Wymbritseradiel (1851-1984)
Wymbritseradiel | |
---|---|
Doarpsgesicht fan Wâldsein. | |
flagge | wapen |
Wapen fan Wymbritseradiel | |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
sifers en geografy | |
haadplak | Snits (bûten de gemeente) |
grutste plak | Heech |
ynwennertal | 11.943 (1981)[1] |
befolkingstichtens | ±92 / km² |
oerflak | ±130 km² |
tal doarpen | 29 |
skiednis | |
oprjochte | 1851 |
oant 1851 | Gritenij Wymbritseradiel |
opheft | 1984 |
opgien yn | (nij) Wymbritseradiel |
no part fan | Súdwest-Fryslân |
oar | |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
- Dizze side giet oer de gemeente Wymbritseradiel fan 1851 oant 1984. Foar de gemeente Wymbritseradiel fan 1984 oant 2011, sjoch: Wymbritseradiel (1984-2011).
Wymbritseradiel (Nederlânsk en offisjeel: Wymbritseradeel, argaysk ek: Wijmbritseradeel) is in eardere gemeente yn 'e Súdwesthoeke fan Fryslân, dy't 29 doarpen omfieme, mar gjin haadplak hie mei't it gemeentehûs bûten de eigentlike gemeente yn 'e stêd (en gemeente) Snits fêstige wie. It âlde Wymbritseradiel hie op 1 jannewaris 1981 11.943 ynwenners,[1] en besloech in oerflak fan nei skatting rûchwei 130 km². It gie yn 1984 mei de gemeente Drylts en dielen fan oare buorgemeenten op yn 'e nije gemeente Wymbritseradiel.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente Wymbritseradiel lei yn 'e Fryske Súdwesthoeke en grinzge yn it noarden oan Baarderadiel en Hinnaarderadiel, yn it noardwesten oan Wûnseradiel en Boalsert, yn it westen wer oan Wûnseradiel, yn it súdwesten oan Warkum en Himmelumer Aldefurd, yn suden oan Gaasterlân, yn it súdeasten en easten oan Doanjewerstâl, yn it easten oan Utingeradiel en yn it noardeasten oan Raerderhim. Fierders omsleat Wymbritseradiel de gemeenten Drylts en Snits folslein. It âlde Wymbritseradiel hie yn totaal in oerflak fan nei skatting rûchwei 130 km².
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It âlde Wymbritseradiel omfette 29 doarpen:
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wymbritseradiel ûntstie út it lân Wymbrits. Trochdat de stêden selsstannich waarden en oan de súdkant ferskate gritenijen ôfspjalte wiene, krige it omtrint 1500 de foarm dy't Wymbritseradiel iuwenlang behold. As gritenij hearde Wymbritseradiel ta it kertier Westergoa.
Yn 'e Midsiuwen spilen de kleasters yn Wymbritseradiel in wichtige rol. Ferneamd waard benammen it Kleaster Thabor, ûnder Turns, dêr't Worp fan Thabor in kronyk byhold. Ek yn Skearnegoutum, Wâldsein en yn 'e omkriten fan Drylts en Snits ferfollen de kleaster in foaroansteand plak yn it maatskiplik libben. Under de striid tusken de Skieringers en de Fetkeapers kaam der yn Wymbritseradiel in soad striid en waarden ferskate doarpen troffen troch brân en plondering.[1]
Nei't Drylts en Snits har fan Wymbritseradiel losmakke hiene, ûntjoegen Heech en Wâldsein har ta wichtige sintra. Wâldsein waard in plak mei in protte hannel en yndustry, wylst yn Heech en ek op De Gaastmar de ielfiskerij de wichtichste ynkomsteboarne foarme.[1] It plattelân bleau sterk ôfhinklik fan 'e ôfwettering, dy't yn 'e njoggentjinde iuw sterk ferbettere waard.[1] Troch de ynfiering fan 'e Gemeentewet fan Thorbecke waard Wymbritseradiel, krekt as alle gritenijen yn Fryslân, yn 1851 omfoarme ta in gemeente.
By de gemeentlike weryndieling fan 1984 waard it âlde Wymbritseradiel opheft. Trije doarpen, Ysbrechtum, Offenwier en Loaiïngea, kamen by Snits, wylst de rest fan 'e gemeente mei Drylts, it doarp Greonterp (fan Wûnseradiel) en Kûfurderrige en omkriten (fan Doanjewerstâl) in nije gemeente foarme, dy't ek fan Wymbritseradiel kaam te hjitten.Oarspronklik hie it de bedoeling west dat ek de gemeente Snits yn 'e nije bestjoerlike ienheid opgean soe, mar ferheftige protesten yn 'e Wetterpoartestêd kamen dat foar. It gemeentehûs fan Wymbritseradiel, dat foartiid yn Snits stien hie, kaam yn 1986 yn Drylts te stean.
By in nije gemeentlike weryndieling, yn 2011, waard it (nije) Wymbritseradiel ek opheft en mei de gemeenten Boalsert, Nijefurd, Snits en Wûnseradiel gearfoege ta de nije fúzjegemeente Súdwest-Fryslân.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 1 jannewaris 1981 hie de gemeente Wymbritseradiel in befolking fan 11.943 minsken.[1] De befolkingstichtens bedroech doe likernôch 92 minsken de km². De befolkings sa oer de doarpen ferdield:
doarp | ynwenners |
---|---|
Heech | 1.801 |
Skearnegoutum | 1.405 |
Wâldsein | 1.171 |
Toppenhuzen | 909 |
Nijlân | 810 |
Aldegea | 733 |
Ysbrechtum | 665 |
De Hommerts | 573 |
Blauhûs | 513 |
Easthim | 459 |
Twellingea | 392 |
Jutryp | 333 |
Abbegea | 290 |
Folsgeare | 258 |
De Gaastmar | 264 |
Gau | 257 |
Goaiïngea | 255 |
Turns | 168 |
Wolsum | 153 |
Offenwier | 166 |
Westhim | 118 |
Ypekolsgea | 79 |
Yndyk | 63 |
Nijhuzum | 55 |
Loaiïngea | 36 |
Tsjalhuzum | 30 |
Idzegea | 28 |
Sânfurd | 28 |
Smelbrêge | 12 |
Op it mêd fan 'e godstsjinst wie yn 1971 51,2% fan 'e befolking fan Wymbritseradiel herfoarme, 24,2% grifformeard en 15,3% roomsk. Dy lêste groep wie fierhinne konsintrearre yn 'e roomske enklave Blauhûs. Fierders wiene der 7,0% ateïsten en agnosten.[1]
Wat de polityk oangie, wie it CDA yn Wymbritseradiel fierwei de grutste partij. By de ferkiezings foar de Provinsjale Steaten fan Fryslân fan 1978 krigen de CHU, ARP en KVP (dy't yn 1980 fúzjearje soene ta it CDA) mei-inoar 60,9% fan 'e stimmen; de PvdA 13,3%; de FNP 12,6%; de VVD 8,2%; en D66 2,5%.[2]
It wurkleasheidspersintaazje bedroech yn Wymbritseradiel yn 1981 foar manlju 8,3% en foar froulju 10,2%.[2]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- list fan grytmannen fan Wymbritseradiel
- list fan boargemasters fan Wymbritseradiel
- Wymbritseradiel (1984-2011)
- Súdwest-Fryslân
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
hjoeddeistige gemeenten | |
---|---|
eardere gemeenten | |
· · |