Springe nei ynhâld

Reahûs

Ut Wikipedy
Reahûs
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Súdwest Fryslân
Sifers
Ynwennertal 195 (2022) [1]
Oerflak 4,44 km²
lân: 4,35 km²
wetter: 0,09 km²
Befolkingsticht. 49 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 04' N 5° 38' E
Offisjele webside
reahus.nl
Kaart
Reahûs (Fryslân)
Reahûs

Reahûs is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It leit oan de Frjentsjerter Feart tusken Skearnegoutum en Easterein. Yn it doarpsgebiet leit ek de buorskip Hoekens.

Oant 1956 wie Reahûs in útbuorren fan Easterein. Easterein, Itens, Hidaard en Lytsewierrum leinen oarspronklik op in eilân. Oertallich wetter fan it eilân waard û.o. lost by de Sânleanstersyl. Yn de 12e iuw slike de Middelsee stadichoan ticht. It doarp is ûntstien oan de Slachtedyk, in âlde seewarring fan it Middelseegebiet.

Sint-Martinustsjerke

De skiednis fan Reahûs is nau ferbûn oan de tsjerke. Yn 1580 mocht pastoar Dominicus net langer foargean yn de tsjerke fan Easterein, hy krige in lyts pensjoentsje en gie nei de Pôle by Sânlean, dêr't in pear pleatsen stienen en dêr't er temûk trochpreke. Lang net eltsenien woe protestant wurde en de roomske tsjerke dûkte ûnder. Op de pleats Slippens (de earste skûltsjerke) en letter yn it 'Blauwe Huys' fan Bongastate (de twadde skûltsjerke) waarden om 1650 yllegale missen hâlden troch minsken dy't trou bleauwen oan it roomske leauwe. Troch it isolemint en omdat it net opfoel waard dat troch de fingers sjoen.

Yn 1709 ferhûze kapelaan Ignatius Cramers fan it hûs mei it blauwe dak (= Bongastate), dêr't doe de katolike Eastereinders gearkamen, nei de Alde Pôlle by Sânlean. Dêr waard de tredde skûltsjerke boud mei in read dak om dúdlik te meitsjen dat it dien wie mei de tsjinsten yn it 'Blauwe Huys'. Cramers wurdt dêrom ek beskôge as de stifter fan Reahûs.

De fjirde skûltsjerke waard yn 1762 ûnder pastoar Van Rijswijk boud, dat tsjerkje waard letter wat fergrutte. Doe't Ten Bokum as pastoar tsjinne waard yn 1883 besluten om hjoeddeiske tsjerke te bouwen by de Slachtedyk.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Reahûs diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel, dat doe mei de gemeente Baarderadiel opgie yn de nije gemeente Littenseradiel. Op 1 jannewaris 2018 waard Littenseradiel opdield en kaam Reahûs yn de gemeente Súdwest-Fryslân te lizzen.

Doarpsbelang jout it krantsje Bochtwurk út. It doarpshûs hjit 'It Readhûs'. Fierder binne de tsjerke, it kafee en de skoalle foar it doarpslibben tige wichtich.

Sint-Bonifatiusskoalle

It doarp hat in roomske skoalle, de Sint-Bonifatiusskoalle. Op de skoalle (43 learlingen yn 2022) komme ek bern út oare doarpen.

De roomske Martinustsjerke is wijd oan Sint-Martinus.

  • Toanielferiening
  • Iisklub
  • Dartklub
  • Keatsferiening Reahûs-Turns
  • Fûgelwacht De Fjouwer Doarpen
  • Jeu de boules
  • Sint-Sesiliakoar
  • Kommisje Simmerfeesten
  • Covos - follybal
  • Wynmûnekommisje
  • It Rak (Reahûster Aktiviteiten Kommisje)
  • Frysk damjen
  • Folleybal

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1959 1964 1969 1974 2004 2022
Ynwenners 234 217 197 168 180 195
  • West fan Reahûs by in wiel stiet in healrûne sirkel as neitins oan in dyktrochbrek. Dat keunstwurk 'Oase is makke troch Marga Houtman.
Slypsterwei

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje
  1. Alle Cijfers