Strjitten yn Snits

Ut Wikipedy
Lyts Sân

De Strjitten yn Snits


Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y

A[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Aalscholverleane - Nederlânske namme foar ielgoes
  • Afkelânsdyk - lâns in stik lân dat fan in 'Afke' west hat.
  • Age Piersstrjitte - Age Piers, Snitser fan oansjen út de 15e iuw. Liet faak hearre dat hy de dei net hoopte te belibjen dat der frjemde hearen de baas wienen. Dat kaam ek út, hy stoar eardat de hartoch Albert fan Saksen mei syn soan yn 1499 troch de Snitsers ferwolkomd waarden.
  • Akkerwinde - Nederlânske namme foar plantenamme nôtklimmer
  • Albardastrjitte - op it stee fan C&A stie eartiids it ± 1618 boude Albardashûs (ek: 't Hooghuis') fan de famylje Albarda/Albada. It hûs mei achtkante toer is tusken 1730-1740 ôfbrutsen.
  • Albertine Agnesstrjitte - Albertine Agnes (1634 - 1696 ), dochter fan Freark Hindrik en Amalia fan Solms en troud mei steedhâlder Willem Freark.
  • Alddyk - in âlde dyk
  • Alde Dyk - troch de stêd rinnende âlde himdyk.
  • Alde Himdyk - de Himdyk.
  • Alde Ie - Ofwettering dy't yn ferbining stie mei de Frjentsjerter Feart en útrûn yn de Geau.
  • Alde Komerk -
  • Alde Toppenhústerwei - de wei nei Toppenhuzen.
  • Aldfeart - nei it wetter Snitser Aldfeart.
  • Ald Tsjerkhôf - oant 1827 it begraafplak om de tsjerke.
  • Alexanderstrjitte - kroanprins Willem Alexander, berne op 27 april 1967.
  • Alidasteech - nei in famkesnamme
  • Almastrjitte - Dirk Alma wie fan 1885 - 1906 boargemaster fan Snits.
  • Amaliastrjitte - Amalia fan Solms wie boaske mei Freark Hindrik.
  • Anjelierstrjitte - nei de plant anjer of anjelier.
  • Ankerpaad - it anker as skipsûnderdiel
  • Anna Paulownastrjitte - Anna Paulowna, (1795 - 1865), wie grutfoarstinne fan Ruslân. Har heit Paul I Petroitsj en letter har broer Aleksander wienen tsaren fan Ruslân. Se wie troud mei kening Willem II. It pear wenne yn De Haach, earst yn paleis Lange Voorhout, letter yn it paleis oan de Kneuterdyk. Har âldste soan Willem is de lettere kening Willem III.
  • Apolloflinter - Apolloflinter is in flintersoarte.
  • Arkumerhimstrjitte - nei de Arkumerhim fan it buorskip Arkum.
  • Atalanta - de atalanta as flintersoarte
  • Ath Bonninghaleane - Ath Broersdochter Bonningha en har man Tsjomme Oenes Wiarda wienen rikelju. Se stiften yn 1463 op harren besitting de Sytsingawier it Tertsiarissekleaster Oliifberch.
  • Aurelia - aureliaflinter

B[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Bacchante - flintersoarte bacchante.
  • Badhûsgrêft - oan de strjitte steie earder it badhûs.
  • Balthuskade - hjir wenne eartiids blokmakker Balthus.
  • Barchjeblom - nei de wetterplant barchjeblom.
  • Barrewier - Barrewier is in terp. Hjir waard yn 1823 it Joadske begraafplak oanlein dat no yn it boargemaster De Hooppark leit.
  • Beatrixstrjitte - Keninginne Beatrix (* 31 jannewaris 1938, Paleis Soestdijk) wie de keninginne fan Nederlân fan 1980 oant 2013.
  • Bellstrjitte - Bell (1847 - 1931) is de útfiner fan de telefoan.
  • Biesketoersteech - hjir foaroer wie de Biesketoer as ûnderdiel fan de ferdigeningswurken
  • Binnenroede - diel fan in mûnewjuk
  • Bjirkeleane - nei de bjirk as beam
  • Blomstrjitte -
  • Boalserterbaan - brede dyk nei de stêd Boalsert.
  • Boalserterwei - dyk nei de stêd Boalsert.
  • Boargemaster de Hooppark - Pieter J. de Hoop wie boargemaster fan Snits fan 1907-1937.
  • Boarndjip - wetternamme Boarndjip
  • Boechspriet - skipsûnderdiel
  • Boeierstrjitte - boeier as skipstype dat oan de kanten 'opboeid'is.
  • Boetsstrjitte - bûtsen is in wize fan opslaan by it keatsen.
  • Bonkelder - ûnderdiel fan it draaimegniske yn in mûne.
  • Bonserdyk - nei it buorskip Bûns, west fan de Alde Himdyk
  • Boomkensdjip - wetternamme Boomkensdjip
  • Boppe-as - as dêr't de mûnewjukken oan fêst sitte.
  • Boppeslach - Keatsslach oer de rjochtstreeks útline
  • Bordine - Bordine wie de namme foar de noardlike diel fan de Middelsee.
  • Boskgrêft - oan de stedsgrêft lei yn de 19e iuw in parkje. Dit Bosk wie yn 1810 oanlein op it destiidske keatslân fan de stêd. Hjir dwers trochhinne waard yn 1843 de Lemmerstrjitwei oanlein. Op de oerbliuwende grûn waarden de arbeidershúskes fan de 'Boschbuurt' boud dy't yn de sechtiger jierren ôfbrutsen binne.
  • Boskplein - nei it 19e-iuwske park.
  • Bosstrjitte - nei Dr. Bos
  • Bothniakade - Duco fan Bothnia wie grytman fan Wymbritseradiel yn de 17e iuw.
  • Bottinge - bottinge wie in soarte belesting. In rûntrekkende lânhear hie it rjocht fan herberch foar himsels en syn gefolch.
  • Breedyk - diel fan it âlde binnenpaad nei Ysbrechtum
  • Breewiid - wetternamme Breewiid
  • Brouwersteech - nei in eigennamme of it berop fan bierbrouwer.
  • Bûtenroede - diel fan in mûnewjuk
  • Bûterblom - de bûterblom is in wylde plant
  • Bûtlân - stik boezemlân

C[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Charlotte de Bourbonstrjitte - Charlotte de Bourbon (1546 - 1582) troude yn 1575 mei prins Willem I fan Oranje en waard sa syn tredde frou.
  • Christiaan Schotanusstrjitte - Christiaan Schotanus (Skingen, 1603 - Frjentsjer, 1671 ) wie heechlearaar yn Frjentsjer yn it Gryksk en yn de tsjerkeskiednis. Skreaun in soad histoaryske boeken.
  • Cornelis Kanstrjitte -
  • Cornelius Kempiusstrjitte - Cornelis Kempius,(1520 - Dokkum, oktober 1589) wie riedsman fan biskop Knijff (1568) yn Grins. Hy spile as warber katolyk en tsjinner fan de Spaanske kening in rol by it ferrie fan Rennenberg. Hat ek oan skiedskriuwing dien.
  • Corneliusstrjitte - Andreas Cornelius fan Starum wie in bysûndere en belêzen man. Yn syn frije tiid die er in soad letterkundich wurk. Hy ferstoarn yn 1589 yn Harns.

D[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Dames Masselinkstrjitte -
  • De Bourbonstrjitte -
  • De Colignystrjitte -
  • De Daam - tagongsweei fan de stedsrûnwei
  • De Eker - stik lân
  • De Fang - Iepen ring mei segmintfoarmich útsage stikken hout, dy't rûnom it fangtsjil slute kin, sadat de gong fan de mole stuite wurdt.
  • De Hikken - ûnderdielen fan de molewjuk, bedoeld om wyn te fangen.
  • De Hoppen - wetternamme.
  • De Kalkovens - Yn Kalkûnen waarden skulpen ferbaarnd om kalk te winnen.
  • De Kamp - stik lân
  • De Kape - Boppeste, meast draaiber, part fan de mole.
  • De Kemphaan - Nederlânske namme foar hoants.
  • De Leien - wetternamme.
  • De Lizzer - ûnderste molestien yn in mole.
  • De Loper - boppeste molestien yn in mole.
  • De Miede -
  • De Opper - heabultsje
  • De Pôle - stik lân
  • De Rietgors -
  • De Ruter - tal peallen om it gers op te drûgjen
  • De Schilkampen -
  • De Seine - in seine om gers te meanen.
  • De Strikel - ark strikel om in seine te skerpjen.
  • De Terp - strjitte dy't op in eardere terp leit
  • De Tureluur -
  • De Weide - stik greide
  • De Wjukken - dielen fan in mole.
  • Deeklân -
  • Deipauëch - de flinter deipauëach
  • Dekamaleane - It oer hiel Fryslân ferspraat wenjende geslacht Dekema hie oan de Merkstrjitte harren Decama- of Gruitersmastins, dy't yn 1633 ôfbrutsen waard. Al yn 1610 hie Sicco fan Dekama in fersyk ta ôfbraak yntsjinne, dat doe troch it stedsbestjoer ôfwiisd waard. De stins wie lykwols sa brekfallich dat hy sa'n tweintich jier letter dochs ôfbrutsen waard.
  • Dick Brouwerstrjitte -
  • Dimpte Poartesilen - eartiids Pottersilen, nei alle gedachten in eigennamme. De silen moasten yn de 13e iuw oanlein wurde omdat de Himdyk op twa plakken trochsnien waard.
  • Dimpte Pôle - in pôle yn in stik grûn mids it wetter. Dit wie ien fan de earste stikken fan de earste stedsgrêft en rûn fan de dimpte Poartesilen en de singel nei it Heechein.
  • Distelvlinder - Nederlânske namme foar stikelflinter
  • Dompleane - In 'domp' is in âlde namme foar dûker. De Domp is de wetterkearing op de krusing Snitser Aldfeart en de Griene Dyk.
  • Douwe Hansmastrjitte - Douwe Hansma (1812-1891), Fryske skriuwer en skilder fan ynterieurs, stillibbens en portretten. Yn 1841 rjochte hy it Frysk Selskip op. Wie jierrenklang foarsitter fan de Krite Snits.
  • Dryltserkade - rjochting Drylts.
  • Dr. Boumawei - oant 1943 Stasjonswei, wat betizing joech mei de Stasjonsstrjitte. Dokter Bouma wie om 1900 hinne hûsarts yn Snits, en wenne yn it pân dêr't no de yngong fan de bibleteek is, oan de Wide Noarderherne. Dr. Bouma wie in kundich sjirurch, dy't thús operearde en ek pasjinten opnaam. Hat him tige ynset foar de stifting fan it sikehûs.
  • Dr Kuyperleane - Dr. Abraham Kuyper, (1837-1920) wie lieder fan de Anti-Revolúsjonêre partij en Twadde en Earste keamerlid. Wie fan 1901 - 1905 minister en yn 1908 Minister fan Steat. De Vrije Universiteit fan Amsterdam is syn libbenswurk.
  • Dr Willem Dreesstrjitte nei minister presidint Willem Drees.
  • Drakestrjitte - skipstype draak
  • Dûker -

E[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Earrebarreleane - Earrebarre.
  • Easterdyk - eastlik diel fan de Himdyk.
  • 1e Easterkade - oan de eastkant fan Snits lizzende haven
  • 2e Easterkade - oan de eastkant fan Snits lizzende haven
  • Easterom -
  • Easthimwei - nei de him by it doarp Easthim
  • Eastwei - wei yn it easten
  • Edisonstrjitte -
  • Edo Jongamastrjitte - Edo Jongama wie in Skieringer haadling út de 16e iuw. De troch him skreaune kronyk is letter ferlern gien.
  • Eeltsje Halbertsmastrjitte - Fryske skriuwer en dokter Eeltsje Halbertsma wie ien fan de Bruorren Halbertsma fan Grou..
  • Eeltsjebaaswei - Eeltjebaas.
  • Eenheid - bouferiening eenheid liet de huzen fan dizze strjitte sette.
  • Eesterzijlstrjitte - Iestersyl.
  • Eikenlaan - nei de Nederlânske namme foar ikebeam
  • Einsteinstrjitte - Albert Einstein wie de grûnlizzer fan de relativiteitsteory.
  • Elisabethleane - kleaster Oliifberch by Snits wie wijd oan St. Elisabeth.
  • Emmastrjitte - nei keninginne Emma fan Nederlân
  • Ernst Casimirstrjitte - Ernst Casimir (Dillenburch, 22 febrewaris 1573 - Roermond 2 juny 1632 ) is de stamheit fan de Fryske Nassaus. Hy folge yn 1620 syn broer Willem Loadewyk op as steedhâlder fan Fryslân. Nei it ferstjerren fan prins Maurits yn 1625 waard hy ek steedhâlder fan Grinslân en Drinte. Ernst Casimir sneuvele yn 1632 by de bekende fjildtocht fan Freark Hindrik lâns de Maas.
  • Eskdoarnleane - eskdoarn as beam

F[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Falkstrjitte - skipstype falk.
  • Famylje Leverstrjitte -
  • Fan Anhalt Dessaustrjitte - Henriëtte Amalia fan Anhalt-Dessau, wie regintesse yn Fryslân fan 1696-1707.
  • Fan Brunswijkstrjitte -
  • Fan Giffenstrjitte - David Flud fan Giffen wie fan 1681-1688 predikant en gelearde yn Snits. Hy hearde ta de groep fan de Coccejanen en stried tsjin deade rjochtsinnichheid. By it hof wie hy in dierber preker fan de godsillichheid.
  • Fan Hessen Kasselstrjitte - Maria Louise fan Hessen-Kassel, (Kassel, 7 febrewaris 1688 - Ljouwert, 9 april 1765) mei de bynamme 'Marijke Meu' of 'Marijke Muoi', wie de dochter fan Karel Loadewyk en Maria Anna. Omdat hja yn Fryslân tige populêr wie, waard se ek wol 'Muoi' of 'Meu'. neamd.
  • Fan Hogendorpstrjitte -
  • Fan Schouwenburgstrjitte - greve Joast fan Schouwenburch wie ein 16e iuw steedhâlder fan Fryslân
  • Fearn - lingtemaat fan 0,172 meter
  • Fesperstrjitte - ferwiist nei it Janiterkleaster by Snits, op it plak fan de algemiene begraafplak, yn de folksnamme it Hospitaal neamd.
  • Fiem - lingtemjitte as ôfstân tusken de fingerseinen fan de mulfinger by de earms wiidút. De fiem kin ûngelyk fan lingte wêze, sa binne der bygelyks ek Amsterdamse of Rynlânske fiemen.
  • Fjoerflinter - fjoerflinter
  • Flystream - Flystream as wetternamme
  • Flitsstrjitte - type jeugdsylboat flits
  • Foarline - keatsterm
  • Foarseam - ûnderdiel fan de molewjuk, bedoeld om wyn te fangen.
  • Foet - âlde lingtemaat, benammen brûkt troch timmerlju, skipsbouwers en seelju. In Amsterdamske foet is 0,283 m., in Rynlânske 0,308 m.
  • Folsgearsterhimstrjitte - nei de Folsgearsterhim by Folsgeare.
  • Fonteinkrûd - Nederlânske namme foar bearzerûch
  • Freark Hindrikstrjitte - Freark Hindrik (1584-1647) wie de soan fan prins Willem I fan Oranje en Louise de Coligny en wie steedhâlder fan Hollân, Seelân Utert, Gelderlân en Oerisel fan 1625 - 1647. Boppedat wie hy kapitein-generaal fan it leger en admiraal-generaal fan de float. By de striid tsjin Spanje yn de Tachtichjierrige oarloch helle hy safolle súksessen dat er de Stedetwinger neamd waard. Mei syn dynastike ambysjes rôp er by de Amsterdamske reginten argewaasje op, trochdat hy him profilearre as monarch ynstee fan as tsjinner fan de gewestlike Steaten.
  • Frieswykstrjitte - de famylje Frieswijk levere yn de 17e en 18e iuw in tal Snitser pommeranten as boargemasters en sekretarissen.
  • Frittemaleane - nei it fersoargingshûs Frittemahof, dy't keazen waard as oantinken oan âldereinhûs Nij Frittemahof dat oan de Stasjonsstrjitte stie. De famylje Frittema bewenne yn de Tachtichjierrige Oarloch in skoftke de aadlike wenning op de hoeke Piperstrjitte-Skiepmerkplein.
  • Frjentsjerter Feart - Frjentsjerter Feart
  • Frjentsjerter Kade - kade fan de Frjentsjerter Feart
  • Frijbûtserstrjitte - skipstype frijbûtser.
  • Fûgelswin -
  • Fûgelwikje - wylde plant fûgelwikje
  • Furmerusstrjitte - Bernardus Gerbrandi Furmerus (1542-1616, Ljouwert) wie learling fan Suffridus Petrus, dy't hy yn 1597 opfolge as lânhistoarjeskriuwer.
  • Fuutleane - Nederlânske namme foar hjerringslynder

G[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Gabbemastrjitte -
  • Gaffelstrjitte - skipsûnderdiel
  • Gajus Nautastrjitte - Gajus Nauta wie fan 1614-1636 sekretaris fan Snits. Waard dêrnei keazen ta 'Raad Ordinarus in den Hove van Friesland'.
  • Galigastrjitte - nei in geslacht Galligha dat al foar de 15e iuw út Snits ferdwûn wie. Wenne op de hoeke Galigastrjitte - Liuwenburch.
  • Geaukade - kade fan de Geau
  • Gele Lis - Nederlânske namme foar barchjeblom.
  • Gerben Oppewalstrjitte -
  • Gerbrandystrjitte -
  • Gieltsje - Gieltsje
  • Gykstrjitte -
  • Gysbert Japiksstrjitte - Fryske skriuwer Gysbert Japiks
  • Goeman Borgesiusleane - Goeman Borgesius
  • Gongboard - skipsûnderdiel
  • Gonggrypstrjitte - Thomas en Tjalling Gonggrijp wienen bekende glêsskilders yn Snits (1730-1814). Wurk fan beiden is te sjen yn de herfoarme tsjerke fan Akkrum.
  • Gossepeallen - wetternamme Gossepeallen
  • Gouden Boers - geografyske oantsjutting yn it gebiet fan de Wite en Swarte Brekken.
  • Greve Adolfstrjitte - Adolf graaf van Nassau ( 1540 - 1568) wie de op ien nei jongste broer fan prins Willem I fan Oranje en sneuvele yn 1568 yn de slach by Heiligerlee, de earste slach dy't yn de Tachtichjierrige Oarloch levere waard.
  • Grevinnewei - De Grevinnewei is in fersonken lânwei yn de Snitser Mar
  • Griene Dyk - de Griene Dyk is in âlde seedyk dy't Raarderhim tsjin it wetter beskerme. Eartiids net ferhurde, dus mei gers begroeid.
  • Grienedykstersyl - nei de slûs yn de Griene Dyk
  • Gryn - sânige of keizeleftige strook grûn yn of oan it wetter.
  • Groen van Prinstererstrjitte - Groen van Prinsterer
  • Gruitersmaleane -
  • Grutsân - 'Sân' betsjut krektas 'saan' en 'sont in nauwe ferbining tusken brede wetters. Sân kin likegoed komme fan it sân om de ouwers op te heegjen ta kaaien.
  • Grutte Tsjerkestrjitte - ferbynt de merkstrjitte mei it de Alde Komerk.
  • Gruttoleane - Nederlânske namme foar skries
  • Gruttsjil - ûnderdiel fan it draaimeganisme binnenyn de mole.
  • Gudsekop -

H[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Hagedoarnleane - de beam hagedoarn
  • Haitze Wiersmastrjitte -
  • Hanso Mollstrjitte - Hanso Moll waard yn 1626 skepen (wethâlder) en yn 1629 boargemaster fan Snits. Lykas syn beide bruorren wie hy keunstner. Pieter Moll wie beropsskilder. Fan him hinget in skilderij út 1641 yn it Snitser stêdhûs.
  • Harinxmakade - Agge Harinxma boaske de dochter fan Rienck Bockema. De Harinxma's spylje in grutte rol yn de skiednis fan Snits.
  • Harmen Sytsrastrjitte - de Fryske skriuwer Harmen Sytstra
  • Harspit - spit om de seine op te harjen
  • Harste -
  • Havensydstrjitte - Sydstrjitte fan de havenstrjitte.
  • Havenstrjitte - hjir rûn eartiids in sydfeart fan it Grutsân. Dit haventsje wie de tagong foar hannelsguod en turf foar opslach yn pakhuzen en efterhuzen.
  • Heablokstrjitte - ferwiist nei in komelkerij.
  • Heechein - Foar de oanlis fan de grêften in heger lizzend diel fan Snits. De foar it súdside namme, nei de oanlis fan de wallen, wie 'Nieuwe Stadt'.
  • Heemskerkstrjitte - Mr. Jan Heemskerk (Amsterdam, 1818 - De Haach, 1897) wie minister en keamerlid. Fan 1859 - 1864 siet hy yn de Twadde Keamer, wêr't hy tsjinoer Thorbecke in ûnôfhinklik stânpunt ynnom en op ekonomysk mêd reedlike frijsinnige stânpunten hanthavene. Fan 1866-1868, 1874-1877 en 1883-1888 wie hy minister fan binnenlânske saken.
  • Hegedyk -
  • Hein Doekesstrjitte - Hein Doekes spile begjin 16e iuw in grutte by de befrijing fan Snits fan de Gelderske besetters. Doe't dy ferdreaun wienen waard Doekes beneamd as befelhawwer oer 60 man út de minder begoedigen, dy't de stêd beweitse moasten.
  • Hendrik Bulthuiswei - ûntwerper fan de sylboat BM, Hendrik Bulthuis
  • Hendrik Casimirstrjitte - Hendrik Casimir (Arnhim, 31 jannewaris 1612 - Hulst, 12 juny 1640 ) wie noch mar sân jier doe't syn heit Ernst Casimir stoar, dêrom waard syn mem Albertine Agnes earst regintesse foardat er syn heit yn 1679 opfolge as steedhâlder en kapitein-generaal fan Fryslân.
  • Himdyk - in himdyk beskerme in him. Lizze meast ten suden en westen fan de súdlike kom fan de Middelsee en binne meast yn de 12e iuw oanlein.
  • Hynsteblom - in hynsteblom is in wylde plant
  • Hynstesteech - mooglik stie hjir in swart hynder op ien fan de gevelstiennen.
  • Hjerringslynderleane - neiu de fûgel hjerringslynder
  • Hoarsewei - wetternamme Hoarsewei.
  • Hommertsstrjitte - dyk nei De Hommerts
  • Hoppen - De Hoppen is in wetternamme
  • Hopperstrjitte - Joachim Hopperus (Snits, 1523 - Madrid, 1576 ) wie heechlearaar yn Leuven en letter lid fan de Geheime Ried fan Steat en adviseur fan Philips II oer Nederlânske saken. Hy hat benammen betsjutting hân as skiedskriuwer.
  • Houkesleatstrjitte - de Houkesleat is it wetter dat Snits mei de Snitser Mar ferbynt.
  • Hugo de Grootstrjitte - Hugo de Groot wie historiograaf fan Hollân, generaal-fiskaal en riedpensjonaris fan Rotterdam. Hy ûnderskiede him as teolooch, historikus, filosoof, dichter en benammen as jurist en filolooch. Bekend is syn wurk De jure belli ac pacis (oer it rjocht fan oarloch en frede), dat yn in soad talen oersetten is. As oanhinger fan Oldenbarnevelt waard hy yn 1618 finzen setten op it slot Loevenstein, wêrút hy yn 1621 yn in boekekiste ûntsnapte.

I[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ielskolferleane - fûgel ielskolfer
  • Iikmole - mole om ikebast te fermeallen foar learloaierijen.
  • Ype Staakstrjitte - Ype Staak wie in Snitser glêsskilder. Snits wie oant djip yn de 18e iuw itn sintrum fan glêsskilderkeunst. It atelier fan de bruorren wie konkurrint fan de bruorren Gonggryp.
  • Ipenleane - de plantesoarte iperenbeam
  • It Bûtlân -
  • It Fallaat - in fallaat is in skutslûs
  • It Follân - geografyske oantsjutting yn it gebiet fan de Wite en Swarte Brekken.
  • It Ges - It Ges as wetternamme en bedriuwenterrein op de grins mei Wymbritseradiel.
  • It Harspit - op in harspit koe in seine harre wurde.
  • It Hiem - lân by in pleats of hûs
  • It Perk -
  • It Swee - yn ien slach ôfmeande rige gers.

J[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Jachthaven De Domp - In 'domp' is in âlde namme foar dûker. De Domp is de wetterkearing op de krusing Snitser Aldfeart en de Griene Dyk.
  • Jachthavenstrjitte - jachthaven oan de Snitser Aldfeart
  • Jan fan Nassaustrjitte - greve Jan fan Nassau (ek: Jan de Alde) (1535-1606) wie in broer fan prins Willem I fan Oranje en steunde him finansjeel en polityk. Hie wie ien fan de driuwende krêften efter de ta stân komming fan de Uny fan Utertt (1579) en dêrtroch ien fan de grûnlizzers fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannne. Syn âldste soan Willem Loadewyk wurdt yn 1584 de earste steedhâlder fan Fryslân út it hûs fan Nassau.
  • Jan Kannekenstrjitte - Kannejitter Jan Kanneken kaam yn 1497 yn tsjinst by in Grinzer tinnejitter. Holp dêr om Bokke Haringsma ûntsnappe te litten út de finzenis.
  • Jan Kuiperswei - Jan Kuipers (1892-1986), wie skipsbouwer fan 1930 - 1963 en bouwer en ûntwerper fan ûnder oare de Kustkruser, de Snitsermarkruserr en it troch syn snelheid ferneamde sylskip Thedo.
  • Jancko Douwamastrjitte - Jancko Douwama wie in Fryske frijheidsstrider.
  • Jellen - jellen as lingtemaat fan 60 sintimeter.
  • Jistersylstrjitte - de jistersyl wie in kearslúske yn de Sperhimsterdyk by Bûns, ferfoel begjin 15e iuw.
  • Johan Bongastrjitte - Johan Bonga wie in Fryske edelman. Op 17 augustus 1570 farde hy, om de Prins fan Oranje, mei in tal skippen fan Inkhuzen om in oanslach op Fryslân te dwaan. Op 20 augustus koe hy samar Snits yn komme.
  • Johan de Wittplein - nei riedpensjonaris Johan de Witt (1625-1672).
  • Johan de Wittstrjitte - nei riedpensjonaris Johan de Witt (1625-1672).
  • Johan Mauritsstrjitte - Johan Maurits fan Nassau-Siegen (1604-1679) wie fan 1637 - 1644 gûverneur-kapitein-admiraal-generaal fan Brazylje. Hy is de bouwer fan it Mauritshûs yn De Haach (no museum). Yn 1672-1673 ferdigene hy Fryslân tsjin de biskop fan Munster, Bernard fan Galen, bynamme Bommen Bearend.
  • Johan van Oldebarneveltstrjitte - nei lânsabbekaat Johan fan Oldenbarnevelt (Amersfoort, 1547 - 1619)
  • Johan Willem Frisostrjitte - Johan Willem Friso fan Nassau-Dietz, (Dessau, 4 augustus 1687 - Strijensas, 14 july 1711), foarst fan Nassau-Dietz (1696-1711), Prins fan Oranje (1702-1711), steedhâlder fan Fryslân (1707-1711) en Grinslân (1708-1711), wie de âldste soan fan Hindrik Kasimir II en Henriëtte Amalia.
  • Johanniterstrjitte - nei it kleaster fan Johanniters.
  • Jollenstrjitte - skipstype jol, ek wol reddingsboatsje
  • Jonkfrou - flintersoarte jonkfrou
  • Jousterkade - foar trekskûten nei De Jouwer.
  • Julianastrjitte - keninginne Juliana fan Nederlân, de mem fan prinses Beatrix.
  • Jutrypstrjitte - dyk nei Jutryp

K[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Kaar - Fjouwerkante, nei ûnderen tarinnende bak sûnder boaiem, wêrút nôt of sie tusken de molestiennen falt.
  • Kamerlingh Onnesstrjitte - Heike Kamerling Onnes, (Grins, 1853 - Leien, 21 febrewaris, 1926 ) wie in fysikus dy't yn Grins studearre en wurke fan 1871-1872 yn Heidelberg by Kirchhoff en Bunsen. Dêrnei waard hy yn 1878 assistint te Delft en wie fan 1882-1924 heechlearaar yn Leien. Dêr stifte hy it nei him neamde Cryogeen Laboratoarium, wêr't hy de fysika fan de tige lege temperatueren op it heechaste nivo brocht. Syn wurk foar de natuerkunde is fan tige grutte betsjutting. As eksperimintator wist hy grut opsetten en koördinearre ûndersyk te ferrjochtsjen. Yn 1913 krige hy de Nobelpriis foar natuerkunde.
  • Kalkovens - Eartiids stienen trije kalkovens fan boumaterialenbedriuw fan Feenstra, dêr't skulpen yn baarnd waarden. It opslachplak fan skulpen waard skylkampen neamd. De kalkovens binne yn 1964 ôfbrutsen.
  • Kamille - plantenamme kamille
  • Kanaalstrjitte - nei it dimpte Spoarkanaal, dat de ferbining foarme mei et ek dimpte Spoardok en de Geau.
  • Kanadezenstrjitte -
  • Kapelaan Jansenstrjitte -
  • Kapelstrjitte - ferwiist nei it Janiterkleaster by Snits, op it plak fan de algemiene begraafplak, yn de folksnamme it Hospitaal neamd.
  • Karrekytleane - de fûgel karrekyt
  • Katsylstrjitte - Katsyl wie in âlde kearslûs yn de Skerwâlderhim by Westhim. De syl is flak foar 1900 ferfallen.
  • Keatslân - Alde namme, wurdt al beskreaun yn de histoarysk kronyk fan Snits (1772) wêryn Eelco Napjus al skriuwt dat bûten it Heechein it Keatslân leit dat eigendom is fan it Old Burger Weeshûs.
  • Keizersmantel - de flinter Keizersmantel
  • Kemphaan - Nederlânske namme foar hoants
  • Kempiusstrjitte -
  • Keninginne Wilhelminastrjitte - Keninginne Wilhelmina, oerbeppe fan prins Willem Alexander
  • Keninginnepaazje - de flinter keninginnepaazje
  • Keningsspil - Haadspil dêr't in mole om draait.
  • Kylstrjitte - part fan in skips
  • Kievitleane - Nederlânske namme foar ljip
  • Kievitpaad - Nederlânske namme foar ljip
  • Klam - lingtemaat fan 20 sm.
  • Kleanmakkersstrjitte - kleanmakker as âld berop
  • Klompmakkersstrjitte - klompmakker as âld berop
  • Kleasterdwersstrjitte - ferwiist nei it Janiterkleaster by Snits, op it plak fan de algemiene begraafplak, yn de folksnamme it Hospitaal neamd.
  • Kleasterhof - ferwiist nei it Janiterkleaster by Snits, op it plak fan de algemiene begraafplak, yn de folksnamme it Hospitaal neamd.
  • Kleasterstrjitte - ferwiist nei it Janiterkleaster by Snits, op it plak fan de algemiene begraafplak, yn de folksnamme it Hospitaal neamd.
  • Klipperkade - skipstype klipper
  • Klysterbeileane - nei de beam klysterbei
  • Koarte Feemerkstrjitte - nei de feemerk dy't yn 1992 opheft waard.
  • Koarte Piip - in 'piip' is in stiennen bôgebrêge oer farwetters en stedsgrêften. Oan beide einen fan de stege siet sa'n piip.
  • Koarte Sprút - Utstekkende balke ûnder de kape fan in wynmole.
  • Koeriersterswei -
  • Kolmar - wetternamme Kolmar.
  • Kommanderij - In oan it kleaster hearrend hûs of úthôf, foar tydlik gebrûk ôfstien oan leden fan in geastlike ridderoarder.
  • Koolwitje - Nederlânske namme foar koalflinter
  • Koopmansgrêft - De huzen oan de grêft waarden diels boud op grûn fan de famylje Koopman, dy't sels ek oan dizze grêft wenne.
  • Koos Gaastrastrjitte -
  • Koperslaggersstrjitte - koperslagger as âld berop
  • Koarte Freugde - bestie al ear't it begraafplak oanlein waard.
  • Kriik - Lyts en smel, meast stilsteand wetter.
  • Kruirêd - it kruirêd is it rêd dêr't de mole sa mei draaid wurde kinne, dat de wjukken de measte wyn fange.
  • Krúsweter - wetternamme Krúswetter
  • Kruzebruorrenstrjitte - hjir stie it yn 1462 sifte kleaster fan de krúshearen. It siet yn de gebouwen fan it 'Olde Hospitael'. Dit Sint Antonie Gasthûss wie ferhuze nei de Alde Komerk. Nei de reformaasje fan 1584 waard it in weeshûs dat nei in ferbouwing yn 1855 ôfbrutsen waard. By it kleasster hearde de Lytse- of Broeretsjerke dêr't de Lytse Tsjerkestrjitte nei neamd is.

