Iens

Ut Wikipedy
Iens
Flagge fan Iens Wapen fan Iens
Flagge Wapen
Lokaasje fan Iens
Gemeente Súdwest-Fryslân
Ynwennertal (2009) 43
Webstee Webstee Spannum/Iens

Iens is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, noardeast fan Wommels. It doarp hat likernôch 50 ynwenners (2004) en leit ticht by Spannum. Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Iens diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel. Neidat it doarp sûnt 1984 yn de nij foarme gemeente Littenseradiel lei, kaam it nei in gemeentlike weryndieling yn 2018 by de gemeente Súdwest-Fryslân. Yn 1991 waard de namme Edens offisjeel feroare yn Iens. De bern geane nei skoalle De Tarissing yn Spannum.

It doarp leit mids pleatsen yn de Greidhoeke. Yn de buorren, in beskerme doarpsgesicht, steane twa pleatsen. De measte ynwenners wurkje bûten it doarp. Fan oarsprong lei it oan in dearinnende dyk, letter is in fytspaad oanlein lâns de Boalserter Feart. Iens wurdt al sûnt it begjin fan de jiertelling bewenne. De karakteristike tsjerke komt foar in part út de 13e iuw. It tsjerkje hat grêfsarken út de 16e iuw. Der stie hjir oait in stins dy't bewenne waard troch de famylje Fan Burmania. Yn de tsjerke hinget in rouboerd mei it wapen fan dizze famylje.

By it doarp stiet de De Ienzermole, in lytse poldermole út 1847 dy't by grutte wetteroerlêst as helpgemaal ynsetten wurdt. Ten súdwesten fan Iwens stiet oan de oare kant fan de Boalserter trekfeart in om 1925 hinne boude Amerikaanske wynmotor.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ienzers wurde wol Swannepopels neamd
  • By Iens stiet ek de Sinteklazepleats.
  • Fan Iens nei Boalsert rint in fytspaad: It Fersepaad. Op plakettes steane fersen fan Fryske skriuwers.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Popelhûs is it doarpshûs dat simmerdeis ferhierd wurdt. Alle jierren wurdt in doarpsfeest holden.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bûten de Kom, Hegenserleane, Van Burmaniawei.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Plakken yn de gemeente Súdwest-Fryslân
Flagge fan de gemeente Súdwest-Fryslân
Stêden: BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum

Doarpen en útbuorrens: AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns

Buorskippen: AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)LippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren