, om't hja harren yn Frisia, it stamgebiet fan de âlde Frisii, nei wenjen setten. Yn 'e iuwen dêrnei waard it klaaigebiet in woltierich gebiet, om't de Friezen nei Ingelân, Skandinaavje, it Eastseegebiet en yn it Dútske efterlân ta reizgen om te hanneljen. Twa fan de fjouwer muntplakken yn Westerlauwersk Fryslân leine yn de Súdwesthoeke. Starum, dy't op de klaaistripe oan de Flystream lei, en Boalsert, dy't op it krúspunt fan de Marneslinke en de Middelsee ûntstie, waarden strategyske hannelsplakken. It terpegebiet waard in foar dy tiid in tichtbefolke gebiet. Ek op it klaai-op-feangebiet súdeastlik fan it klaaigebiet en súdlik fan de Marne-Middelsee, ûntstiene delsettings, lykas Warkum, Hieslum, Greonterp, Abbegea, Easthim, Drylts en Snits.

Yn de tsiende iuw waard mei it oanmeitsjen fan it heechfeangebiet úteinset. Dat feangebiet wie de westlike útrinner fan in ûnbidich grut feangebiet dy't it wengebiet fan de Friezen op de klaai fan it wengebiet fan de Saksen op de hegere sângrûn skate. It fean rûn oant yn it eardere Wûnseradiel ta. Nammen lykas Wûns (Woldens - ein fan it wâld), Eksmoarre, Ferwâlde, Iemswâlde (Imiswalda), Wolsum en Idzegea (yn 1240 as Eddeswald oantsjut) jouwe de oanwêzigens fan it feanwâld oan. Troch it wetter fan de Marneslinke en de súdlike Middelsee waard op de râne fan dat feangebiet in laach knipklaai ôfset. It ûnderlizzende fean rekke troch it oanslykjen fan de klaai fan it sâlte wetter sâltich. Dêr waarden gatten en rillen troch de klaailaach groeven om it turf dêr út te heljen en nei it drûgjen te ferbaarnen. Ut de jiske wei waard sâlt helle troch it yndampen en oplossen. Ut dy gatten en rillen wei ûnstiene nei alle gedachten de Makkumer, Parregeaster, Warkumer en Starumer Mar. Yn de njoggende iuw waard it feangebiet begrinzge troch rûchwei de line Parregea-Easthim yn it noarden, de line Wolsum-Koudum yn it westen en Gaasterlân yn it suden. It oanmeitsjen fan it fean joech in stikmannich problemen foar it klaailân. Om't it heechfeangebiet doe noch heger lei, rûn it ôffierwetter nei it leger lizzende klaaigrûn. Al yn dyselde iuw waarden de earste dykjes oanlein en ûntstiene sa de earste "memmepolders". Ek it "eilân fan Westergoa", it gebiet tusken de Marneslinke, Middelsee en de lettere Waadsee, waard yn de alfde iuw alhiel omdike. Dêrtroch slike de Marne en it earste part fan de Middelsee ticht. Al yn de alfde iuw waard de Marne súdlik fan Kimswert oan de Griene Dyk ôfdame. Troch it fuortfallen fan de Marne, waard de stream fan de Fly hieltyd fûler. Dêrtroch waard dy stadichoan breder en koe de Sudersee ûntstean. Ek it earste part fan de Middelsee waard ôfdame. Dêrtroch ûntstie it doarp Nijlân.

De ûntjouwings bylâns de súdlike Middelsee en de Marne hiene gefolgen foar it leger lizzende knipklaai-op-feangebiet súdlik dêrfan. Dêr waarden doe de saneamde himpolders oanlein. Dy moasten tefoaren komme dat it wetter fan de hegere opslike nijlannen it leger lizzende klaaigrûn ynstreamde. Súdlik dêrfan waarden letter ek himpolders oanleinen dy't it wetter fan it hieltyd nei it suden ta oanmakke feangrûn opkeare moasten. De Himdyk ferbûn de himpolders, dy't rûn fan Snits oer Drylts en Westhim nei Tsjerkwert, waard ek in wichtich hannelspaad.

Ut de terpdoarpen op it klaai wei waarden feanoanmakkerijkoloanjes stifte, neffens it Aldfryske Opstrekrjocht. Tusken Warkum en Snits ûntiene der suver seis oanmakkerijblokken, dy't bylâns de rin fan feanbeken, dy't kanalisearre waarden, ûntwikkele waarden. Fan dy feanbeken ôf waarden sleatten en kanalen hieltyd djpper it feangebiet yn groeven. Ien fan dy feanbeken wie de Ie leke, dêr't de namme "Drylts" (betsjut sokssawat as "oan de Ie leke") fan ôflaat is. Ut Koudum wei waard Kolderwâlde stifte. Ut Warkum wei waard It Heidenskip oanmakke en fan dêr waard Noardwâlde oanmakke. Ut Nijhuzum wei waarden De Gaastmar en Sânfurd stifte. Ut Hieslum wei waard Greonterp stifte, út Abbegea wei waard Aldegea stifte en út Easthim waard Heech stifte en út Drylts wei waard it lân rjochting Sint-Nyk oanmakke. Dy nije doarpen waarden almeast komleaze streekdoarpen mei yn de measte gefallen in stiennen tsjerkje. Troch it feanoanmeitsjen begûn it fean yn te klinken en sakke de grûn wol twa oant trije meter. De leechste plakken rûnen stadichoan fol mei wetter en dêr ûntstiene marren lykas de Moarre, De Fluezen, de Hegemer Mar, De Kûfurd en de Snitser Mar. De Sleattemer Mar en de Tsjûkemar wiene lykwols natoerlike marren dy't al earder ûntstien binne.

It rôljend gea fan Gaasterlân wie in heidegea. Ut it Sint-Odulfuskleaster yn Starum wei waard dat gebiet fan de njoggende iuw ôf oanmakke. Dêr ûntstiene iesdoarpen lykas Bakhuzen, Himmelum, Murns, Aldemardum, Nijemardum en Sondel oan de sydkanten fan de driuwwâl, wylst harren ikkers op de heechste parten leine. Oan de Suderseekant leine leger lizzende miedlannen. Mar in pear doarpen dêre krigen in kapel of tsjerkje lykas Riis of in kleaster lykas by Himmelum.

Yn Gaasterlân stiene in stikmannich stinzen fan de ferskate haadlingen dy't dêr wennen. Gaasterlân wie gauris it plak fan skelen tusken de haadlingen. Op 26 septimber 1345 wie de Slach by Warns tusken legers de greve Willem IV fan Hollân, Seelân en Henegouwen en de haadlingen fan Westergoa doe't Willem besocht Westergoa en ek de rest fan de Fryske lannen yn syn macht te krijen.

Bestjoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de iere midsiuwen foel it gebiet noardlik fan de Marne/Middelsee ûnder it goa Westergoa, wylst it gebiet súdlik dêrfan nei alle gedachten ta Sudergoa hearde. Doe't Karel de Grutte oan de ein fan de achtste iuw it Fryske gebiet ta syn ryk foege, stelde der goagraven oan yn de goaen. Nei de Frankyske tiid, yn de snuorje fan de Fryske Frijheid wiene de Fryske Goaen winliken selsstannige steatsjes. Troch it waaksen fan de befolking yn de hege midsiuwen waarden de goaen ferparte yn lytsere bestjoerlike ienheden. Yn it suden fan Westergoa oan de Sudersee, nei it oanslykjen fan de Marne ûntstie it distrikt Wildinghe (of Woldinge, Woudenzera, letter Woldenseradiel - Wûnseradiel), itjinge nei alle gedachten betsjutte "oan de ein fan de wâlden". Ut, nei alle gedachten, Sudergoa wei ûntstie it distrikt Waghenbrugghe, (Wymbrits). In grut part fan Sudergoa ferdwûn yn de Sudersee en it kin west ha dat Waghenbrugghe in skoft lang by Westergoa heard hat. Waghenbrugghe/Wymbrits betsjut "oan de râne fan de sompe" en sprekt dus foar himsels om't it ek op 'e râne fan it feangebiet lei. Troch it oanmeitsjen fan dat grutte feangebiet koe Wymbrits in ein nei it suden ta rinne. It distrikt waard yn de fjirtjinde iuw wer ûnderferparte yn "dielen" - de gritenijen: Doedingwerstal, Gaasterlân, Himmelumer Aldeferd en Noardwâlde (de "furd/frede" - rjochtsgebiet - fan Himmelum) en Wymbritseradiel. De stêden, nei't se stedsrjochten krigen hawwe yn de rin fan de tolfde oant fyftjinde iuw, skaten harren fan de distrikten en gritenijen ôf. Boalsert, Warkum en Hylpen makken harren los fan Wildinghe en Snits, Drylts, Sleat en Starum spjalten harren fan Wymbrits ôf.

Iermoderne tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De seewarring kaam yn de sechtjinde iuw yn hannen fan de oerheid. De wichtichste dêrfan wie de Suderseedyk dy't yn de midsiuwen al oanlein waard. Yn 1533 rjochte steedhâlder Georg Schenk fan Toutenburch de seedykkontribúsjes yn, dêr't de gritenijen dy't fierder it lân yn leine ek oan meibbetelje moasten, itjinge harren net altyd nei 't sin wie.

Yn Gaasterlân kaam sûnt dy iuw hieltyd mear woaste grûn yn hannen fan de adel, de opfolgers fan de haadlingen. Grutboer Hiob de Ruyter de Wildt fan de Admiraliteit fan Amsterdam liet ein santjinde iuw heidelân oanmeitsje ta ikker en bosk, it lettere Rysterbosk. Oare famyljes fan eallju en patrysjers lykas Fan Wijckel, Fan Coehoorn, Aylva en Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg hiene lânhuzen en lieten bosk oanlizze.

Ek wiene se warber yn it drûchmeitsjen en ynpolderjen fan marren. Fêstingbouwer Menno fan Coehoorn poldere guon boezemlân njonken de Sleattemer Mar yn. Grytman fan Doanjewerstâl Johan Vegelin fan Claerbergen liet tusken 1731 en 1741 om Sint-Nyk hinne fiif polders oanlizze. Yn de santjinde iuw waarden de Noarder- en Sudermar by Starum, de Sinsmar by Blauhús en de Fallingabuorster en Aeltsjemarpolder by Ferwâlde drûchlein. Om it leger lizzend lân te beskermjen waarden yn de achttjinde iuw slieperdiken oanlein by Koudum, Sondel en De Lemmer.

Yn dy snuorje ûntjoegen in tal ynearsten agraryske doarpen har út ta stêden en flekken. Om syn geunstige lizzing oerfleugele Snits him oer Drylts hinne, dy't yn de trettjinde iuw in wichtich hannels- en yndustrystêd wie. Yn 1571 waard Sleat, dy't him yn de fyftjinde iuw al ûntjoech, in selsstannich karspel. Dat plak lei in it wichtich farwetter tusken Snits en de Sudersee en hie kontakt mei de Hânzestêden oan 'e Isel. Yn de santjinde iuw waard Sleat troch Menno fan Coehoorn in wiere fêstingstêd makke. Wâldsein, Makkum en Molkwar waarden flekken, dat in Fryske mingfoarm fan doarp en stêd mei stedske skaaimerken hie. Yn de achttjinde iuw die de float fan Wâldsein bûtenlânske havens oan. Molkar krige in nuveraardige foarm troch syn smelle strjitsjes en sleatten en waard suver in binnenear. Oan de Suderseekust leine de stêden Warkum, Hylpen en Starum leine foar it efterlân oer tige isolearjend en wiene it bêst te berikken oer it wetter. Mank mei makkum en Molkwar rjochten se harren op it bûtenlân, benammen Hollân. Yn Hylpen ûntstie karakteristike ynterieuren troch it kontakt mei bûtenlânske hannelers sa fier as út East-Ynje wei. De Gaastmar en Heech wiene doarpen mei in soad ielfiskers dy't har guod oant yn Londen ferkochten. Omreden de skipfeart ûntstiene skipwerven yn Heech, Wâldsein en Drylts.

Moderne tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Súdwesthoeke wie yn de achttjinde en iere njoggentjinde iuw in woltierige krite. De lânbou die it tige goed en der wie in warbere hannel mei gâns Noardwest-Jeropa dêr't de stêden en flekken by belutsen wiene. Lykwols wiene dêrfoaroer wol problemen mei it wetter want yn 'e wintertiid strûpte it leger lizzend lân gauris ûnder wetter. It ferkear gie almeast oer it wetter. Trekfearten rûnen út Warkum, Boalsert en Snits wei. It ferkear oer lân wie noch allinnich mooglik oer de him-, polder- en slieperdiken. Allinnich tusken gaasterlân en It hearrenfean rûn oer in geastrêch fan Sint-Nyk in lândyk. Yn 1844 waard de strjitwei fan Snits nei De Lemmer oanlein. By dy dyk del ûntstie guon jierren letter it doarp Kûfurderrige, in desletting besteande út pleatsen

De lânboukrisis (1878-1895) trof de Súdwesthoeke ek swier. In soad ynwenners emigrearren yn dy snuorje nei benammen de Feriene Steaten. Nettsjinsteande dat waard der yn dy snuorje in grut tal marren dûchmakke lykas de Silaardermar (om 1780 hinne) by Koarnwert, de Flait (1854) en Heanmar (1858) by Koudum en yn 1878 de grutste drûchmakkerij fan dy tiid fan de Makkumer, Parregeaster en Warkumer marren mei yn totaal likernôch 850 bunder.

Nei't de krisis wer wat oan it bedarjen wie, begûn de lânbou fannijs op te libjen. De koöperative molkfabriken waarden stifte dy't de kwaliteit fan it bûter ferbettere neffens doe't dy op de pleatsen sels makke waard. Bûterfabriken kamen der yn Aldegea, Balk, Boarnsweach, Easthim, Heech, Himmelum, Koudum, Langwar, De Lemmer, Makkum, Sint-Nyk, Sleat, Wâldsein, Warkum en Warns. Nettsjinsteande dat rûn de hannel fan de Suderseeplakken tebek en de Súdwesthoeke waard in benammen in agraryske krite. Gaasterlân en de geastrêch by Sint-Nyk hiene dêrfoaroer in boskryk gea mei lânhuzen.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard de lânbou modernisearre en waarden dêrtroch grutskaliger om de nasjonale itensfoarsjenning te garandearjen. Ut de oerheid wei waarden ruilferkavelings opset. Yn de Súdwesthoeke waarden der fan de 1960-er jierren ôf ferskate ruilferkavelingsprojekten wiermakke lykas Gaasterlân, De Hommerts-Toppenhuzen, Koudum, Warns, Wymbritseradiel en Wûnseradiel-Súd.

Ek waard it toerisme en benammen de wetterrekreaasje in wichtich elemint yn de ekonomy fan de krite. De skipswerven fan Makkum en De Lemmer waarden útwreide en wiene ek fan regionaal ekonomysk belang. Snits woeks út ta it regionaal sintrum mei ûnder oaren it regionaal sikehûs, it Antonius Sikehûs en ferskate skoallen fan middelberops ûnderwiis (mbû). Ek binne der in grut tal bedriuweterreinen yn de stêd.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: