Gau

Gau (Nederlânsk en offisjeel: Gauw) is in doarp yn 'e Lege Midden fan Fryslân, yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân. It leit sa'n 5 km noardeastlik fan Snits, yn de De Legeaën; in lânstreek fan doarpen noardlik fan de Snitser Mar. Foar de gemeentlike weryndieling fan 2011 hearde Gau ta de gemeente Wymbritseradiel, en foar de weryndieling fan 1984 makke it diel út fan it âlde Wymbritseradiel (1851-1984). Yn 2006 hie it doarp 366 ynwenners en yn 2021 340. Histoarysk wie Gau ien fan 'e doarpen fan 'e Snitser Fiifgea.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De namme 'Gau' hat neat te krijen mei de faasje fan 'e ynwenners, mar is in gearlûking fan it Aldfryske Clegawe, dat sokssawat betsjut as 'feart dêr't it fee bylâns ferfierd wurdt'. De earste bewenningspoaren komme út de 3e iuw, mar it doarp wurdt foar it earst neamd yn 1256. Foarhinne wie it foaral in boeredoarp, mar tsjintwurdich hat in grut part fan de bewenners it wurk earne oars.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ein 2007 is it doarpshûs Us Gebou fan Gau nei in opknapbeurt feestlik op 'en nij iepene. Yn 1983 krige it doarp in nij skoalgebou foar Kristlike Basisskoalle 'De Twatine'. Om't der te min learlingen kamen, moast dy skoalle yn 2018 fúzjearje mei de basisskoallen fan 'e buordoarpen Sibrandabuorren en Tersoal. De nije Mienskipsskoalle De Legeaën kaam yn Sibrandabuorren te stean. Oant de nijbou klear wie (begjin 2020), bleau de skoalle yn Gau iepen. Foar sporten giet men meast nei de sporthal 'it Mingeltsje' en it sportfjild yn Sibrandabuorren of nei it keatsfjild yn Goaiïngea.
De 'Nacht fan Gau' wie earder op de earste dei fan de boufakfakânsje, mar no op de tredde sneon fan septimber. It waard opset om it doarpshûs te rêden, mar is no útgroeid ta in evenemint dêr't de opbringsten fan nei de klubs en ferienings geane.
In bekende Gauster wie Sibbeltsje Gjaltema. Ut har legaat krigen de earmsten eartiids fan de diakonij yn de doarpen Gau, Goaiïngea en Offenwier om de kryst hinne acht pûn gersbûter en in krintebôle taparte. Har byld stiet der noch en yn de tsjerketoer is har grêfstien ynmitsele.
Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boeijengastrjitte, De Clegauwe, De Eker, De Kamp, De Skalter, Tsjemlân.
Boeken oer Gau[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Doarpsbelang - "Gauw, bij Sneek" (1995), útjûn troch Doarpsbelang by it 75-jierrich bestean
- Hessel Fluitman - "Trouw naar Gauw" (1996) by it 50-jierrich bestean fan de skaakclub "De Lege Geaen"
- Gerrit Jellema - "Herinneringen uit Gauw - dorp in de Legean" (1984)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|