Springe nei ynhâld

De Bieren

Ut Wikipedy
De Bieren
Bestjoer
gemeente Súdwest-Fryslân
himrik Waaksens
Sifers
Ynwennertal35
Oar
Koördinaten53° 6' NB, 5° 33' EL
Kaart
De Bieren (Súdwest-Fryslân)
De Bieren

De Bieren is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De Bieren leit besuden Waaksens oan de Pealdyk. De buorskip bestiet út in pear pleatsen en in wenhûs.

De buorskip foel oarspronklik ûnder Burchwert en waard yn 1543 neamd as De Bieren. Ien fan de pleatsen waard oanhelle as Bierster guedt. De namme soe de meartalsfoarm wêze fan it Aldfryske wurd bêre, dat hûs of skuorre betsjut.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Gildemacher, Karel F. (2007). Friese plaatsnamen: alle steden, dorpen en gehuchten. Ljouwert, Friese Pers/Noordboek.