Ingelsen

Ut Wikipedy

De Ingelsen of Ingelsken binne de bewenners fan Ingelân, it grutste lân yn it Feriene Keninkryk en stamje ôf fan it ferskaat oan folken dy't harren eartiids dêrnei ta wenjen setten hawwe. It folk is in gearstalling fan Kelten (Noard-westen) en Germaanske folken as de Jutten, Saksen, Friezen en Angelen. Utsein de ûngefear 49.2 miljoen Ingelsen dy't meast by de Anglikaanske steatstsjerke hearre, wenne yn in hiel Grut-Brittanje ek noch 2,4 miljoen ymmigranten, meast ôfkomstich út de Mienebestlannen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om-ende-by 500 f.Kr. ferskine de Kelten yn it tsjintwurdige Ingelân. Hja wurde healwei de 1e iuw troch de Romeinen ferslein dy't fan it eilân in Romeinske provinsje meitsje. Nei 400 arrivearren de Germaanske folken dy't it eastlik part stadichoan oermasteren op de meast Keltyske befolking en ferdreaunen har nei de úthoeken fan it lân as Kornwall, Wales en Skotlân. Ek fûn assimilaasje plak tusken efterbliuwers en oermasterders. Yn lettere iuwen hawwe ek noch grutte kloften Germaanske Wytsingen har yn Ingelân fêstige en om 1000 hinne kamen de Normandjers derby. Al dizze ynvaazjes hawwe ta gefolch hân dat it Ingelske folk in protte ferskillende foarâlden hawwe. Ut resintlik genetysk ûndersyk docht bliken dat de moderne Ingelsman gruttendiels Germaansk is, mar dat de Keltyske ynbring ek behoarlik is.