L[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Lange Pipsteech - in 'piip' is in stiennen bôgebrêge oer farwetters en stedsgrêften. Oan beide einen fan de stege siet sa'n piip.
  • Lange Feemerkstrjitte - nei de feemerk dy't yn 1992 opheft waard.
  • Lange Warren - Lange Warren by de Wite en Swarte Brekken.
  • Larkstrjitte - platte en brede sylboat lark.
  • Lauwers - wetternamme Lauwers
  • Learloaiersstrjitte - learloaier as âld berop
  • Leeljestrjitte - plantenamme leelje
  • Leeuwerikleane - Nederlânske namme foar ljurk
  • De Leien - wetternamme De Leien
  • Lemmerwei - dyk nei De Lemmer
  • Liaukemastrjitte - Sikke Liaukema wie in pakesizzer fan Bokke Haringsma. Nei in fûle striid tusken de Snitsers en de Geldersken yn it begjin fan de 16e iuw waarden de Geldersken ferdreaun. Sikke Liaukema waard dêrom, fan 1522 oant syn dea, beneamd as hearskip en âlderman fan Snits.
  • Lynbaanstrjitte - tagong nei de Keninklike Lankhorst Euronetegroup B.V. Ien fan de earste brdriuwsgeboouwen fan dizze âlde Snitser firma wie in lynbaan.
  • Linebeamleane - in linebeam as beamsoarte.
  • Lisdodde - Nederlânske namme foar tuorrebout
  • Lysterbeileane - nei de lysterbeibeam
  • Lytse Dyk - lytse wei
  • Lytse Foks - foksflinter
  • Lytse Peallen - oerklûze diel fan de Wâldfeart. De peallen wienen bedoeld foar de stedsferdigening. Bûten de wetterpoarte, yn de Geau, stienen de Hege Peallen.
  • Lytse Tsjerkestrjitte - hjir tsie eartiids de Lytse- of Broeretsjerke.
  • Lytse Wilsterpaad -
  • Lytssân - 'Sân' betsjut krektas 'saan' en 'sont in nauwe ferbining tusken brede wetters. Sân kin likegoed komme fan it sân om de ouwers op te heegjen ta kaaien.
  • Liuwenburch - hjir stie de stins fan de grytman fan Wymbritseradiel, Louw of Lieuwe Donia († 1533). De stins krige syn namme nei de reade liuw yn it wapen fan de Donia's.
  • Ljouwerter Piipsteech - nei de piip by de Ljouwerter Poarte oan de ein fan de Dimpte Pôle. Sa koe men lâns de Swette nei Ljouwert kommee.
  • Ljouwerterdyk - de dyk nei Ljouwert
  • Ljouwerterkade - lâns de Swette rûn in wei nei Ljouwert ta.
  • Ljurkeleane in ljurk is in fûgeltsje.
  • Loaiïngeasterleane - it paad nei Loaiïngea rûn eartiids troch de Stedsfinne.
  • Lohmanstrjitte - Alexander Frederik de Savornin Lohman wie in Twadde Keamerlid.
  • Looxmadwersstrjitte - It geslacht Looxma wenne yn de 17e en 18e iuwen yn Snits.
  • Looxmagrêft - It geslacht Looxma wenne yn de 17e en 18e iuwen yn Snits.
  • Looxmastrjitte - It geslacht Looxma wenne sûnt de 17e iuw yn Snits. In soad Looxma's wienen sulversmid, mar yn de 18e iuw hienen inkele leden ek in sit yn it gemeentebestjoer. Tsjin 1800 ferhuze de famylje as fermogende oaleslaggers nei Ljouwert.
  • Lorentzstrjitte - Hendrik Lorentz. wettersteatkundige fan û.o. de Lorentzslûzen
  • Louise de Colignystrjitte - Louise de Coligny (1555 - 1620) troude yn 1583 mei prins Willem I fan Oranje, dy't yn it jier dêrnei fermoarde wurde soe. It ienige bern út dit houlik wie de lettere steedhâlder Freark Hindrik.
  • Louw Doniastrjitte - Louw Donia wie grytman fan Wymbritseradiel en wenne yn Snits.
  • Lútzen Wagenaarstrjitte - Lútzen Wagenaar wie in predikant, û.o. yn Wûns en Heech.

M[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Malta - nei it eilantsje yn de Geau. Waard sa neamd omdat dêr (± 1800-1828) seesâlt fan it eilân Malta yn de Middellânske See ferwurke waard.
  • Mansel - manshichte, dus ± 1,80 m.
  • Maria Louisestrjitte - Maria Louise fan Hessen-Kassel, (Kassel, 7 febrewaris 1688 - Ljouwert, 9 april 1765) mei de bynamme 'Marijke Meu' of 'Marijke Muoi', wie de dochter fan Karel Loadewyk en Maria Anna. Omdat hja yn Fryslân tige populêr wie, waard se ek wol 'Muoi' of 'Meu'. neamd.
  • Markolleane - wetterfûgel markol
  • Marnesylstrjitte - de Marnesyl wie de kearslûs yn de Marnedyk by de feart dy't fan Boalsert en it Boalserter Gat nei Makkum rint. Waard foar it earst neamd yn 1403 en hat tsjinst dien oant 1881.
  • Marsdjip - wetternamme Marsdjip
  • Martinyplein - nei de Martinitsjerke, eartiids sint Maartentsjerke.
  • Master Keulenstrjitte -
  • Meerkoetleane - Nederlânske namme foar markol
  • Meeuwenleane - Nederlânske namme foar miuwen
Gemeentehûs oan de Merkstrjitte
  • Merkstrjitte - hjir waard merk hâlden. Njonken it stedhûs stie de mânske Dekama- of Grutersmastins (ek wol: Harinxmastins), dy't yn 1633 ôfbrutsen waard.
  • Mêststrjitte - skipsûnderdiel mêst
  • Meidoornleane - Nederlânske namme foar hagedoarn.
  • Meliere - of mole-ier, afiersleat nei in mûne.
  • Middelseeleane- de Middelsee wie de ôfskieding tusken Westergoa en Eastergoa, dêr't it tij it frij hie.
  • Moarrehimstrjitte - neamd nei de him by it wetter Moarre.
  • Molekrite - It bemealingsgebiet (krite) fan in wettermole dat net yn in wetterskip, feanpolder of partikuliere polder ûnderbrocht is. In molekrite beslaat meastentiids it lân fan ien pleats en eat út de omjouwing.
  • Molepeal - peal dêr't in tsjasker op leunt.
  • Mollemakleaster - namme is yn 2003 jûn nei inselde strjitte út de 19e iuw op dat plak .
  • Muntstrjitte - Kin nei de mûntsen fan de Krusebruorren ferwize, mar ek mooglik is dat der munten slein waarden.
  • Muontsemole - in Muonts is in type wettermole.
  • Muontsestrjitte - De Johanniter oarder wie in geastlike ridderoarder dy't om 1050 ûntstie yn Jeruzalim ontstond en as doel hiie de sike pylgers te ferplegen. It wurkterrein wreide him gau út. Ek by Snits stie in kleaster fan dizze oarder, op it plak fan de algemiene begraafplak. De kommandeur fan dit kleaster hie de opdracht om op siken, beheinden en hongerigen ta te sjen. Sadwaande waard it kleaster yn de folksnamme Hospitaal neamd.

