Springe nei ynhâld

Weekend at Waikiki

Ut Wikipedy
Weekend at Waikiki
band
Weekend at Waikiki (Patronaat, 1988)
Weekend at Waikiki (Patronaat, 1988)
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Pop,
Rock
bestean 1983 - No
webside weekendatwaikiki.nl
âld-leden Harry Raggers (toetsen)
Boelie Winter (drums)
Junkie XL (drums)&(gitaar)
Jelke Haisma (perkusje)
Howard Clements (drums)
Eelco Engelsma (gitaar)
Joris Vos (toetsen)
leden
Sang Thijs Helfrich
Toetsen & Sang Henk Gubbels
Gitaar Han Raggers
Gitaar Gert-Jan Veenstra
Bas Jan Dijksma
Drums Andre Gubbels

Weekend at Waikiki is in fan oarsprong Fryske band.

De band begûn yn 1983 as in freoneklup yn it Fryske Wolvegea. De bandleden giene studearjen yn Grins en wennen yn dy perioade mei-inoar yn de ferfallen Villa Volonté. Ynspirearre troch bands as Talking Heads, Devo, Frank Zappa en David Bowie spilen se mear as tsien jier yn sealen troch hiel Nederlân.

Waikiki wie ien fan de earste westerske bands dy 't wiidweidich begûn te toeren yn it eardere Eastblok. Yn 1988 gie de band nei Poalen en yn 1989 nei de Sovjet Uny, dêr't se ûnder oare yn Sint-Petersburg (Ruslân) en Tallinn (Estlân) spilen. Yn 1990 foeren se trije wiken oer de doe bot fersmoarge Wolga. Yn it ramt fan Rock for Clear Water waard der spile yn alle wichtige stêden. De VARA brocht de toernee yn byld.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: