Enfield (Londen)
Enfield | ||
Enfield yn grut Londen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Greefskip | Grut-Londen | |
Regio | Grut-Londen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | ↑294.900 (2010) | |
Oerflak | 82,20 km² | |
Befolkingsticht. | 3587,6/ km² | |
Oar | ||
Tiidsône | GMT | |
Simmertiid | BST (UTC+1) | |
Offisjele webside | ||
www.enfield.gov.uk |
Enfield is in Ingelsk distrikt yn it greefskip Grut-Londen en hie 273.559 ynwenners yn 2001.
Fan de befolking is 13,8% âlder as 65 jier. De wurkleazens beslacht 4,1% fan de beropsbevolking (sifers folkstelling 2001).
Ut de skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Enfield wie in lyts merkstedsje yn de county Middlesex oan de râne fan in grut bosk, likernôch in dei reizgjen fan doetiidsk Londen ôf. Meidat Londen hieltyd grutter waard, waard Enfield Town mei omkriten in foarstêd fan Londen mei goede ferbinings nei it sintrum fan dy stêd. It hjoeddeiske distrikt ûntstie yn 1965.
Nei de oermastering fan Ingelân troch de Normandjers, waard Enfield, en it oanswettende Edmonton, neamd yn it Domesday Book. Beide plakken hienen doe tsjerken; Enfield hie doe 400 ynwenners en Edmonton hie 300. Enfield hie doe ek in "parc". Dat grutte bosk makke Enfield in plak fan belang, omdat dêr yn de midsiuwen in soad in jage waard troch begoedige Londners. Earst kamen dy lju om te jeijen en letter setten sy der ek huzen. Yn 1303 krige it plak merkrjocht fan kening Edward I fan Ingelân. In merk wurdt der noch alle wiken hâlden.
Yndustry
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Enfield is faaks it meast bekend troch har skiednis fan wapenyndustry. It Lee-Enfield .303 gewear, standertgewear yn it Britske leger oant 1957, waard dêr makke. Oare ferneamde fjoerwapen dy't dêr makke waarden binne de Brengun en de Stengun — yn beide gefallen slach it "en" yn de namme op 'En'field.
Wiken yn distrikt Enfield
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Berne yn enfield
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Enfield (Londen) fan Wikimedia Commons. |