Springe nei ynhâld

Ernst Langhout

Ut Wikipedy
Ernst Langhout
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ernst Langhout
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 16 maaie 1956
berteplak Ljouwert
stoarn 16 septimber 2024
stjerplak Gau
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjenre Folk
Rock
sjongtaal Frysk & Ingelsk
grutste hit(s) Rûzjend Yn 'e Wyn
jierren aktyf Jierren 80 - No

Ernst Langhout (Ljouwert, 16 maaie 1956 - Gau, 16 septimber 2024) [1], wie in Fryske muzikant. Hy wie folksmuzikant, mar makke yn it begjin fan de 80-er jierren in útstapke nei de New Wave mei de band The Visitor.

Langhout groeide op yn Aldtsjerk, mar fêstige him dêrnei yn Ysbrechtum.

Mids 70-er jierren liet Langhout foar it earst fan him hearre mei de akoestyske folkgroep Haggis dêr't hy mei toerde yn Skotlân. Neidat Haggis yn 1978 opdoekt wie, rjochte Langhout de new wave-band The Nighttime Visitor op dy't yn 1981 fierder gie as The Visitor, dêr't er in tal platen mei makke.

Doe't ein jierren 80 The Visitor opdoekt waard, lei Langhout him wer ta op folkmuzyk. Ut de tiid fan The Visitor bleaune lykwols wat kontakten oer út East Europa en hy soe dêr ferskate Fryske bands, wêrûnder Weekend at Waikiki oan optredens helpe. It duorre oant 1990 ear't syn earste solo-album "Songs" mei in soad Keltyske ynfloeden, útkaam.

Nei ferskate optredens yn it bûtenlân kaam yn 1992 syn twadde folkalbum, ûnder de namme "The Eye Of The Cyclone", út.

Yn 1996 waard mei de groep Big Tree de cd "Handful Of Illusions útbrocht. In stylfolle moeting tusken metal en folk.

De gearwurking mei Big Tree yn kombinaasje mei de folkgroep The Hones levere Ernst Langhout syn earste frysktalige cd "Nea Foar Altyd" op. De moaie Fryske bewurking fan Dylan's "All Along The Watchtower" foel dêrop op. Yn 1997 ferskynde Langhout syn twadde frysktalige cd, "Frysk & Frij".

Yn 1998 makke Langhout mei The Hones de cd "Parties, Battles And Tragedys", in miks fan folk- en rockmuzyk. Yn dat selde jier makke Langhout tegearre mei skriuwer en byldzjend keunstner Wilco Berga de cd "Sjonger en Dichter". Wilco Berga en Ernst Langhout hawwe ûnder deselfde namme ferskate optredens fersoarge, ûnder oaren op it Oerol Festival fan 1999.

Yn 2004 en 2005 ferskynden respektyflik Dylan yn it Frysk en Dylan yn in Frysk II. Op beide cd's spile Langhout, mei Johan Keus, klassikers fan Bob Dylan, dy't foar it grutste part yn it Frysk oerset wiene troch skriuwer/dichter Harmen Wind. Oan it ferskinen fan beide cd's waard in teätertoernee keppele.

Yn febrewaris 2023 baarnde sy pleats yn Gau oant de grûn ta ôf. Al syn besittingen mei emosjonele wearde giene doe ferlern: syn gitaren, songteksten, foto's fan syn toernees en platen. Hy krige stipe fan alle kanten en er kaam in benefytfestival dêr't ek âlde muzykfreonen fan Weekend at Waikiki spilen. [2]

Langhout stoar oan maachkanker yn de âldens fan 68 jier yn syn wenplak Gau.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Veelzijdig muzikant en poptroubadour Ernst Langhout (68) overleden. Omrop Fryslân, 16 septimber 2024
  2. Muzikant Ernst Langhout overleden. Frysk Deiblêd, s. 7, 18 septimber 2024