Amy Winehouse

Ut Wikipedy
Amy Winehouse
sjonger en/of muzikant
Amy Winehouse
Amy Winehouse
persoanlike bysûnderheden
echte namme Amy Jade Winehouse
nasjonaliteit Britsk
berne 14 septimber 1983
berteplak Enfield
stoarn 23 july 2011
stjerplak Londen
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
sjenre R&B,
soul,
jazz
sjongtaal Ingelsk
grutste hit(s) Rehab
jierren aktyf 2003 - 2011
Amy Winehouse mei Zalon en Heshima Thompson en har band

Amy Jade Winehouse (Enfield, Londen, 14 septimber 1983- 23 july 2011) wie in Britske sjongster, bekend om reden fan har krêftige alt en har eklektyske mjuks fan muzyksjentes sa as R&B, soul en jazz.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Amy Winehouse is grut wurden yn in Joadske húshâlding. Har debútalbum út 2003, Frank, krige goede kritiken yn it Feriene Keninkryk en dêrbûten en waard nominearre foar de Mercury Prize. Har folgjende album út 2006, Back to Black, smiet leafst seis Grammy Award-nominaasjes op, dêr't sy fiif fan ek wûn; it makke Winehouse de earste Britske sjonger dy't fiif Grammys wûn,[1][2] dêrfan trije fan de saneamde "Grutte Fjouwer": 'Beste Nije Artyst', 'Plaat fan it Jier' en 'Song fan it Jier'. Op 14 febrewaris 2007 wûn sy in BRIT Award foar Bêste Britsk Frouljus Artyst; ek waard sy neamd foar Bêst Britsk Album. Sy wûn de Ivor Novellopriis trije kear, ien yn 2004 foar Best Contemporary Song (muzyk en tekst) foar it nûmer "Stronger Than Me", ien yn 2007 as Best Contemporary Song foar "Rehab" en ien yn 2008 foar Best Song Musically and Lyrically foar "Love Is a Losing Game", mar de list mei prestizjeuze ûnderskiedings is noch langer. It album wie de treds bêst ferkeapjend plaat fan de jierren tsien yn it Feriene keninkryk.[3]

Winehouse har muzyk wurdt beskôge as fan grutte ynfloed op de opgong fan de populariteit soulmuzyk en frouljusmuzikanten en ek hat har wurk de Britske muzyk nij libben ynblaasd. Winehouse har ûnderskiedende styl makke har ek ta in muze foar moadeûntwerpers sa as Karl Lagerfeld. Winehouse har problemen mei drugferslaving- en alkohol misbrûk, en har selsferneatigjende hâlden en dragen wie geregeldwei grut nijs foar de roddelparse fan 2007 ôf oant har dea. Fierders waarden sy en har eks-man, Blake Fielder-Civil, pleage troch rjochtsaken en soks, wat him sels yn de finzenis brocht. Yn 2008 hie Winehouse te meitsjen mei mear as ien sûnensprobleem, dy't sawol har karriêre as har libben bedrige.[4][5]

Winehouse waard dea fûn op 23 july 2011 yn har hûs yn Noard-Londen;[6] De autopsy dy't op 25 july 2011 op har lichem útfierd waard, hat gjin deadsoarsaak opsmiten. Amy Winehouse waard op 26 july 2011 kremearre. Op 26 oktober waard buorkundich makke dat oanfoljend toksikologysk ûndersyk bliken dien hat dat Winehouse oan it alkoholfergiftiging stoarn is. Amy har âlden hawwe yn har namme in stifting opsetten mei it doel drugsferslaafden te helpen, de Amy Winehouse Foundation.

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2003: Frank
  • 2006: Back to Black
postúm
  • 2011: Lioness: hidden treasures

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Op de MTV Video Music Awards, dy't op 9 septimber 2007 yn Las Vegas hâlden waarden, wie hja nominearre yn 3 kategoryen: Bêste Froulike Artyst fan it Jier, Bêste Nije Artyst en Fideo fan it Jier, nammentlik foar it nûmer Rehab.
  • 10 febrewaris 2008 - fiif Grammy Awards :
    • Opname fan it Jier - "Rehab"
    • Bêste liet fan it Jier - "Rehab"
    • Bêste Nije Artyst
    • Bêste Froulike Pop Stim Optreden - "Rehab"
    • Bêste Pop Stim Album - Back to Black

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Yes, America, Amy Winehouse Is a Star. BBC Worldwide America. 11 febrewaris 2008. Rieplachte 12 febrewaris 2008.
  2. Winehouse, Alex (13 February 2008). "Amy Winehouse's brother on her return to form". The Times.
  3. James Blunt records the biggest selling album of decade, BBC News, 29 desimber 2009
  4. Singer Winehouse 'has emphysema'. BBC, 23 juny 2008
  5. Spokeswoman: Amy Winehouse doesn't have emphysema Associated Press, 23 juny 2008
  6. BBC News website 23 July 2011: Obituary: Amy Winehouse sjoen 2011-07-23
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Amy Winehouse fan Wikimedia Commons.