Lanlike Knokploegen

Ut Wikipedy

Lanlike Knokploegen of LKP wie yn de Twadde Wrâldkriich in Nederlânske fersetsorganisaasje dy't oprjochte waard fan de Lanlike Organisaasje foar Help oan Underdûkers (LO). Dy ûnderdûkers hiene grut ferlet fan allerhanne foarsjennings, lykas persoansbewizen en bonkaarten, dy't hja op eigen namme fansels net krije koene. Om dêr foar te soargjen wiene hjir en dêr al selsstannige knokploegen aktyf, dy't harren bút almeast ferparten ûnder eigen efterban.

Doe't de ûnderdrukking fan de Dútske besetter aloan grutter waard en de gefolgen fan de April-maaiestaking har fiele lieten waard it ferlet fluch grutter. Dêrom besleat de LO-lieding op 14 augustus 1943 ta it oprjochtsjen fan eigen Knokploegen en it bondeljen fan de besteande groepen. De leden Hilbert van Dijk en Izaak van der Horst (beide fan Kampen) waarden dêrmei belêstige, mei de oanfierder fan de Westlânske Knokploech Leendert Valstar en de beropsmilitêr Liepke Scheepstra fan Ljussens dy't ûnderdûkt wie. Letter waarden Theodorus Dobbe en Johannes Post oan de lanlike lieding taheakke. Valstar bereizge it westen fan it lân en Scheepstra die it easten; dêrneist laten hja gereldwei operaasjes mei harren eigen Knokploech.

In jier nei de oprjochting wiene sa'n 600 fersetsminsken aktyf yn LKP-ferbân, ferienige yn tsientallen knokploegen. Sa slagge it de LKP om in min ofte mear regelmjiitige oanfier fan bonkaarten te fersekerjen foar de oan de LO tabetroude ûnderdûkers. Ek foar persoansbewizen waarden soms oerfallen dien, mar it grutstepart dêrfan krige men troch ferfalskjen (ûnder oare troch de Persoansbewizesintrale fan Gerrit van der Veen). De LO hie ek har eigen falsifikaasjesintrums.

De LKP wie ek dwaande mei oare aktiviteiten: it bútmeisjen fan wapens de befrijding fan arrestearre meistriders, sabotaazje en it likwidearjen fan ferrieders. De ynfiering ier yn 1944 fan de twadde distribúsjestamkaart sa't it hjitte, soarge foar nije swierrichheden; dy kaart wie nedich om fiedselbonnen brûke te kinne en moast in kontrôlesegel hawwe, oars roan men fuortendaliks tsjin 'e lampe. By de Tilburgse zegeltjeskraak op 25 jannewaris 1944 waarden goed 100.000 segels ferovere om dêrnei oer de kanalen fan de Undergrûnske distributearre te wurden.

It wurk fan de LKP wist de regearing yn Londen sa goed as neat fan. It slagge de lieding net en meistje ferbining mei de Ingelske spionaazjetsjinst. Sadwaande wie de LO/LKP alhiel op himsels oanwiisd.

Doe't de ein fan de oarloch yn sicht kaam, risselwearre men op aktyf meidwaan oan de te ferwachtsjen ynvaazje middels sabotaazje fan ferbinings, it spoar en sa. In soad LKP'ers soe dat lykwols net mear meimeitsje. Yn de rin fan de oarloch waarden tsientallen KP-leden oppakt en fusillearre, sa ek it grutstepart fan de lanlike lieding. Fan de KP-top oerlibbe allinne Liepke Scheepstra de kriich.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dr. L. de Jong: Het Koninkrijk der Nederlanden in de Tweede Wereldoorlog