Snitswike

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Snitswike
Sneekweek
Sneekweeklogo.jpg
plak en tiid
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Flagge fan Súdwest-Fryslân.png Súdwest-Fryslân
plak Flagge fan Snits.png Snits
tiid fan it jier begjin augustus
bysûnderheden
soarte evenemint sportevenemint (silen)
bestean 1934 – no
org. troch KWS
Gem. Súdwest-Fryslân
offisjele webside
www.sneekweek.nl

De Snitswike (Nederlânsk en offisjeel: Sneekweek) is in evenemint yn 'e Fryske stêd Snits en omkriten, dat folslein yn it teken fan 'e sylsport stiet. It duorret in wike en wurdt alle jierren holden fanôf de freed foarôfgeande oan 'e earste sneon fan augustus. It is it grutste sportevenemint op de binnenwetters fan Jeropa. De organisaasje fan 'e Snitswike is yn 'e hannen fan 'e Keninklike Wettersportferiening Snits (KWS) y.g.m. de Gemeente Súdwest-Fryslân. Yn dizze wike wurde alle dagen hurdsylwedstriden holden op 'e Snitsermar en de Goaiïngarypster Puollen. Tagelyk wurde ferskate festiviteiten organisearre op it saneamde Starteilân yn 'e Snitsermar, en yn 'e binnenstêd fan Snits, lykas in merke en in floatskou dêr't hûnderten boaten oan meidogge.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarsprong fan 'e Snitswike is Hurdsyldei, wêrfan't de earste edysje al yn 1814 holden waard. Earst yn 1934 waard de Snitswike dêromhinne organisearre. It hurdsilen is ûntstien út it admiraalsilen, wedstriden dy't yn 'e tiid fan 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen opdroegen waarden oan 'e steedhâlder fan Fryslân. Troch de besetting fan Nederlân troch de Frânsen yn 1795 waarden dy tradysjes ûnderbrutsen. Nei de befrijing fan 'e Frânsen yn 1813 griepen de Snitsers de earste de bêste gelegenheid oan om wer in feestlike sylpartij te hâlden. Dy gelegenheid die him foar doe't yn Snits it blide berjocht ûntfongen waard dat de deawaande stedsgenoat Jacob Sjoukes Visser út Frânse kriichstsjinst desertearre en sûn en wol op De Jouwer oankomd wie.

Nei de oprjochting fan 'e (letter Keninklike) Syl Feriening Snits (KZVS), yn 1851, waard soms op 'e tongersdei nei Hurdsyldei it admiraalsilen holden. Nei 1917 groeide dy tongersdei út ta in jierlikse syldei. De yn 1902 oprjochte Snitser Syl Klub (SZC) wie doe al begûn mei it hâlden fan wedstriden op 'e snein foar Hurdsyldei. Om 1930 hinne begûn de SZC ek op sneon wedstriden te organisearjen. Yn dy dagen kamen Fryske silers yn 'e kunde mei de Kaachwike, op 'e Kagerplassen yn Súd-Hollân, dy't yn 1918 foar de earste kear holden waard. De Friezen wurdearren it farren fan in rige wedstriden en teffens fansels de gesellichheid. Oarsom dienen ek hieltiten mear silers út it Westen mei oan Hurdsyldei en de wedstriden dêromhinne. Harren boaten waarden mei in frachtskip nei Snits ta brocht.

In bioskoopsjoernaal út 1965 oer sylwedstriden yn it ramt fan 'e Snitswike.

Op 1 maart 1934 stelde Johannes Olij, doedestiden de gongmakker fan it silen yn 'e Wetterpoartestêd, oan 'e SZC foar om 'e wedstriden op sneon te skrassen en ynstee dêrfan op snein, moandei en tiisdei te farren. Mei oanslutend de KZVS-wedstriden op Hurdsyldei en tongersdei koe dan in Sneeker Zeilweek útskreaun wurde. Op 26 april fan dat jier waard dit foarstel fannijs besprutsen. Nettsjinsteande de eangst foar finansjele skea (fan ynskriuwjild wie noch gjin sprake) doarden de Snitser sylferienings it oan, mar pas healwei juny, amper twa moanne foar de start, waard de knoop einlings en te'n lêsten trochhakke.

De earste Sneek-Week waard fan 18 o/m 23 augustus 1934 holden. Om't it dy wyks op 'e tiisdeis merke wie yn Snits, waard der dy deis net syld. Ut dy tafallichheid kaam letter it gebrûk fuort dat op Hurdsyldei yn 'e Snitser binnenstêd de Hurdsyldei-merke holden wurdt, oanfolle mei alle eveneminten om 'e Snitswike hinne. De earste Snitswike waard in grut súkses, ek al giene de SZC en de KZVS doe noch yn in soad saken harren eigen gong; sa moast de ynskriuwing fia twa adressen, waarden der twa programmaboekjes útjûn, wiene der ferskillende banekaarten yn gebrûk en hiene beide klubs harren eigen boeien. Der diene hast 200 silers mei, wat doedestiden in flink oantal wie.

