Springe nei ynhâld

Grutsân (Snits)

Ut Wikipedy
It Grutsân, july 1966

It Grutsân is ien fan de wichtigste strjitten yn Snits, foarme troch de wâlskanten fan in grêft yn de binnenstêd. It rint fan de Heechein nei de Sûpemerk.

It wetter wurdt ornaris ek Grutsân neamd, mar offisjeel is dat in part fan de Stêdsgrêft. Der is lang oannaam dat de namme ôflaat is fan it Stêdske wurd saan, mar dat it hjir net it wurd foar sân wêze moast, mar it wurd foar sont, in nauwe trochgong tusken bredere wetters is. Lykwols docht bliken dat de namme alder is as it Stêdsk, wat dy útlis ûnwis makket.

It Grutsân rint fan Súdbrêge, mei oanslúting op it Heechein, nei de Aaiebrêge, mei oanslúting op it Liuweboarch, it Skiepmerkplein en de Sûpemerk. Frijwat oan it begjin komme der oan de westkante tagelyk de Havenstrjitte en de Havensydstrjitte op út. Dan slút der by de Middelbrêge oan de westkante de Skernestrjitte op oan en oan de eastkante de Koarte Piipstege. Per slot slút der noardliker oan de eastkant noch de Lange Piipstege op oan.

Fan oarsprong, gong it wetter fierde oant it Neltsjesyl, mar it iepen part foarby it Skiepmerkplein waard letter ôfsletten.

De grêft op it Grutsân wie oant ein tweintichste iuw befarber, mar is no ôfsluten foar boaten. It wetter wie foarhinne folle breder, sadat ek skûtsjes en brede skippen de binnenstâd oandwaan koene. De kaaien fan it Grutsân wurde (noch altiten) brûkt as lokaasje foar in merk. Oan it Grutsân steane in grut oantal monuminten, lykas op de hoeke mei it Heechein it Fluithûs.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Gemeente Snits, Provinsje Fryslân, Rykstsjinst foar Archeology, Kultuerlânskip en Monuminten (2008) Sneek. Plak fan útjefe: Amersfoort.