Binnenlânske Striidkrêften

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
In lid fan de BS presintearret gewear (in stengun), april 1945, Enschede
Poster, de Binnenlânske Striidkrêften groetsje de soldaten fan 'e bûnsgenoaten (1945)

De Binnenlânske Striidkrêften (BS) (offisjeel: Nederlandse Binnenlandse Strijdkrachten) wie in op 5 septimber 1944 oprjochte bondeling fan selstannige fersetgroepen dy't oan doe ta hast net gearwurken. De Binnenlânske Striidkrêften kaam fuort út de trije wichtichste fersetsgroepen: de Ordedienst (OD), de Lanlike Knokploegen (LKP) en de Raad van Verzet (RVV).

Oant 1944 wurken de fersetsgroepen selsstannich ûnder superfyzje fan it Buro Bysûndere Opdrachten fan de regearing yn Londen. Doe't sy geafoege waarden ta de BS waard Prins Bernhard befelhawwer fan de BS, alhoewol't er yn Londen tahâlde. Kommandant fan de BS yn beset Nederlân waard kolonel Henri Koot dy't yn Amsterdam siet.

Yn it iere begjin fan de organisaasje wiene der noch gjin 10.000 BS'ers. De BS wie ek min bewapene. Letter waard dat better troch Alliearde wapendroppings.

De BS waard oprjochte nei it foarbyld fan de Frânske Forces françaises de l'intérieur. Keninginne Wilhelmina wie der in grut foarstanner fan. De BS wie ferdield yn Rezjimint Stjittroepen Prins Bernhard en Beweitsingstroepen. Yn it noch bestte part fan Nederlân waarden de Stjittroepen oantsjut mei 'Strijdend Gedeelte (SG) der BS'. De manlju fan de Stjittroepen moasten út it wapene ferset komme. De Beweitsingstroepen wiene frijwilligers om op den dag der bevrijding en daarna orde en rust te handhaven c.q. te herstellen. Sy soene earst by de befrijing de strjitte op gean.

De BS waard ek opgericht om de wapene fersetsbeweging yn'e hân te hâlden, fral doe't dy in protte wapens krigen. De BS moast him oan alderlei regels hâlde. Sa mochten se harren pas as leger, as BS, oppenearje at de befelhawwer (prins Bernhard) it sein dêrta joech. De bondeling fan de trije wapene groepen betsjutte net, dat dy fuortendaliks yn de nije organisaasje opgiene. De ûnderlinge ferskillen wiene dêrfoar ek te grut.

De BS hie blauwe overalls as unifoarm[1].

De Dútsers en de Alliearden hiene net folle op'e rekken fan de BS. De BS ferwachten dat se "skouder oan skouder" mei de Alliearden "de moffen ynmeitsje soene". De Alliearden sleaten op 4 maaie 1945 lykwols in wapenstilstân mei de Dútskers yn West-Nederlân, ûnder betingst dat allinne Alliearden de Dútskers ûntwapenje soene, dat de BS net. Mei dy oeriemkomst wei de BS oerstallich rekke. De Alliearden ferbeane de BS om mei wapens op strjitte te kommen mei't sy benaud wiene dat anargy útbrekke soe en BS'ers Dútsers lynche soene.[2] De BS hold him net oan dat ferbod en dat hat, neffens ûndersikers, ûnder oare laat ta sjittterij sa as dy op 7 maaie op de Dam yn Amsterdam.

Underskiedingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Betinkingsynsynje

It Betinkingsynsynje Binnenlânske Stiidkrêften 1944-1945 waard nei de oarloch fan Prins Bernhard fan de Nederlannen ynsteld.

De ûnorganisearre of spontaan organisearre BS hat tal fan fertsjinstlike taken útfierd en as befelhawwer fan de BS waard Prins Bernhard, sa at dat de befelhawwer fan in legerkorps dat wint takomt, ta Kommandeur yn de Militêre Willems-Oarder beneamd. Foar de manskippen fan de BS wie der gjin dekoraasje of sichtber earbetoan. Sy kamem net yn de beneaming foar it Mobilisaasje-Oarlochskrús of it Oarlochsbetinkingskrús. It Fersetsbetinkingskrús waard earst yn 1980 ynsteld.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. http://hetverhalenarchief.nl/bevrijding/de-bureaulade-van-mijn-vader - https://www.flickr.com/photos/44666563@N04/7071343645/
  2. http://www.uitgeverij-fosfor.nl/longread/vrolijke-zwarte-maandag