Kleaster Thabor

Ut Wikipedy
Kleaster Thabor

Kleaster Thabor wie in priorij fan Augustiner Koarhearen yn de Ysbrechtumerhim by Turns. It kleaster wie lid fan de kongregaasje fan Windesheim. Oarspronklik yn 1406 stifte as Albert troch haadling Rienck Bockema dy't sels yntrede. Rienck stamme út it laach Doedingha/Bockema. Syn frou Bott wie in Sickinga út Goaiïngea. Harren dochter Hisse boaske Agge Haringsma, waans neisiet him neamde Haringsma thoe Slooten, in namme dy't noch bestiet. Rienck socht en krige, al wie it mei in soad muoite, oansluting by de Oarder fan de Augustinen. Hy die yn 1410 professije yn syn eigen kleaster, mar waard om syn ferline, net as echte kleasterling opnomd. Rienck libbe nei syn "yntrede" noch 26 jier yn it kleaster. Hy ferstoar yn hege âldens yn 1436. Syn kleaster waard ôfbrutsen op 19 oktober 1572.

It kleaster wurdt ek neamd as Thaborkleaster, de Thaborwei en de Thabortille (dêrfoar Poptatille neamd). It kleaster waard boud op de terp Aboort (ek Aberth en Aebert). By de wijing krige it de bibelske namme T(h)abor, Thabor wie in berch yn Palestina, de namme tagelyk in anagram fan de âlde terpnamme.

Yn it kleaster is in soad oan skiedskriuwing dien. Der wurde in soad delsettingsnammen yn neamd, mar ek wurdt der in wichtich Aldfrysk rjochtshânskrift gearstald. Neist it wurk fan Henricus fan Gouda en wat lytser wurk fan kroniken binne fan belang:

  • Peter Jacobs fan Thabor, ek: Petrus Thaborita, in kronykskriuwer út it begjin fan de 16e iuw. Hy wie likebroer en bedreaun yn de lânmjitkunde. Bekend troch syn kronyk, wêryn in soad oer de eigen tiid. Utjûn yn Archief voor de Vaderlandsche en inzonderheid Vriesche Geschiedenis (troch Visser en Amersfoordt, 1824-1828).
  • Worp fan Thabor, ek: Worperus Thaborita, kronykskriuwer (Rinsumageast ?-Thabor, 1538). Prior en benammen bekend troch syn kronyk, wiidweidich oer it begjin fan de 16e iuw. Utjûn troch it Frysk Genoatskip (1847-1871)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: