Springe nei ynhâld

Aldtsjerk

Ut Wikipedy
Aldtsjerk
De Klinze
De Klinze
Emblemen
               
Bestjoer
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Tytsjerksteradiel
Sifers
Ynwennertal765 (1 jannewaris 2025)[1]
Oerflak7,08 km², wêrfan:
lân: 6,90 km²
wetter: 0,18 km²
Befolkingsticht.92 ynw./km²
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 15' N 5° 53' E
Doarpsgebiet fan Aldtsjerk yn de gemeente Tytsjerksteradiel
Doarpsgebiet fan Aldtsjerk yn de gemeente Tytsjerksteradiel
Offisjele webside
Aldtsjerk op de side 'Trynwâlden'
Kaart
Aldtsjerk (Fryslân)
Aldtsjerk

Aldtsjerk is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel. It doarp hat likernôch 635 ynwenners (2022) en is it noardlikste en âldste doarp fan de Trynwâlden. Aldtsjerk grinzget oan de noardkant fan Oentsjerk.

It doarp leit oan de grutte dyk fan Ljouwert nei Dokkum. Der binne gjin winkels. Súdwest fan it doarp leit de Aldtsjerkster Mar. Yn Aldstjerk stiet ek de Klinze, in âlde state dêr't de famylje Fan Sminia wenne hat.

Eastlik fan de kearn leit rjochting Readtsjerk de buorskip Sânhuzen.

Aldtsjerk hat 765 (1 jannewaris 2025)[2] ynwenners.

It doarp waard yn 1421 'Aldakerka' neamd, yn 1486-1487 as 'auldatzercka' en yn 1579 as 'Altzierck'. De namme ferwiist nei in âlde tsjerke dy't der stie, Alda is Aldfrysk foar âlde.

De Paulustsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Paulustsjerke
Sjoch: Paulustsjerke (Aldtsjerk) foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

De Paulustsjerke is út de 12e iuw en foar in diel fan dowestien boud. Der is troch de jierren in hiel soad oan ferboud. Yn 1750 waard de tsjerke fergrutte, en de yngong gie fan de súdkant nei de noardkant. By de tsjerke is in grêfhichte, dêr't jonkhear Arent Johannes van Sminia (1806-1857) en syn frou Clara Coehoorn fan Scheltinga (1806-1875) lizze.

Sjoch: De Klinze foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

Om 1680 hinne liet Hessel fan Aysma dizze Aysmastate sette. Der wiene yn dy tiid in soad aadlike lju dy't bûtenút wenje woenen. Yn 1722 waard der in oprydleane by makke. Tusken 1990 en 1995 is de state hielendal opknapt. Der leit in park omhinne mei bochtige paadsjes en brechjes (Ingelske lânskipsstyl). It is ûntwurpen troch arsjitekt Roodbaard yn 1834. De Klinze is no in hotel en konferinsjesintrum.

It doarpskafee 'De Moarkswâl' wie in ferneamde iisherberch by de klapbrêge. De nammen fan de earste reedriders dy't út Ljouwert wei, oer De Moark en de Bonke, by it kafee oankamen waarden op de balken skreaun. Yn 1982 is it kafee lykwols ôfbrând. Yn it nije kafee is ek in nije balke oanbrocht.

Van Sminiawei

Al jierren organisearret de doarpsferiening mei it Feintebûn de doarpsfeesten. Fan it Feintebûn kinne allinnich frijfeinten oant 30-jier lid wêze. De jierlikse optocht rydt op it doarpsfeest troch hiel Trynwâlden. De Stifting Alde Kultuer Aldtsjerk wol de skiednis libben hâlde troch lêzingen, eksposysjes en klank- en diabylden. Foar sport is Aldtsjerk op Oentsjerk oanwiisd. Winkels hat it doarp net mear en de boadskippen kinne út Oentsjerk of Gytsjerk helle wurde.

Pastorij
Iisklubgebou

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier1954195919641969197320042020
Ynwenners635606602564595610630

Aldtsjerkermûne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Aldtsjerkermûne
Sjoch: Aldtsjerkermûne foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

De Aldtsjerkermûne is in poldermole tichtby it doarp Aldtsjerk.

Provinsjale wei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lâns Aldstjerk rint de N361.

Troch Aldtsjerk rinne de folgjende buslinen:

  • Line 151: Dokkum - Ljouwert fia Driezum

De buslinen troch Aldtsjerk wurde fersoarge troch Qbuzz.

  • Aldemiedwei -
  • Boerfinne -
  • Eysingapaad -
  • Freuleleane -
  • Jonkerspaad -
  • Klaas Douweswei - ferneame nei Klaas Douwes
  • Marwei -
  • Miedemawei -
  • Rhaladyk -
  • Sânhuzen - de buorskip Sânhuzen
  • Van Sminiawei -
  • Wierewei

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Tytsjerksteradiel
Doarpen en útbuorrens:
Aldtsjerk • Burgum • Earnewâld • Eastermar • Feanwâldsterwâl (foar in part) • Garyp • Gytsjerk • Hurdegaryp • Jistrum • Mûnein • Noardburgum • Oentsjerk • Ryptsjerk • Sumar • Suwâld • Tytsjerk • Wyns
Buorskippen:
Bartlehiem (foar in part) • De Joere • Gytsjerksterhoeke • It Heechsân • Iniaheide • Kûkherne (foar in part) • Lytse Geast • Noardermar • Quatrebras • Sigerswâld • Skûlenboarch • Sumarreheide • Tergrêft • It Wytfean • Sânhuzen • Swarteweisein
· · Berjocht bewurkje