Springe nei ynhâld

Sint-Petersburch

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sint-Petersburg)
Sint Petersburch
Санкт-Петербург
loftsboppe: Ingelske Kaai mei de Izaäk-katedraal; rjochtsboppe: Petrus- en Paulusfesting midden: Paleisplein midslofts: Winterpaleis; midsrjochts: Peterhof ûnder: Nevski Prospekt by nacht
loftsboppe: Ingelske Kaai mei de Izaäk-katedraal; rjochtsboppe: Petrus- en Paulusfesting

midden: Paleisplein midslofts: Winterpaleis; midsrjochts: Peterhof ûnder: Nevski Prospekt by nacht

Bestjoer
Lân Ruslân
Federaal distrikt Noardwest
Sifers
Ynwennertal 4.848.700 (2010)
Oerflak 1439 km²
Befolkingsticht. 3.369,49 / km²
Hichte 3 m
Oar
Stifting 27 maaie 1703
Tiidsône UTC+3
Simmertiid UTC+4
Offisjele webside
Offisjele webside
Lizzing Sint-Petersburch yn Ruslân

Sint-Petersburch (Russysk: Санкт-Петербург, Sankt-Peterboerg) is de twadwichtichste stêd fan Ruslân nei Moskou. It is in havenstêd dêr't in soad yndustry is, mar it is ek in wichtich wittenskiplik en kultureel sintrum. Beskiedend is de 18e en 19e-iuwske boukeunst; de grêften, grutte lange diken, tunen, parken en paleizen binne foar toeristen tige nijsgjirrich.

De rivier de Neva mûnet yn de Finske Golf. De stêd leit yn it deltagebiet fan dy rivier. De stêd is boud op 42 eilannen. Heechwetter is in gefaar foar de stêd omdat de stêd net sa heech boppe seenivo boud is.

Der wenje likernôch 5 miljoen minsken. Al yn it ferline hawwe in soad minsken út it westen har nei wenjen set yn Sint-Petersburch. Yn 2009 wie 89,1 % fan de ynwenners etnyske Russen. Dêrby komme 2,1 % Joaden, 1,9 % Oekraïners, 1,9 % Wyt-Russen en lytsere mienskippen fan Tataren, Kaukazen, Oezbeken en Finnen.

Befolkingsûntjouwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Grafyk: Untjouwing ynwennertal (ynklusyf it part fan de stêdekloft dat bestjoerlik by de stêd heart)
        jier         ynwennertal
1725 75.000
1750 150.000
1800 300.000
1846 336.000
1852 485.000
1858 520.100
1864 539.100
1867 667.000
1873 842.900
1881 876.600
1886 928.600
1891 1.035.400
1897 1.264.900
1901 1.439.400
jier ynwennertal
1908 1.678.000
1910 1.962.000
1915 2.318.600
1920 722.000
1926 1.616.100
1936 2.739.800
1939 3.191.300
1944 2.559.000
15 jannewaris 1959 2.888.000
15 jannewaris 1970 3.512.974
17 jannewaris 1979 4.072.528
12 jannewaris 1989 4.460.424
9 oktober 2002 4.159.635
1 jannewaris 2005 4.039.751

Sint-Petersburch hat in seehaven, in fleanfjild (Пулково Poelkovo) en farwetter nei de Wolga/Baltyske steaten. Yn de stêd ryd sûnt 1955 in metro. Sûnt 2008 leit der in 115 km lange ringdyk om de stêd hinne.

Der is in protte yndustry, lykas stielyndustry, gemy, skepebou en masinebou. Der is in grutte autoyndustry. Bedriuwen út it bûtenlân binne Wrigley, Gillette, Rothmans, Unilever, Japan Tobacco en Coca-Cola. De bierbrouwerij Baltika hat hast in miljard euro omset (yn 2005). Baltika is de grutste bierbrouwerij yn Ruslân en East-Jeropa, en de twadgrutste fan Jeropa nei Heineken. Dútslân is op ekonomysk mêd tige fan belang foar Sint-Petersburch.

De Russyske Akademy fan Wittenskippen sit yn de stêd en der binne ûndersyksynstituten by de roes, fierders binne der trije universiteiten, dêr't de Steatsuniversiteit fan Sint-Petersburch de âldste fan is, en in konservatoarium.

Der binne sa'n 120 museums, bygelyks de Hermitaazje en it Russysk Museum. Der binne 50 teaters, sa as it Mariinskiteater. It Eastersk-Ortodokse Alexander Nevski-kleaster is ien fan de wichtichste bouwurken yn de stêd. Neffens UNESCO sit Sint-Petersburch yn de top tsien fan reisdoelen fan de wrâld.

Dielgebieten fan Ruslân
Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
· · Berjocht bewurkje