Jitze Pieter van Dijk

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Jitze Pieter van Dijk (Gau, 16 novimber 1922 - Achlum, 15 april 1945 wie in Fryske fersetsstrider. Hy ferlear oan de ein fan de Twadde Wrâldoarloch it libben yn in fjoergefjocht.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Dijk waard berne as fjirde fan njoggen bern yn in boerehúshâlding. Op it stuit dat de Twadde Wrâldoarloch útbruts wenne de húshâlding yn it Hitsum. Syn broer Yzne ferstoar yn augustus 1944 yn Kamp Ommen oan kielkanker. Hy siet dêr om't er fertocht waard fan swarthannel.

Jitze Pieter van Dijk wie de driuwende krêft efter it ferset yn Westerhitsum. Op syn inisjatyf waarden op de pleats fan syn âlden de wapens fan de knokploech-Frjentsjer fan Folkert de Jong ferstoppe. Fierder sieten ferskate ûnderdûkers dêr ferskûle. Van Dijk helle boppedat al syn bruorren oer om har oan te sluten by de Binnenlandse Strijdkrachten.

Oan de ein fan de oarloch siet Van Dijk ûnderdûkt yn Dearsum. Yn april 1945 tsjennen de Kanadezen fluch op troch de noardlike provinsjes. Ut Ljouwert wei krigen de Binnenlânske Striidkrêften yn Frjentsjer de opdracht om in ôftocht fan de Dútsers rjochting Harns foar te kommen. Van Dijk siet yn ien fan de trije groepen dy't dêr foar soargje moasten. By Achlum lei dy groep in mûklaach. Sy oerfoelen in Dútske kolonne. Oan de kant fan de Dútsers foelen tsien slachtoffers. Van Dijk waard lykwols ek deadlik rekke.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Jacob Stelwagen (2008). Bommen op Saakstra's brug: Oorlog en bevrijding in Noordwest-Friesland. Ljouwert: Friese Pers Boekerij, s.206-211