Paulustsjerke (Aldtsjerk)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Paulustsjerke
Aldtsjerk, Paulustsjerke.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Tytsjerksteradiel flag.svg Tytsjerksteradiel
plak Aldtsjerk wapen.svg Aldtsjerk
adres Van Sminiawei 29
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 12e iuw
boustyl Romanogotyk
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 35669
webside Side PKN-Trynwâlden

De Paulustsjerke is in protestanske tsjerke yn Aldtsjerk yn de gemeente Tytsjerksteradiel. De tsjerke is ien fan de tsjerken fan de protestanske gemeente Trynwâlden, dêr't njonken Aldtsjerk ek de doarpen Gytsjerk, Oentsjerk, Readtsjerk, Mûnein en Wyns en bûtengebieten ta rekkene wurde.[1] It ryksmonumint hat in ryk ynterieur en is it âldste tsjerkegebou fan de omkriten.

Skiednis gemeente[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de katolike tiid wie de op in terp boude tsjerke wijd oan de apostel Paulus. Nei de reformaasje waard de tsjerke eigendom fan de herfoarme gemeente. Sûnt 1609 foarmen Aldtsjerk en Readtsjerk ien tsjerklike gemeente. Yn 2008 gyng de gemeente Aldtsjerk-Readtsjerk op yn de Protestanske Gemeente Trynwâlden en krige de herfoarme tsjerke de âlde namme werom.

It yn 1931 oan de oare kant fan de wei lizzende gebou "Oerein" is boud yn 1931 en wurdt brûkt foar gearkomsten.[2]

Yn de 19e iuw oerhearske de frijsinnige streaming yn de gemeente, mar de frijsinnigen ferlieten de tsjerke en tsjintwurdich hat de gemeente in mear rjochtsinnich profyl.[3].

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Romaansk rûnbôgefries fan dowestien

De tsjerke is yn de 12e iuw boud fan kleastermoppen en dowestiennen. De súdlike muorre hat trije grutte ramen en noch in lyts heechsittend finster út de 19e iuw. De noardlike muorre hat mar twa finsters, dy't ek út de 19e iuw datearje. Krekt as yn de noardlike muorre is yn de súdlike muorre in grutte spitsbôge yn it mitselwurk te sjen, dy't wiist op in eardere oanbou fan mooglik in dwersskip. Oant 1750 wie de tagong oan de súdkant fan de tsjerke, hjoeddedei is de yngong oan de noardlike kant. It fiifsidige koer waard yn de 19e iuw bepleistere en hat op de siden dy't oan it skip grinzgje oan elke kant in finster. Foarhinne wiene de muorren fan de hiele tsjerke bepleistere en begroeid, mar mei de ferwidering fan it grien en it stúkwurk by de restauraasje yn 1983 kamen ek de romaanske details fan it skip wer foar it ljocht.[4]

Toer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De swiere toer fan de tsjerke stiet in lyts bytsje yn it skip fan de tsjerke en waard yn de 13e iuw boud. Under yn de toer is in romte, dy't "it hûnehok" neamd wurdt en ea tsjinne om lju fêst te setten. Foarhinne wie de toer lytser en slanker, mar yn 1721 folge in ommanteling en in lytse ferheging fan 20 sintimeter. Oan de eastlike gevel fan it sealtek is dekoratyf mitselwurk oanbrocht mei in fiskgraadmotyf.

Oargel

De toer waard yn de Frânske tiid fan 1795 oant 1813 foardere en tsjinne as útsjochpunt. Nei it fertrek fan de Frânsen kaam de toer yn hannen fan de boargerlike gemeente en sa is de toer noch jimmeroan eigendom fan de gemeente Tytsjerksteradiel.

De twa klokken yn de toer binne yn 1611 en 1671 getten.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

De preekstoel út 1650 draacht Flaamsk fykwurk en stiet oan de súdlike muorre. De hâlder fan it doopbekken by de preekstoel datearret út 1650. Under de preekstoel leit de grêfkelder fan de Fan Sminia's. Yn 1820 waard der foar it lêst ien yn byset. Binnen it doophek is ek in stien te sjen dy't by in restauraasje fûn waard yn it koer. Mooglik is it fanwegen de stêf op de stien de sark fan in pryster. Foar de preekstoel oer steane twa hearebanken, ien út 1630 en ien út 1700 (de Sminiabank). Benammen de Sminiabank is tige ryk fersierd mei houtfykwurk. Yn it koer stiet ek in hearebank mei dêr boppe in skilderij fan Moazes en de tafels mei de Wet fan de Heare (1637). Oan wjerskanten fan de Tsien Geboaden hingje grutte roubuorden út 1734 en 1782. Fan de famyljes Heemstra en Sminia, de bewenners fan de states by Aldtsjerk, lizze inkelde grutte sarken op de flier.[5]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel fan de Paulustsjerke waard yn 1882-1883 boud troch Bakker & Timmenga Ljouwert. It oargel ferfong doedestiids in âlder oargel an Gysbert Harmens Havinck út Ljouwert, dy't it yn 1646 yn gearwurking mei Harmen Jans út Wânswert boude. Resten fan dit oargel wurde tsjintwurdich yn it Frysk Museum bewarre.[6]

Oare tsjerken fan de PKN-gemeente[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: