Loaiïngea

Loaiïngea (offisjeel Nederlânsk: Loënga) is in terpdoarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, krekt noardeast fan de stêd. Oant 2011 lei Loaiïngea yn de eardere gemeente Snits. It is ien fan de doarpen fan de Snitser Fiifgea. Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke it diel út fan de gemeente Wymbritseradiel, krektas Ysbrechtum en Offenwier. It doarp hat likernôch 66 ynwenners (2005).
De himrik fan Loaiïngea rûn earder wol oan Goaiïngea en Skearnegoutum ta. It lei oer de Swette oant wêr't no de noardlike wiken fan Snits binne. Der wie doe ek in opfeart nei de Snitser Aldfeart.
Op it begraafplak stiet ek ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân, in ryksmonumint. De âlde klok út 1635 is troch de Dútsers meinomd en yn 1950 is der in nijen-ien foar yn de klokkestoel hong. Hjir stie al yn 1335 in tsjerke dy't wijd wie oan Sint Nikolaas. Hy waard om 1745 ôfbrutsen troch de minne steat fan it gebou.
De pleats Pasveer is nei in grutte brân yn 1939 yn Fryske styl wer opboud.
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- ds Sipke Huysmansleane - Dûmny Sipke Huysmans sette him yn foar it Frysk en wie ien fan de oprjochters fan it Kristlik Frysk Selskip. Op it hôf leit syn sark.
- Ivige Leane - dizze âlde lean is tige lang en rjocht
- Oerdyk - omdat er oan de oerkant fan de De Swette leit
- Pasfeardyk - De namme Pasveer komt op folle mear plakken foar. De waard nei alle gedachten in plak mei bedoeld dy't men op in bepaalde tiid - bygelyks fiif of tsien minuten - foar it sluten fan de stêdspoarte passeard wêze moast om noch op 'e tiid yn de stêd te kommen. De pleats 'Pasveer'leit sawat fiif minuten rinnen fan it ein fan de Easterdy yn Snits, dêr't eartiids de Easterpoarte stie.
- Sint Martensdyk - nei biskop Martinus fan Tours (316 - 397) oan wa't in soad tsjerken wijd binne.