Under de Twadde Wrâldoarloch waard de Snitswike twaris net holden: yn 1943 en 1944. Fan 1970 ôf fynt yn 'e dagen nei Himelfeartsdei de Lytse Snitswike plak. Yn 1981 fúzjearren de KZVS en de SZC ta ien nije organisaasje: de Keninklike Wettersportferiening Snits (KWS). Der diene alve kear mear as tûzen silers oan 'e Snitswike mei. De earste kears dat dat barde, wie yn 1977, doe't der 1.142 dielnimmers wiene. It rekôrjier is noch altyd 1985, doe't der 1.224 silers wiene, mei dêrûnder 157 wynsurfers. Yn 2010, doe't de 75e edysje fan 'e Snitswike besocht waard troch keninginne Beatrix op De Groene Draeck, diene der sa'n 900 silers mei. Yn 75 edysjes fan 'e Snitswike hiene doe yn totaal mear as 50.000 silers oan it evenemint dielnommen.

Underwilens wie it feest om 'e Snitswike hinne almar grutter wurden. Yn 2009 wie it safier kommen dat der yn 'e Snitser binnenstêd minsken letterlik yn 'e ferdrukking kamen. Nei oanlieding fan dat ynsidint waard de befeiling en it crowd management om 'e Snitswike hinne oanskerpe, wêrby't de KWS advizen ynwûn by de organisaasje fan 'e Nimweechske Fjouwerdagetocht.

Aktiviteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Snitswike begjint op 'e freed foar de earste sneon yn augustus (as dy sneon op 1 augustus falt, kin de freeds derfoar dus noch ta july hearre). It hurdsilen en de aktiviteiten dêromhinne duorje oant en mei de folgjende tongersdei. De beide hichtepunten fan 'e Snitswike binne de floatskou en Hurdsyldei. It silen wurdt dien yn mear as tritich klassen. Alle dagen wurdt troch ferskate klassen op 'e Snitsermar en/of de Goaiïngarypster Puollen in wedstryd fersyld. Yn alle klassen wurdt dan nei in tal deiwedstriden in klassemintswinner oanwiisd.

Om it silen hinne wurde der withoefolle oare aktiviteiten organisearre op it saneamde Starteilân (Kolmarslân) yn 'e Snitsermar en om 'e mar hinne, mar ek yn 'e binnenstêd fan Snits, û.m. yn 'e Merkstrjitte, de Wide Noarderhoarne, it Fiskmerkplein en de Liuweburch. Jûns wurde yn Snits de oerwinnings by it hurdsilen fierd, en dêrta ferpleatst it swiertepunt fan 'e aktiviteiten him dan fan 'e Snitsermar nei de útgeansgelegenheiden yn 'e binnenstêd.

Falken yn aksje ûnder in Snitswike yn 'e 1970-er jierren.

Freed[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 'e freedtejûn fynt de offisjele iepening fan 'e Snitswike plak yn 'e Stedhûstún. Dêr binne in protte pommeranten by oanwêzich en ek eareboargers fan Snits wurde derfoar útnûge. Dêrnei wurdt fan 22.00 oere ôf de iepening foar it publyk holden, dy't sûnt 1974 de foarm oannimt fan in showprogramma yn 'e Kolk foar de Wetterpoarte, en yn 'e Snitser greften. De jûn begjint mei it bekend meitsjen fan 'e 'Panskipper' fan dat jier, wêrnei't de beneaming folget fan 'e 'Boat fan it Jier'.

Dêrnei begjint de floatskou, in tradysje dy't yn 1974 ûntstie. Dêrby farre fan alle klassen dy't meidogge twa boaten fan 'e Kolk ôf troch de Snitser greften, mei foarop de earste fjouwer skûtsjes fan it SKS-skûtsjesilen, alteast, as dat foar dy tiid beslist is. De floatskou wurdt ôfnommen troch de kommissaris fan de kening yn Fryslân en/of de boargemaster fan Súdwest-Fryslân. Dêrnei fart de hiele float tusken de taskôgers troch, dêrby begelaat troch muzyk. Nei de floatskou foarmje tsien salútskotten en it oanheffen fan it Frysk folksliet it startsein foar de Snitswike. It iepeningsprogramma wurdt ôfsletten mei in grutte fjoerwurkshow.

Sneon en snein[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ier op 'e sneontemoarn begjinne de sylwedstriden op 'e Snitsermar. It Kolmarslân, better bekend as it Starteilân, is it plak dêr't de wedstriden wei koördinearre wurde. Dêr is ek de hiele wike in grutte feesttinte te finen foar de taskôgers dy't op it silen ôf komme en foar de silers dy't noch net oan bar binne of dy't al syld hawwe. Underwilens fine yn 'e Snitser binnenstêd ferskate muzykeveneminten plak, benammen op 'e sneontejûn. De sneins is it boppedat keapsnein yn Snits.

Moandei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2011 waard de moandei fan 'e Snitswike útroppen ta 'Rôze Moandei'. Dy dei wurdt der oandacht bestege oan 'e emansipaasje fan homoseksuëlen, lesbiënnes, biseksuëlen en transseksuëlen. Dy oanpassing fan it programma fan 'e Snitswike folge op eardere soartgelikense inisjativen ûnder bgl. de Nimweechske Fjouwerdagetocht en de Tilburchster Merke. 'Rôze Moandei' kaam út 'e koker fan 'e út Snits ôfkomstige tillefyzjepresintatrise Manon Thomas. Njonken aktiviteiten mei in 'rôs' tema, binne der op 'e moandei ek muzykoptredens yn 'e binnenstêd en op it Starteilân, wylst op 'e Snitsermar it silen oanhâldt.

Snits ûnder de Snitswike fan 2006.

Tiisdei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek op 'e tiisdei fan 'e Snitswike geane de sylwedstriden troch. Yn 'e binnenstêd is it dy jûns Snitsers Stappersjûn, wêrby't de stedsjers tradysjoneel de strjitten en pleinen opgeane. Hurdsyldei wie nammentlik fan âlds in frije dei foar de Snitsers, dy't sadwaande de tiisdeitejûns wol wat letter op bêd koene, en der dan foar keazen om te genietsjen fan 'e sfear yn 'e stêd.

Woansdei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De woansdei fan 'e Snitswike is Hurdsyldei, de dei dat it silen op 'e Snitsermar syn hichtepunt berikt. Dan wurdt û.m. de Fryslân-Hollân-race holden, dêr't de Friezen it by op nimme tsjin 'e Hollanners. Yn 'e stêd is it de woansdeis merke, der wurdt in bradery organisearre en ek is der wer muzyk op 'e ûnderskate poadia dy't yn 'e binnenstêd opsteld steane. Foarhinne giene in soad Snitsers dy deis nei Kafee 't Ouwe Vat, dêr't de Blauhúster Dakkapel tradisjoneel in optreden hold.

Tongersdei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tongersdei is de lêste dei fan 'e Snitswike (dy't dus eins gjin hiele wike duorret). Op 'e Snitsermar wurde de lêste sylwedstriden holden, en op it Starteilân wurdt it feestprogramma ôfsletten. De jûns fine yn 'e binnenstêd de lêste muzykoptredens yn it ramt fan 'e Snitswike plak, wylst op it Starteilân in feest fierd wurdt dat bedoeld is foar de silers. Dêr fynt dan ek de priisútrikking plak.

Oanslutend[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oanslutend wurdt op 'e freed nei de Snitswike in keunst- en boekemerk op it Grutsân holden. Sûnt 2014 geane fierders de muzykaktiviteiten bûten de Snitswike om troch op 'e jûnen fan dy freed en fan 'e twadde sneon fan augustus.

Ferfier en oernachting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de Snitswike stelle ferskate regionale ferfiersmaatskippijen spesjale tsjinsten yn. Sa is der in Snitsermarbus, dy't feestgongers en silers fan it sintrum fan Snits nei it Starteilân bringt en werom. Fan 'e Earste Easterkade ôf fart dêrnjonken ek in fear nei it Starteilân, de saneamde Poieszboat. Ek fan 'e Paviljoenswei ôf fart nei it eilân in fear, dat yn 'e folksmûle gewoan "ut pontsje" neamd wurdt, mar eins de MS Albatros hjit.[1]

De Snitswike is de drokste tiid fan it jier yn Snits. Dat is dúdlik te fernimmen foar toeristen dy't sels net foar de Snitswike komme: ek bûten de wedstriden om is it tige drok op it wetter, alle hierboaten binne ferhierd en hotels en campings binne fol. It is sels sa dat de Gemeente Súdwest-Fryslân (en foarhinne de Gemeente Snits) sûnt 2004 spesjaal foar de Snitswike in ekstra camping by rekreaasjeterrein De Potten opset, sadat eltsenien in sliepplak hat.

De Snitswike yn muzyk en film[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskate artysten, wêrûnder de Blauhúster Dakkapel, de Swiere Jonges, Johan Vlemmix en Douwe Ka, hawwe yn it ferline spesjale nûmers skreaun foar de Snitswike. Yn 'e folksmûle wurde sokke ferskes 'Snitswikehits' neamd. Yn 1996 waard dêrfan in earste sammelalbum útbrocht ûnder de titel Sneek Waterpoortstad. Yn 2010 ferskynde ta gelegenheid fan 'e 75e edysje fan 'e Snitswike in nij sammelalbum mei Snitswikehits.

Yn 2016 makken regisseur Martin Heijne en produsint Klaas de Jong de film SneekWeek, oer in searjemoardner dy't ûnder de Snitswike efter in groepke jongerein oan sit.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Altena, Stef, Sneekweek Opent Grenzeloos, yn: de Ljouwerter Krante, 4 augustus 2018, s. 14.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.