Springe nei ynhâld

Manhattan (New York)

Ut Wikipedy
Dizze side giet oer Manhattan, wyk fan New York. Foar oare betsjuttings, sjoch: Manhattan.

Manhattan is in borough fan de stêd New York yn de steat New York fan de Feriene Steaten. It foarmet it sintrum fan dy stêd. De wyk leit op it eilân mei deselde namme en hat in oerflak fan 87,5 km². Dit makket Manhattan de lytste wyk yn New York. As New York County is it ien fan 62 greefskippen yn 'e steat New York. It eilân is in wichtich ekonomysk en kultureel sintrum fan 'e Feriene Steaten. Manhattan stiet bekend om syn wolkekliuwers, brede leanen, in protte giele taksy's en it finansjeel sintrum Wall Street. Yn de perioade 1624 oant 1667 wie it eilân yn Nederlânsk besit (fan de Westyndyske Kompanjy) en foarme it de kearn fan de koloanje Nij-Nederlân.

Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.