Springe nei ynhâld

Achlum

Ut Wikipedy
Achlum
Noarderbuorren
Noarderbuorren
Emblemen
               
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal 595 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 7,62 km², wêrfan:
- 7,56 km² lân
- 0,06 km² wetter
Befolkingsticht. 77 ynw./km²
Oar
Koördinaten 53° 08' N 5° 28' E
Offisjele webside
Side fan Achlum
Kaart
Achlum (Waadhoeke)
Achlum

Achlum is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Achlum leit noardlik fan Arum, súdeastlik fan Harns en súdwestlik fan Hitsum. De doarpskearn leit benoarden en besuden de Achlumer Feart, rûn de Gertrudistsjerke.

De buorskippen Ieslumbuorren, Ludum, Gelterp, Dearsum en Sopsum hearre ek by Achlum.

Op 1 jannewaris 2023 hie Achlum 595 ynwenners.

It doarp waard Achlum yn 1319 'Echtlum' neamd, yn 1400 'Achlim' en yn 1418 'Achtlum'. Net dúdlik is wat de namme betjut, mar oannommen wurdt dat dy tsjut op it wurd 'hiem' en de persoansnamme Achtele.

De terp fan Achlum waard mooglik al yn de 4e of 5e iuw bewenne. Mei't de befolking him mear it lân yn werom loek, sakke it tal ynwenners. Letter waarden de rânen op 'e nij befolke en dêrnei bleau de 4,8 meter hege terp bliuwend bewenne.[2] It doarp hat in tsjerke út it begjin fan de 12e iuw, dy't op it heechste punt fan de terp stiet.

Noardlik fan it plak dêr't de terp lei rint de Slachtedyk, dy't it gebiet tsjin de Middelsee beskermje moast. Fanút it easten wei rint de Slachtedyk oer Achlum em dêrnei fierder nei it noarden. De Achlumer terp waard yn 1860 foar in grut part ôfgroeven; yn 1893 folge noch in stik fan de terp noardlik fan de tsjerke.

Gertrudistsjerke

Yn de midsiuwen stie noardlik fan de tsjerke op de terphelling in kleaster, dat mei kleaster Lúntsjerk ferbûn wie. Wannear't it kleaster stifte waard is net bekend, mar nei't Lúntsjerk yn 1517 sletten waard, ferhûze de prior fan Lúntsjerk nei Achlum en foel it kleasterbesit fan Lúntsjerk Achlum ta. Sa groeide it oansjen fan it kleaster fan Achlum en it kleaster bleau oant noch twa jier foar de ynfiering fan de reformaasje aktyf. Ut de ferslaggen oer de lânhieren en rinten dy't Deputearre Steaten troch de ûnteigening fan de kleasters yn 1590 opmakken, docht bliken dat it kleaster fan Achlum mei de kleasters fan Turns en Hartwert op it stuit fan de reformaasje ta de trije grutste kleasters fan Westergoa hearde. De lêste abt wie Tsjomme fan Mantgum en it kleaster waard yn 1578 ferlitten, doe't de muontsen ferhûzen nei it Burgumer kleaster.[3]

Poartegebou Grut Dearsum

Oarspronklik foel ek de pleats fan Grut Dearsum noardlik fan de doarpsbebouwing ûnder it kleasterbesit. De namme Grut Dearsum waard yn 1644 foar it earst fermeld doe't Michiel Jacobs de mei in stiennen hûs fersterke pleats oankocht en in nije poarte sette liet as tagong ta it mei in grêft omfieme stik grûn. De state waard yn 1784 ôfbrutsen en ferfongen troch in pleats, wêrfan it foarein noch jimmeroan bestiet. Ek it yn 1951 restaurearre poartegebou út 1658 bleau bewarre.

Sûnt 1888 hie yn Achlum ek in eigen molkfabryk. It Achlumer suvelfabryk wie ien fan de seis fabriken dy't yn 1898 de Frico oprjochte. De fúzjeweach fan suvelfabriken yn de jierren 1960 gie oan Achlum foarby, mar lang om let hold it Achlumer molkfabryk it ek net mear fol en yn 1971 waard it fabryk sletten. De produksje waard mei it wurkfolk oerbrocht nei it fabryk fan Tsjom, dy't oernommen wie troch "De goede Verwachting" yn Warkum mar in jiermannich letter ek sletten waard.[4]

Sûnt 2018 leit Achlum yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it yn de gemeente (nij) Frjentsjerteradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Frjentsjerteradiel (sudertrimdiel).

Konvinsje fan Achlum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tinkstien foar Ulbe Piers Draisma op de súdmuorre fan de tsjerke fan Achlum, pleatst ta gelegenheid fan de Konvinsje fan Achlum

Om te fieren dat ien fan de foarrinners fan fersekeringsmaatskippij Achmea, de Onderlinge Waarborgmaatschappij Achlum, twahûndert jier lyn troch Ulbe Piers Draisma yn Achlum oprjochte waard, organisearre de fersekerder op 28 maaie 2011 de Konvinsje fan Achlum. Alderhanne ferneamde sprekkers kamen nei Achlum, ûnder oaren Bill Clinton, âld-presidint fan de Feriene Steaten. De bewenners fan it doarp waarden ek by de festiviteiten behelle. Sa waarden der net alinnich lêzings holden yn grutte tinten, mar ek yn húskeamers fan bewenners fan Achlum. De lêzings giene oer pensjoen, feiligens, wurkpartisipaasje, soarch en mobiliteit. Neist de lêzings waarden der demonstraasjes holden fan bygelyks it keatsen en wie der muzyk fan û.o. it Frysk Jeugd Orkest en Ernst Langhout.

It doarpshûs hjit ”De Singel” en it doarpskrantsje “Op ’e hichte”. Noardwestlik op it plak fan it eardere suvelfabrik grinzget oan de doarpsbebouwing in lytsskalich bedriuweterrein. Achlum hie oant 2007 in Spar-supermerk. It ACA is de ôfkoarting fan 'Activiteiten Comité Achlum'. Tradisjoneel wurde Achlumers foar fjoerskiters útskolden.[5]

Eardere grifformearde tsjerke
De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Achlum.

De PKN-gemeente Achlum-Hitsum makket hjoed-de-dei gebrûk fan de twa eardere herfoarme tsjerken fan de doarpen. It neogoatyske grifformearde tsjerkegebou oan de Muontsewei waard yn 2002 foar it lêst brûkt en is dêrnei ferboud as wente.[6]

Yn 2014 binne de iepenbiere en protestantsk-kristlike basisskoalle gearfoege ta It Iepen Finster. Njonken ûnderwiis is der ek berneopfang in in pjutteboartersplak. It doarp ûnderhâld in freonskipsbân mei de stêd Jeji yn Gana.[7]

Ludingawei
Tanjabuorren

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1954 1959 1964 1969 1973 1999 2000 2001 2002
Ynwenners 889 881 824 796 738 652 668 679 674
Jier 2003 2004 2005 2008 2009 2013 2022
Ynwenners 664 666 663 652 635 621 585
Eardere sneinsskoalle

Berne yn Achlum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kleasterpleats
  • De monumintale romaanske Gertrudistsjerke út de 12e iuw is boud fan dowestien en hat in byldhoude iken preekstoel. De toer is yn de 15e iuw boud en krige yn 1789 in houten bekroaning.
  • Njonken de tsjerke stiet de 18e iuwske kop-romppleats, ek bekend as de Kleasterpleats.
  • Oan de Hitsumerdyk stiet de yn 2007 restaurearre Achlumer Mole.
  • Fan Grut Dearsum bleau it poartegebou út 1658 oer. De pleats is fan jongere datum.
Achlumer mole
  • Oan de Tanjabuorren stiet in sletten rige 19e-iuwske wenten.

Wetterferbining

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch de Achlumer Feart is Achlum nei it easten ta ferbûn mei de Arumer Feart en nei it noarden mei it Van Harinxmakanaal.

Strjitten yn Achlum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle strjitten yn Achlum.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
De Waadhoeke
Stêd:
Frjentsjer
Doarpen en útbuorrens:
AchlumAldebiltsylBaaiumBerltsumBitgumBitgummoleBlessumBoerBoksumDeinumDoanjumDronrypEasterbierrumFroubuorrenFurdgumHitsumHjerbeamIngelumKleaster-LidlumMarsumMenaamMinnertsgeaNij AltenaPeinsPitersbierrumRieSeisbierrumSint-AnneSint-JabikSkalsumSkingen SlappeterpSpannumSweinsTsjomTsjummearumDe WesthoekWierWinsumWjelsryp
Buorskippen:
AlsertBarrumDe BeintenBessebuorrenBonkwertBuerstermûne (foar in part)DearsumDykshoekeDyksterhuzenDoaiumErkensFâltumFjouwerhûsDe FlearenIt FlietFranjumbuorrenGetswertersylGlinsHearema't HeechhoutHemmemabuorrenIt HoarslânHolprypHouten BaaiumDe KampenKeimpetilleKieKystersylKoehoalKoümDe KreakeDe KrokLeakwertLankumLytselollumMeamertMiedumMolswertNijebiltsylDe OasthoekRitsumabuorrenRitsumasylRoptasylSalvertSânhuzenSitlumSkyldumSopsumStêd-NiksSwaarderbuorrenSwarte HarneSwettehoarneTeatlumTolsumTritsumTsjeppenbûrIt WarWeakensDe Westerein
· · Berjocht bewurkje