Stengun

Ut Wikipedy
Stengun Mk VI
Stengun Mk II

De Stengun (yn 't koart Sten) wie in rige Britske 9 mm pistoalmitrailleurs, wêrfan't de earste yn 1941 yntrodusearre waard. Sokke wapens waarden yn de Twadde Wrâldkriich en de Koreaanske kriich in protte brûkt troch de striidmacht fan it Feriene keninkryk en it Britske Mienebest. It wie in ienfâldich ûntwerp en de produksjekosten wienen realtyf leech. De namme STEN is in akronym dat ôflaat is fan de nammen fan de wichtichste ûntwerpers, majoar Reginald Shepherd en Harold Turpin, kombinearre mei de letters EN fan "ENfield", it festigingsplak fan de Royal Small Arms Factory (RSAF) yn Enfield Lock yn Londen. Yn de jierren '40 binne der sa'n fjouwer miljoen fan makke.

STEN Mk.II STEN Mk.IIS STEN Mk.III STEN Mk.V
Kaliber 9 x 19 mm 9 x 19 mm 9 x 19 mm 9 x 19 mm
Gewicht (leech) 3,26 kg 3,48 kg 3,18 kg 3,86 kg
Langte 895 mm 900 mm 762 mm 762 mm
Langte loop 196 mm 90 mm 196 mm 196 mm
Skotten/min. 550 450 550 600
Magazyn 32 patroanen 32 32 32
Sjitberik 150–200 m 50–100 m 150–200 m 150–200 m