N[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Napjusstrjitte - Eelco Napjus (Snits, 1728 -dêre, 1803) wie majoar en eksekuteur. Hy skreau de 'Historische Chronyk of Beschrijvinghe van oud en nieuw Sneek'.
  • Nassau Dillenburchstrjitte - De Fryske en de Hollânske steedhâlders stamme út it hûs Nassau Dillenburch.
  • Nauwe Burchstrjitte - nei de Roodenburch fan Snitser haadling Rienck Bockema.
  • Nauwe Noarderherne - de Himdy makket hjir in heakse hoeke (herne) nei it noarden.
  • Neltjeshaven - de (Dimpte) Neltjeshaven is de ferbining mei de Frjentsjerter Feart dy't oanlein waard doe't mei de oanlis fan de stedsgrêften it Grutsân syn funksje ferlear. Yn de 19e iuw oerklûze.
  • Nijlannerhimstrjitte - nei de him by Nijlân.
  • Noardwei - oan de noardkant fan Snits
  • Noarderpoarte - stedspoarte oan de noardkant fan de stêd.
  • Nolensstrjitte - Dr. Willem Hubert Nolens (Venlo, 1860 - De Haach, 1931) wie lieder fan de roomsk-katolike keamerfraksje.
  • Normandiaplein - op de hoeke fan it plein stie molkfabryk La Normandie.
  • Nûmerflinter - Nûmerflinter.

O[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Obe Postmastrjitte - nei de Fryske skriuwer Obe Postma (1868-1963) dy't nei it gymnasium yn Snits gie.
  • Oerwei - earder wie hjir in spoaroergong, no in tunneltsje.
  • Offenwiersterleane - de leane nei Offenwier.
  • Oliifberchleane - nei it Tertsiarissenkleaster Oliifberch.
  • Omloop - Underdiel fan in stellingmole. In stellingmole is in yndustrymole en dus gjin wettermole, De omloop of stelling sit fjouwer oant acht meter boppe de grûn. De wjukken fan de mole wurde fan de omloop ôf betsjinne.
  • Ooievaarsleane - Nederlânske namme foar earrebarre
  • Oranjepaad - in soad nammen yn Sperkhim hawwe te krijen mei it Oranjehûs.
  • Oudstrjitte - Mr. Pieter Jacobus Oud (1886-1968) wie fan 1933 - 1937 minister fan finansjen en fan 1938 - 1951 boargemaster fan Rotterdam. Nei de Twadde Wrâldoarloch werstelde hy de liberale politike partijfoarming (VVD). Mr. Oud ûnderskiede him ek troch publikaasjes op it mêd fan it steats- en gemeenterjocht.
  • Overtoom - in Overtoom is in plak om boaten út it wetter te heljen.

P[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Palm - lingtemjitte binnekant hân, 10 sm.
  • Pampuskade - sylboat pampus
  • Parallelwei - rint parallel oan it spoar
  • Parkstrjitte - rjochting it Wilhelminapark.
  • Partoerstrjitte - in partoer is in team fan trije keatsers.
  • Pearelmoerflinter - pearelmoerflinter
  • Perkstrjitte - in perk is in keatsfjild.
  • Pieter Jelles Troelstrakade - Pieter Jelles Troelstra de Fryske politikus en skriuwer.
  • Pikesylstrjitte - de Pikesyl is in ferfallen wetterkearing. Neam nei de Pikemar yn Wymbritseradiel.
  • Pier Heemstrastrjitte - oare namme fan Grutte Pier fan Kimswert.
  • Pieter Sikkesstrjitte - Piter Sikkes, (Hylpen, 26 desimber 1878 - Snits, 21 septimber 1958 ), wie gemeentesekretaris fan Snits.
  • Pieter Sipmastrjitte - Pieter Sipma wie in ûnderwizer, learaar Nederlânsk oan de HBS fan Snits, filolooch en kenner fan it Frysk.
  • Pieter Zeemanstrjitte - Pieter Zeeman, (Zonnemaire, 1865- Amsterdam, 1943), wie in Nederlânsk fysikus dy't yn 1894 privaat-dosint te Leien waard, yn 1896 lektor, 1900 bûtengewoan heechlearaar en yn 1908 gewoan heechlearaar oan de universiteit fan Amsterdam. Hy ûntdekte yn 1896 de ynfloed fan in magnetysk fjild op de strieling, it Zeeman-effekt. Yn 1903 waard him, tegearre mei professor Lorentz, de Nobelpriis foar natuerkunde takend.
  • Pim Mulierstrjitte - Pim Mulier fierde yn de jierrren tachtich fan de 19e iuw it cricket en fuotbal yn Nederlân yn. Wie foarsitter fan it Nederlânsk fuotbalbûn en promoate de Alvestêdetocht en it keatsen. De strjitte leit yn it Skuttersfjild, dêr binne in soad sportaktiviteiten.
  • Pinksterblom - plantenamme pinksterblom
  • Pinningkrûd - plantenamme pinningkrûd
  • Piperstrjitte - nei de hannel yn piper, of nei in wurd foar wetterrin, fan de Nel.
  • Plevierepaad - Nederlânske namme foar wilster
  • Pottebakkersstrjitte - pottebakker as âld berop
  • Pottersylstrjitte - de Pottersyl is de syl by de famylje Potter, lei yn de Snitser binnenstêd.
  • Prins Hindrikkade - nei prins Hendrik, de man fan Wilhelmina.
  • Prins Mauritsstrjitte - Maurits fan Oranje, (14 novimber 156723 april 1625), Prins fan Oranje, Greve fan Nassau, steedhâlder en fan 1585 oant syn dea Kapitein-generaal fan it leger fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen.
  • Prinsengrêft - de grêfthuzen waarden boud troch oannimmer Prins.
  • Prinses Julianapark - nei prinses Juliana, de mem fan keningin Beatrix.
  • Priorstrjitte - ferwiist nei it Janiterkleaster by Snits, op it plak fan de algemiene begraafplak, yn de folksnamme it Hospitaal neamd.
  • Pripperstrjitte - in pripper is in leech opsleine keatsbal.
  • Professor Zernikestrjitte - Nederlânsk natuerkundige, heechlearaar yn de teoretyske natuerkunde yn Grins. Wichtichste wurk is de útfining fan de fasekontrastmikroskoop yn 1932. It grutte belang fan dizze fining is dat libbene organismen no mikroskopysk sjen wurde kinne en filme. De fining is beleanne mei de takenning fan de Nobelpriis foar natuerkunde yn 1953.

Q[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Quirijn de Blaustrjitte - Quirijn de Blau waard al op 12-jierrige leeftiid oanwiisd foar it sekretarisamt fan Snits, as opfolger fan Dr. A.J. Frieswijk dy't yn 1737 ferstoar. Dizze beneaming wie in typysk foarbyld fan de baantsjesjagerij yn de regintetiid. Quirijn de Blau waard letter Ried Ordinaris yn it Hof fan Fryslân.

