Springe nei ynhâld

Lytsewierrum

Ut Wikipedy
Lytsewierrum
Emblemen
               
Bestjoer
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Súdwest Fryslân
Sifers
Ynwennertal60 (2022) [1]
Oerflak3,37 km²
lân: 3,35 km²
wetter: 0,02 km²
Befolkingsticht.18 ynw./km²
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 05' N 5° 39' E
Offisjele webside
De4doarpen.nl
Kaart
Lytsewierrum (Fryslân)
Lytsewierrum

Lytsewierrum is in terpdoarp yn it suden fan 'e gemeente Súdwest-Fryslân. Oant en mei 1955 wie it doarp Rien in buorskip fan Lytsewierrum. Under Lytsewierrum falt ek de buorskip Greate Wierrum. Lytsewierrum hat in beskerme doarpsgesicht.

It doarp ûntstie op in terp op 'e eastlike ein fan it gebiet fan Easterein, dat in skoft in eilân wie. It doarp ûnstie op en om dy terp, mar de terp sels is net mear te sjen.

Mooglik wiist de namme nei it feit dat it ien fan 'e lytse terpen om Easterein hinne wie. It diel 'Lutke' tsjut op lyts. Se wolle ek wol ha dat Lytsewierrum him mei de namme ûnderskiedt fan Greate Wierrum. Lytsewierrum waard lykwols earder neamt as Greate Wierrum: yn 1381 foar it earst as 'Liticawerum'. Oare nammen fan Lytsewierrum wiene 'Lytthya Werum' (1427), 'Luttikewerum' (1482), 'Lutke Werum' (1496), 'Luttekewerum' (1505), 'Kleijne Wierum' (1511), 'Luttelwierum' (16e iuw). Greate Wierrum waard foar it earst yn 1529 neamd.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Lytsewierrum diel út fan 'e gemeente Hinnaarderadiel. Dêrnei kaam it yn 1984 by de nij foarme gemeente Littenseradiel. Nei in gemeentlike weryndieling kaam it doarp yn 2018 by de gemeente Súdwest-Fryslân.

Gertrudistsjerke
Sjoch: Gertrudistsjerke (Lytsewierrum) foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

Lytsewierrum hat is in goed bewarre let-goatyske tsjerke. Hoewol't de toer oarspronklik fan âldere datum (1557) is as de tsjerke, is dy troch lettere fernijingen dochs minder autentyk. Op 'e sealtektoer stiet in "Sint-Marten" op in hynder, alhoewol't de tsjerke wijd is oan de hillige Gertrudis en net oan Sint-Marten. Oan it troch tsjerke en tsjerkhôf foarme rûne sintrum lizze in pear hiemen op in dúdlike ôfstân fan it sirkelfoarmige tsjerkepaad.

Pastorij

Eastlik fan 'e tsjerke stiet de eklektyske pastorij út 1880.

Likernôch in kilometer súdlik fan it doarp oan 'e Legedyk stiet yn 'e buorskip Greate Wierum in yn 1921 boude Amerikaanske wynmotor. De Herkulesmûne is in ryksmonumint.

Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum foarmje tegearre de fjouwer doarpen (De 4 Doarpen). Hja hawwe in mienskiplik doarpsbelang, in mienskiplike doarpskrante en ek de ferienings binne mienskiplik. It doarpshûs stiet yn Itens en hjit 'De Lytse Fjouwere'.

Hegedyk
  • Protestantske streekgemeente 'De Slachsang' (webstee)
  • Basisskoalle De Romte (webstee) yn Itens
  • Aktiviteitenkommisje 'De Romte'
  • Biljertferiening 'De Kromme Keu'
  • Dartclub 'De Fjouwer Flaaijers'
  • Filmclub
  • Fûgelwacht 'De Fjouwer Doarpen'
  • Iisklub 'Eensgezind'
  • Kaartklub 'De Fjouwerkaart'
  • Keatsferiening Itens e.o.
  • Toanielferiening
Buorren

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier1954*1959196419691974200420092022
Ynwenners325*1131099688607160

* ynklusyf Rien

De busline troch Lytsewierrum wurdt fersoarge troch Qbuzz. De folgjende line rydt troch Lytsewierrum:

Buorren, De Heide, Greate Wierum, Hegedyk, Ivigeleane, Molmawei, Nijlânsdyk, Slachtedyk, Tsjerkeleane.

  • Yn 'e âlde pastorij mei de namme Bûtenskinkerij sit no keunstneresse Teresa Takes.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAltenaAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenBrânburrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEambuorrenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoarstersylFallingabuorrenFeytebuorrenFiifhûsFilensFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenYmswâldeYndyk (Boazum)Yndyk (Parregea)IngwertIngwierYsgumYtsumJethJonkershuzenJousterpJouswertKathuzumDe KampenDe KatKathuzumKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenLonjéMakkum (Boazum)MeilahuzenMonebuorrenMontsamabuorrenMountsjewierMûntsebuorrenDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesyl't NoardOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSylsterbuorrenSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)'t SouSpearsSpykIt StrânSwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumer KettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje