David Bowie

Ut Wikipedy
Bowie by de Heathen Tour yn 2002

David Bowie, berne as David Robert Jones (Brixton, 8 jannewaris 1947 - Manhattan New York, 10 jannewaris 2016) wie in Britske muzikant, komponist en akteur. Hy wurdt beskôge as ien fan de rockmuzikanten mei de measte ynfloed fan de jierren sechtich ôf oant no ta. Fan David Bowie binne mear as 140 miljoen albums ferkocht. Hy hat ek gearwurke mei in tal oare artysten sa as John Lennon, Lou Reed, Iggy Pop, Queen, Mick Jagger en Tina Turner. Troch syn ferskate, wikseljende imagoos waard hy ek wol in muzikale kameleon neamd.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bowie by de Glass Spider-toer fan 1987

David Bowie makke syn earste album yn 1967, mar hy krige pas bekendheid mei de single “Space Odity” yn 1969, wat goed oanheakke by de earste lâning op de moanne, yn july fan dat jier. It waard in ynternasjonale hit. Syn twadde album, dat ek "Space Odity” neamd waard, bestiet foaral út akkoestyske, folky, somtiden wat dreamerige muzyk, yn tsjinstelling mei syn tredde album “The Man Who Sold the World” (1970) dat foar in grut part bestiet út rockmuzyk. De titelsong waard letter ek song troch Nirvana, de Ingelske sjongeres Lulu en in tal oaren. It wie foar it earst dat der in foto fan David Bowie op de platehoes stie mei in lange jurk oan, letter soe dat in skoft lang in skaaimerk fan him wurde.

Syn folgjende album “Hunky Dory” út 1971 is in stik rêstiger, mei foaral piano en akkoestyske gitaar. Bekende nûmers fan dat album binne “Changes”, “Oh you pretty things” en “Life on Mars?”. David Bowie stie bekend om syn eksentrike ferskining. Hy droech faak lange jurken en make-up wannear’t er op it poadium stie, mar mei it album “The Rise and Fall of Ziggy Stardust” lei er noch folle mear de klam op syn androgyne ferskining en syn bi-seksualiteit. Dat album giet oer de alien Ziggy Stardust dy’t in boardskip oerbringe moat, dat de ierde binnen fiif jier ferwoaste wurde sil. Op dit konseptalbum stean nûmers as “Starman”, “Ziggy Stardust” en “Sufragette City”. De muzyk fan dit album docht wol tinken oan “Hunky Dory” mar is wat mear hurde rock. Yn dy perioade holp er syn freonen Lou Reed (“Transformer”) en Mott the Hoople (“All the young dudes” ) mei harren nije albums. Letter die er dat ek foar Iggy Pop (“Lust for Live”).

Op it album “Alladin Sane” gong Bowie troch op it muzikale paed dat er ynslein wie mei “The rise and fall of Ziggy Stardust”. Op de plaat steane efter de titel Alladin Sane de jiertallen (1913-1938-197?-). David Bowie woe dêrmei oanjaan dat neffens him nei de Earste- en Twadde Wrâldoarloch no WO III in oantocht wêze soe. It folgjende album “Pin Ups” wie eins in frjemde ein yn it bit, want it bestie folslein út covers fan lietsjes dy’t datearje út de jierren sechstich, fan bands as Them, Pink Floyd, The Easybeats en The Who.

David Bowie yn Oslo yn 1978

Mei it album “Diamond Doggs”sloech er diels in nije rjochting yn. Der stiet sawol rock (“Rebel Rebel”) as mear soul- en diskomuzyk sa as “1984” op dat album. Op “Young Americans” gong er fierder mei in mingeling fan funk, soul en disco dêr ‘t je goed op dûnsje koenen. It wie in grutte feroaring, sawol wat syn muzyk as syn persoanlikheid oanbelange. Hy klaaide him meastentiids yn in kreas kleurich pak, dat paste by de disko. It nûmer “Fame” fan dat album hat er tegearre opnaam mei John Lennon.

Op “Station to Station” ferskynde er op it toaniel as de koele, ôfhâldende arystokraat “The Tin White Duke” Op dy plaat stie wer funk en disko, mar ek in soad elektronyske muzyk. Fan 1976 oant 1978 wenne er yn Berlyn, om ‘t er dêr fan syn kokaine ferslaving ôfkomme woe en om ‘t er nochal ûnder de yndruk wie fan de Dútske eksperimintele elektroanyske muzyk, dat ek wol “krautrock” neamd waard. Hy makke dêr trije albums, “Low” en “Heroes” beide út 1977 en “Lodger” út 1979.

Yn 1980 ferskynde syn album “Scary Monsters (and Super Creeps)” dêr’t noch wol in soad elektroanyske en eksperimentele muzyk op stie, mar dat dochs wat lichter wie as de trije dy ‘t dêrfoar ferskynd waarden, mei de nûmers “Ashes to Ashes” en “Fashion”. De single “Under Pressure” dy ‘t er mei de band Queen opnaam, waard in grut sukses. Dat wie ek it gefal mei de singles “China Girl”, “Let’s dance” en “Modern love” dy’t alle trije fan it album “Let’s Dance”(1983) kamen. Dit album wie produsearre troch Nile Rogers (fan de diskoband Chic). Mei it folgjende album “Tonight” hie Bowie minder sukses, mar in live útfiering fan de titelsong mei Tina Turner sloech wol oan, yn tsjinstelling ta it album “Never Let me Down” dat foar it earst yn jierren gjin sukses opsmiet. Om de sinnen te fersetten foarme er yn 1988 in nije band Tin Machine, wêrmei ‘t er twa studioalbums makke. Yn 1992 troude er mei it Afrikaanske model Iman Abdulmajid. Dat wie syn twadde houlik want hy hie earder troud west mei Mary Angela Barnett (better bekend als Angie Bowie). It nije album “Black Tie White Noise” begjint en einigt mei it beierjen fan (houliks)klokken.

De folgjende albums “Outside” (1995) en “Earthing” (1997) besteane foar in grut part út nuveraardige lûden dy’t de sang begeliede. De trije albums dy’t rûn de ieuwikseling útkamen, “Hours”(1999), “Heathen” (2002) en “Reality” (2003) dogge alle trije nochal tinken oan de poppy muzyk fan “Honky Dory”, hoewol’t de begelieding dochs wol steviger is en der ek mear nijmoadriger elektroanyske toetsynstruminten meispylje. It soe tsien jier duorje ea’t der wer in nij album fan David Bowie ferskine soe “The Next Day”, produsearre troch Tony Visconty dy’t yn de rin fan de jierren al folle faker mei Bowie gearwurke hie.

David Bowie wie net alinne bekend as muzikant, mar ek as akteur. Hy spile ûnder oaren mei yn de films “The Man who Fell to Earth”, "Just a Gigolo”, "Merry Christmas Mr. Lawrence” en “Absolute Beginners”.

Op acht jannewaris 2016 (syn njoggenensechtichste jierdei) is syn lêste album “Blackstar” útbrocht. Twa dagen letter, op tsien jannewaris, is er ferstoan. Der wienen mar in pear minsken dy’t wisten dat er slim siik wie. Syn dea kaam dan ek foar de measte minsken folslein ûnferwachts. It is net dúdlik oft David Bowie syn ferstjerren sels regisearre hat.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Solo[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • David Bowie (1967)
  • David Bowie (Space Oddity) (1969)
  • The Man Who Sold the World (1970)
  • Hunky Dory (1971)
  • The Rise and Fall of Ziggy Stardust and the Spiders from Mars (1972)
  • Aladdin Sane (1973)
  • Pin Ups (1973)
  • Diamond Dogs (1974)
  • Young Americans (1975)
  • Station to Station (1976)
  • Low (1977)
  • Heroes (1977)
  • Lodger (1979)
  • Scary Monsters (and Super Creeps) (1980)
  • Let’s Dance (1983)
  • Tonight (1984)
  • Never Let Me Down (1987)
  • Black Tie White Noise (1993)
  • The Buddha of Suburbia (1993)
  • Outside (1995)
  • Earthling (1997)
  • Hours... (1999)
  • Heathen (2002)
  • Reality (2003)
  • The Next Day (2013)
  • Blackstar (2016)

Mei oaren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Titel
1972 Mott the Hoople: All the Young Dudes (Columbia)
1972 Lou Reed: Transformer (RCA)
1977 Bing Crosby: Peace on Earth/Little Drummer Boy (Video + Song)
1978 Narrates Prokofiev’s Peter and the Wolf (RCA)
1981 Queen: Under Pressure (EMI)
1985 Mick Jagger: Dancing in the Street (Warner)
1988 Tina Turner: Tina Live in Europe (Capitol)
1990 Adrian Belew: Young Lions (Atlantic)
1994 Mick Ronson: Heaven and Hull (Epic)
1997 Pet Shop Boys: Hallo Space Boy (EMI)
1997 Nine Inch Nails: I'm afraid of Americans (Virgin Records)
1999 Placebo: Without You I’m Nothing (Virgin Records)
2003 Earl Slick: Zig Zag (Sanctuary)
2003 Bring Me the Disco King (Maynard James Keenan, TOOL)
2003 Lou Reed: The Raven
2005 Kashmir: No Balance Palace (Sony Music)
2006 TV on the Radio: Return to Cookie Mountain
2008 Scarlett Johansson: Anywhere I Lay My Head (Rhino Warner)
2013 Arcade Fire: Reflektor (Arcade Fire)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]