R[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Reade Klaver - nei de plant Reade Klaver.
  • Reagerleane - fûgel reager
  • Reefpaad - in reef makket it seiloerflak lytser, by hurde wyn bg.
  • Reiddompleane - nei de wetterfûgel de reiddomp.
  • Reidgoars - nei de moskeftige de reidgoars
  • Reidskar - geografyske oantsjutting yn it gebiet fan de Wite en Swarte Brekken.
  • Reinbôgestrjitte - nei it type sylboat de Reinbôge.
  • Rezjimint Perthplein - nei it Kanadeeske Rezjiment Perth, dat Snits befrijd hat.
  • Rienck Bockemakade - Rienck Bockema.
  • Riepel -
  • Riperahimstrjitte - nei in him neamd
  • Roazestrjitte - roas as plantenamme
  • Roerstrjitte - skipsûnderdiel roer
  • Rommestrjitte - Mr. Carl Paul Maria Romme (*Oirschot, 21 desimber 1896waard yn 1937 minister fan sosjale saken. Nei de oarloch hie hy in grut oandiel yn de oprjochting fan de Katolike Folks Partij (KVP) en hat hy 15 jier foarsitter west fan de Twadde Keamerfraksje fan dy partij.

S[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Sakremintstrjitte - ferwiist nei it Janiterkleaster by Snits, op it plak fan de algemiene begraafplak, yn de folksnamme it Hospitaal neamd.
  • Sâltpoel - wetternamme de Sâltpoel by de Snitser Mar
  • Salverdastrjitte - Jan Cornelis Pieter Salverda (Boalsert, 1783 - Wûns, 1836 ) wie skoalmaster yn Tsjerkwert en Wûns. As romantysk dichter wie hy beynfloede troch Gysbert Japiks en Evinus Wassenbergh.
  • Sâneachje - flinter sâneachje
  • Schaepmanstrjitte - Mgr. Dr. Herman Johannes Aloysius Maria Schaepman (Tubbergen, 1844 - Rome, 1930) wie in roomsk katolyk lieder fan de Twadde Keamerfraksje fan de Katolike Steatspartij.
  • Scholeksterleane - Nederlânske namme foar strânljip
  • Schwartzenberghstrjitte - Georg Frederik baron thoe Schwartzenbergh en Hohenlandsberg (1733-1783 wie grytman fan Menameradiel, lid fan de Ried fan Steat en kurator fan de Frjentsjerter Hegeskoakle. Mei Nic. Tholen en J.F.M. Herbell wie hy útjouwer fan it Sjarterboek, in grutte folioútjefte yn seis dielen mei min ofte mear offisjele stikken út de Fryske skiednis.
  • Seilmakkersstrjitte - seilmakker as berop.
  • Seilstrjitte - in seil as ûnderdiel fan in sylboat
  • Seiskanter - seiskante mûne
  • Selfhelpwei - koöperative feriening Selfhelp liet destiids 54 huzen sette.
  • Sylroede - nei it wetter Alde Sylroede by Goaiingea. In sylroede is de tafiersleat fan in wettermûne.
  • Simmerdyk - Simmerdyk
  • Simmerdykleane - in simmerdyk joech allinnich beskerming tsjin de wetterstannen by't simmer
  • Simmermjitter - flintersoarte
  • Simonisstrjitte - Volkerus Simonis wie ein 15e iuw earst skoalfâd of rektor yn Snits, letter waard er boagemaster. Hy skreaun in boek yn it Latyn mei as titel 'Chronyk van Vriesland'.
  • Singel - westside hiet foar 1920 "Achterom" (fan it Grutsân), de eastside "Cingel".
  • Sint Antoniusplein - nei it Sint Antonius Sikehûs dat hjir stie oant 1994.
  • Sitroenflinter - nei de flintersoarte sitroenflinter
  • Sytsingawiersterleane - Ath Broersdochter Bonningha en har man Tsjomme Oenes Wiarda wienen rikelju. Hja stiften yn 1463 op harren besitting de Sytsingawier it Tertsiarissekleaster Oliifberch.
  • Sjarketoerstrjitte - faaks fan de jongesnamme Sjarke. Rint ta op de bocht yn de Rienck Bockemakade, as ûnderdiel fan de festingwurken stie hjir destiids de Sjarketoer.
  • Skerhimstrjitte -
  • Skernestrjitte - De westkant fan it Grutsân waard foar 1920 noch de Skern/Scharn neamd. It soe 'ôfslutene hoeke' betsjutte kinne mar betsjutte letter rûchskerne, dus dongbult. De Skernestrjitte wie dus in sydstrjitte fan De Skern.
  • Skerwâlderhimstrjitte - neamd nei in him.
  • Skiepmerkplein - hjir waard yn skiep hannele.
  • Skierstins - In stins is in fersterke aadlike wente. De ienige oerbleaune is de Skierstins yn Feanwâlden. De skiere muontsen fan in kleaster Klaarkamp groeven yn Feanwâlden turf en krigen de stins as úthôf.
  • Skoallestrjitte - Oant 1976 stie hjir de Legere Technyske Skoalle.
  • Skoustrjitte - it boatsje skou
  • Skuonlaper - flintersoarte
  • Skuonmakkersstrjitte - skuonmakker as âld berop
  • Slinke - ynsinking fan de boaiem
  • Slingerrak - wetternamme Slingerrak
  • Sloepstrjitte - skipstype sloep
  • Slufter -
  • Smidsbuert - nei in eardere buert by de Geaukade, dy't wer neamd wie nei in smidte dy't dêr stien hie.
  • Smidsstrjitte - smid as âld berop
  • Snecanusstrjitte - Gerbrandus Angelus Snecanus wie krúshear yn Snits. Fan 1473-1494 wie hy prior fan it Krúshearekleaster yn Hoarn. Letter waard hy Fikarus-Generaal fan de Krúshearoarder en op it lêst Magister-Generaal.
  • Snitserpaad - paad nei Snits
  • Sofiastrjitte - Sofia prinses fan Würtemberg ( 1839 - 1877 ) wie de frou fan Kening Willem III,.
  • Spikerboar - geografyske oantsjutting yn it gebiet fan de Wite en Swarte Brekken.
  • Spinnekop - De spinnekop is iet ienige type mole dat noch yn de omkriten fan Snits foar komt.
  • Spitaal - is in foarm fan Hospitaal.
  • St. Elisabethleane -
  • Stasjonsstrjitte - hjiroan stiet it stasjon fan Snits.
  • Steatebocht - wetternamme Steatebocht
  • Sternstrjitte - skipstype stern. Stern is de Nederlânske namme foar irns.
  • Stienhouwersstrjitte - stienhouwer as âld beropsammelplak fan stien en pún. De namme wurdt al neamd yn in âld prosesstik fan 1774.
  • Stikelflinter - flintersoarte stikelflinter
  • Stjerreroas - wylde plantenamme stjerrekroas
  • Stokfisksteech - nei it hûs oan de Eastredyk 'De Trije Stokfisken' yn de gevelstien.
  • Stortemelk - wetternamme Stortemelk
  • Strânljipleane - wetterfûgel strânljip
  • Stuw -
  • Súdein - De namme is yn de folksmûle feroare fan Zuyderend en Suierend nei Suurend.
  • Súdwesthoekewei - dyk út 1966 rjochting de Súdwesthoeke
  • Suffridusstrjitte - Sufffridus Petrus wie in skiedskriuwer dy't in protte skreaun hat oer de Fryske skiednis.
  • Sulverblêd - wylde plantesoarte sulverblêd
  • Suupmerk - of Suupmarkt - hjir waard sûpe (Stedsfrysk: suup) ferkocht. Yn de 17e iuw hiet de súdkant fan de Suupmerk Potstrjitte en de noardside Finkenburch, nei alle gedachten troch in fink yn ien fan de gevelstiennen.
  • Swannestrjitte - wetterfûgel swan
  • Swartewei - wie earder swart troch de koaleslakken as ferhurding
  • Swettekade - Swette betsjut grins en de Ljouwerter Trekfeart hiet eartiids Swette, as skeiding tusken Baarderadeel in Westergoa en Raarderhim, Idaarderadiel en Ljouwerteradiel y Eastergoa. De feart folge in part fan in âlde slinke yn de bedike Middelsee, in oar diel waard groeven foar ôfwettering. Nei de ferbreding fan de Swette wie hy geskikt foar de trekfeart tusken Snits en Ljouwert.
  • Swurdstrjitte - in swurd fan in sylboat

T[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Thomas Zandstrastrjitte - Thomas Zandstra
  • Thorbeckestrjitte - Johan Rudolph Thorbecke (Swol, 14 jannewaris 1798De Haach, 4 juny 1872)(1798 -1872), wie in Nederlânsk liberaal steatsman, heechlearaar steatsrjocht te Gint (1825) en Leien (1831)
  • Tieneblom -
  • Tinjittersstrjitte - tinjitter as âld berop.
  • Tomme - âlde lingtemaat, 2,5 sm.
  • Top - ferbastering fan ‘t Op neamd nei (‘t)Oppenhuzen.
  • 1e Toppenhústerdwersstrjitte - dwersstrjitte Toppenhústerwei
  • 2e Toppenhústerdwersstrjitte - dwersstrjitte Toppenhústerwei
  • Toppenhústerwei - de wei nei Toppenhuzen.
  • Touslaggersstrjitte - touslagger as âld berop
  • Trêd - lingtemaat fan 1 meter
  • Truffel - Mooglik in wat wider útrinnende stege yn de foarm fan in troffel.
  • Tsjasker - nei it Fryske mooltsje tsjasker.
  • Tsjalkstrjitte - soarte skûtsje
  • Tsjerkegrêft - nei de grifformearde Noardertsjerke.
  • Tsjerkhôfsleane -by it algemiene begraafplak.
  • De Tsjirk nei de fûgel tsjirk.
  • Tsjomme Wiardaleane - Tsjomme Oenes Wiarda en syn frou Ath Broersdochter Bonningha wienen rikelju. Se stiften yn 1463 op harren besitting de Sytsingawier it Tertsiarissekleaster Oliifberch.
  • Tsjotterstrjitte - nei de boat tsjotter.
  • Tulpstrjitte - plantenamme tulp
  • Tureluur - Nederlânske namme foar de fûgel tsjirk
  • Tuskendyk - slingert tusken de Himdyk en de Alde Himdyk troch.
  • Tûzenblêd - de plant tûzenblêd

U[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ubbo Emmiusstrjitte - Ubbo Emmius wie heechlearaar yn de Alde skiednis en it Gryksk oan de universiteit fan Grins.
  • Uiterwaard - klaaiheuvel of terp

V[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Voltastrjitte - Alessandro Conte di Volta (1745-1827). Italjaansk natuerkundige en ûntdekker fan de ferskynselen fan de dierlike elektrisiteit, dy't de oanlieding wie ta it ûntdekken fan de elektryske stroom.

W[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Wagenbrugge - In nei alle gedachten yn Snits lizzende brêge, by it hjoeddeiske Skiepmerkplein. Hjirtroch kaam Wymbritseradiel oan syn namme (Het Olde Waghenbrugge).
  • Wâldfeartkade- nei it wetter de Wâldfeart Besuden Snits leinen wâlden. It wienen gjin tichte bosken, mar mear gebieten mei boskjes en strewellen.
  • 1e Wâldstrjitte - nei de tichtby lizzende Wâldfeart.
  • 2e Wâldstrjitte - nei de tichtby lizzende Wâldfeart.
  • 3e Wâldstrjitte - nei de tichtby lizzende Wâldfeart.
  • Waling Dijkstrastrjitte - nei de Fryske folksskriuwer Waling Dykstra
  • Walstro - Nederlânske plantenamme foar slyt.
  • Wassenberghstrjitte - Everwinus Wassenbergh wie in heechlearaar dy't ek kolleezjes oer Gysbert Japicx joech.
  • Waterhoenstrjitte - Nederlânske namme foar de wetterfûgel Reidhintsje.
  • Wattstrjitte - James Watt (1736-1819) wie útfiner fan de stoommasine.
  • Weegbree - Nederlânske plantenamme foar weversblêd
  • Weinmakkersstrjitte - weinmakker as âld berop.
  • Westeriems - wetternamme Westeriems
  • Westersingel - 'singel' wiist op in plak om te kuierjen oan de stedsgrêft.
  • Westhimstrjitte - de Snitser wenwyk en it eardere doarp Westhim.
  • Wetterkers - plantenamme wetterkers
  • Wetterpoartsgrêft - de kade dy't útkomt by de Snitser Wetterpoarte.
  • Wetterskipsdyk - Oan dizze dyk stie in opslachloads fan it wetterskip Marne-Middelsee.
  • Wide Burchstrjitte - nei de stins Rodenburch fan Rienck Bockema.
  • Wide Noarderherne - nei de heakse bocht yn de Himdyk.
  • Wierde - oar wurd foar terp.
  • Wilgeroosje - Nederlânske namme foar tieneblom
  • Willem de Swijerstrjitte - Willem de Swijer bynamme fan Willem fan Oranje, (Dillenburch, 14 april 1533, Delft 10 july 1584); soan fan greve Willem fan Nassau-Dillenburch en Juliana fan Stolberch.
  • Willem Frearkstrjitte - Willem Freark fan Nassau-Dietz, koartwei Willem Freark ( Arnhim, 7 augustus 1613Ljouwert, 31 oktober 1664 ) wie fan 1640 oant 1654 greve en dêrnei oant 1664 foarst fan Nassau-Dietz en fan 1640 oant 1664 steedhâlder fan Fryslân, Grinslân en Drinte. Hy wie de opfolger fan syn âldere broer Hindrik Kasimir I.
  • Willem Loadewykstrjitte - Willem Loadewyk fan Nassau', Us Heit, (13 maart 1560, Dillenboarch - 13 july 1620, Ljouwert) wie greve fan Nassau en steedhâlder fan Fryslân en Grins. Yn Fryslân stiet hy bekend ûnder de bynamme Us Heit. Willem Loadewyk wie tagelyk kapitein-generaal fan it leger fan Fryslân en tegearre my prins Maurits fan Oranje oerbefelhawwer fan it Steatske Leger yn de striid tsjin de Spanjerts.
  • Willem Santemastrjitte - fersetsman Willem Santema fan 1939-1941 wie lid fan de gemeenterie fan Snits.
  • Willemstrjitte - Kening Willem III, ( 1849 - 1890 ) wie in soan fan Kening Willem II en Anna Paulowna, troude yn 1839 mei Sofia fan Wurtemberg en yn 1879 mei Emma fan Waldeck Pyrmont. Willem en Emma binne de âlden fan keninginne Wilhelmina.
  • Wynboerd - ûnderdiel fan de molewjuk, bedoeld om wyn te fangen.
  • Wynkannestrjitte - nei herberch "De Wynkanne".
  • Winsemiusstrjitte - Pier Winsemius (Ljouwert, 1586 - Frjentsjer, 1644) wie heechlearaar yn Frjentsjer yn Wolsprekkendheid en Skiednis. Wie ek histoarjeskriuwer fan Fryslân.
  • Worp Tjaardastrjitte - Worp Tjaarda (ek: Worp fan Thabor) wie prior fan it kleaster fan koarhearen by Turns. Waard benammen bekend om syn kronyk, dêr't er wiidweidich yn oer it begjin fan de 16e iuw skriuwt.
  • Wumkesstrjitte - Wumkes wie predikant en bibletekaris fan de Provinsjale Bibleteek fan Fryslân en mei-oprjochter fan it Kristlik Frysk Selskip.

Z[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Zadelmakersstrjitte - sealmakker as âld berop
  • Zwolsmanwei - De Zwolsmanfamylje wie in bekend geslacht fan skipsbouwers yn Warkum, Makkum en Drylts.
  • Zomermeter - flintersoarte
  • Zonnedauw - Nederlânske namme foar de wylde plant miggefangerke

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: