Johan Bothenius Lohman
Johan Bothenius Lohman (Aldtsjerk op Sminiastate, 31 maart 1887 – Naarden 17 augustus 1977) wie in Nederlânsk boargemaster.
Bothenius Lohman wie in soan fan mr. Willem Carel Lohman en jonkfrou Clara van Sminia (1857-1887). Hy waard berne mei de famyljenamme Lohman, by KB nûmer 29 fan 28 july 1926 waard de famyljenamme feroare yn Bothenius Lohman. De namme Bothenius waard ûntliend oan syn foarmem Ida Elisabeth Bothenius (1706-1756) dy't troud wie mei de Grinzer kolonel Jan Lohman (1701-1786).
Hy promovearre yn Leien ta doktor yn de rjochten (1912). Yn 1914 waard er boargemaster fan de gemeente Tytsjerksteradiel. Hy wie dêrneist kantonrjochter en plakferfanger yn it kanton Burgum. Yn 1920 waard Bothenius Lohman boargemaster fan Assen. Doe't yn 1940 de Dútsers Nederlân binnenfoelen rôp de boargemaster de gemeenteried op om “trou te bliuwen oan it Hûs fan Oranje, hoopjende en betrouwende op de takomst”. [1] Op lêst fan de besetter waard hy ôfsetten. Nei de oarloch wie hy fan 1945-1949 opnij boargemaster fan Assen. By syn pinsjoenearring waard Bothenius Lohman beneamd ta eareboarger fan Assen. Yn dy stêd waard de Boargemaster J. Bothenius Lohmanwei nei him ferneamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|