Trynwâlden

Ut Wikipedy

De Trynwâlden is in sânrigge yn it noarden fan de gemeente Tytsjerksteradiel, mei dêrop de trije doarpen Aldtsjerk, Oentsjerk en Gytsjerk. Op de eastkant leit, krekt yn Dantumadiel (dêr't de Trynwâlden 'de oare wâlden' neamd wurdt), it doarp Readtsjerk dat meast ek by de Trynwâlden rekkene wurdt, en sûnt 1953 is it eastlik part fan Oentsjerk it doarp Mûnein.

Nei gedachten is de namme ôflaat fan it trijetal doarpen op de rigge: de trije wâlden. Faak wurdt tocht dat de namme komt fan it oarspronklike trijetal doarpen op de sânrêch. De namme is lykwols âlder as de doarpen, en soe eartiids Thrimwalda west hawwe: "yn de trije wâlden".

Neffens it ferhaal is de namme lykwols de Tryntsje wâlden, nei Tryntsje-muoi dy 't sân soanne hân hawwe soe. Fan dizze soannen soe de âldste Aldtsjerk stiften hawwe. Har oare soannen - Oene, Reade, Wynse, Giker, Rypke en Tite - soenen Oentsjerk, Readtsjerk, Wyns, Gytsjerk, Ryptsjerk en Tytsjerk stiften hawwe.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]