Links op de eftergrûn de tsjerke
Easthim (Nederlânsk en offisjeel: Oosthem ) is in Frysk doarp yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân , west fan Drylts . Foarôfgeande oan 'e gemeentlike weryndieling fan 2011 lei Easthim yn 'e (nije) gemeente Wymbritseradiel (1984-2011) , wylst it foar de weryndieling fan 1984 diel útmakke fan it âlde âlde Wymbritseradiel . It doarp hie yn 2011 in ôfnimmend oantal fan krapoan 420 ynwenners. De buorskip Nijesyl wurdt ek foar in part ta Easthim rekkene, wylst it oare diel by Drylts heart. De namme fan Easthim ferwiist nei in him , in ynpoldere stik lân .
It yn 1989 opknapte Himsterhûs is it doarpshûs. Yn 1983 kaam der in nije basisskoalle, 'East Kime'. Der is in Frysktalich pjutteboartersplak, 'De Himsterhummels'. Alle moannen ferskynt it doarpskrantsje "Kontakt".
Oan it Hernepaad stiet galery Oosthem.
Alde Skatting -
De Cingel -
De Himmen -
Draaisterhuzen - buorskip Draaisterhuzen
Hernepaad -
Nessenwei -
Nijesyl -
Parallelwei -
Pikedyk -
Pytsjepôle -
Skerdyk -
Skerwâld -
Sylspaad -
Ald-Rien -
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
T.E. van Popta - Waar eens de Johanneskerk stond (1995)
E. Hekman - Van Houtkooperschen, Scheepsbouwers en Boeren , (Drylsts, Nijesyl en Easthim yn ferfleine jierren) (2000)