Aldtsjerkster Mar

Ut Wikipedy

De Aldtsjerkster Mar is in marke besuden Aldtsjerk. It wetter De Moark rint troch de mar hinne. Midden yn de mar stiet it iisklupgebou (út 1925) op acht betonnen peallen. Der is allinnich mei in boatsje of oer it iis te kommen.

De namme Aldtsjerkster Mar jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Oudkerkstermeer.