Swarteweisein

Ut Wikipedy
De útspanning op Swarteweisein
De boarterstún yn 1913

Swarteweisein is in buorskip yn de gemeente Tytsjerksteradiel. De namme betsjut letterlik: ein fan de Swartewei.

De Swartewei is de âlde namme fan de dyk tusken Ljouwert en Swarteweisein. De wei waard tusken 1531 en 1533 op oanstean fan Georg Schenk fan Toutenburch oanlein. Hy hie nammentlik de bûtenpleats Toutenburch ûnder Ryptsjerk en woe in koartere ferbining mei de haadstêd hawwe. Boppedat waard de rûte Ljouwert - Grins sa ek in stik koarter. Earder moast de reizger oer Huzum, Tynjedyk nei Tytsjerk en sa fierder nei Hurdegaryp en Grins. De Swartewei wie in grint- en púndyk. Oan it nije krúspunt ûntstie de buorskip.

Yn 1830 waard de wei nei Grins in strjitwei. It stik Swartewei fan Ljouwert nei it Ald Tolhûs kaam doe te ferfallen.

Op Swarteweisein wie in útspanning mei in boarterstún. Teffens hat it plak sûnt 1851 de saneamde Bosk fan Ypey, oanlein by Fiversburch troch Nicolaas Ypey neffens in ûntwerp fan Lucas Roodbaard. Fanâlds soarge dy foar in soad ferdivedaasje. Letter kaam dêr it bekende hotel-restaurant E10 oan de wilens drokke N355 noch by.

Bosk fan Ypey[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Bosk fan Ypey, no eigendom fan de Stichting Toutenburch, is anno 2010 in moai kuierpark mei hichteferskillen en aparte brêchjes. Sûnt 1997 wurde der ien of twa kear yn 't jier keunstútstallings holden. Simmer 2003 is útein set mei in flinke útwreiding fan it park mei stipe fan de Europeeske Uny en waard it in keunstpark mei ynternasjonale alluere.

Doe't faze 1 fan it plan dien wie yn 2005, kaam de bosk offisjeel Groot Vijversburg te hjitten, eltsenien hat it lykwols noch oer 'de Bosk fan Ypey'.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fierdere skiednis fan Swarteweisein is te finen yn it artikel Fiversburch.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Plakken yn de gemeente Tytsjerksteradiel
Flagge fan de gemeente Tytsjerksteradiel
Haadplak: Burgum
Doarpen en útbuorrens: AldtsjerkEarnewâldEastermarFeanwâldsterwâl (foar in part) • GarypGytsjerkHurdegarypJistrumMûneinNoardburgumOentsjerkRyptsjerkSumarSuwâldTytsjerkWyns
Buorskippen: Bartlehiem (foar in part) • De JoereGytsjerksterhoekeIt HeechsânIniaheideKûkherne (foar in part) • Lytse GeastNoardermarQuatrebrasSigerswâldSkûlenboarchSumarreheideTergrêftIt WytfeanSânhuzenSwarteweisein