Feanwâldsterwâl

Ut Wikipedy
Feanwâldsterwâl
Feanwâldsterwâl, pleats oan 'e Wâl.jpg Pleats oan 'e Wâl
Flagge Wapen
Feanwâldsterwal vlag.svg Feanwâldsterwal wapen.svg
Sifers
Ynwennertal 420 (2020) [1]
Polityk
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
Provinsje Frisian flag.svg Fryslân
Gemeente Flag of Dantumadeel.svg Dantumadiel
Tytsjerksteradiel flag.svg Tytsjerksteradiel
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 13' N 5° 58' E
Webside Webstee Feanwâldsterwâl (argyf)

Feanwâldsterwâl (lokaal ek De Wâl) is in plak dat oan beide kanten fan de grins fan de gemeenten Dantumadiel en Tytsjerksteradiel leit.

Sûnt 1 jannewaris 2011 is it diel fan it plak dat yn de gemeente Dantumadiel leit offisjeel in doarp. Sûnt 14 july 2011 jildt dat ek foar it part yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Foar dy tiid foel it Dantumadielster diel offisjeel ûnder Feanwâlden en it Tytsjerksteradielster diel ûnder Hurdegaryp. Salang't Feanwâldsterwâl net troch weryndieling yn ien gemeente komt te lizzen, is it tal adressen oan beide kanten lytser as de hûndert dy't nedich binne foar in eigen postkoade. Feanwâldsterwâl leit fan Feanwâlden út besjoen oer it spoar yn súdwestlike rjochting.

Der wenje sawat 420 ynwenners (2020). It doarpke wie eartiids in feankoloanje, mooglik fan menisten út Giteren. Dat soe ferklearje wêrom't der oant 1865 net allinnich in lytse minnistetsjerke wie, mar ek de sfear wat tinken die oan Giteren. Der wiene in soad brêgen en brechjes foar de huzen, dy't de ienige ferbining mei de dyk wienen.

Yn jierren 1970 wie der yn Feanwâldsterwâl in ljeppersplak fan it FLB.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


 
Plakken yn de gemeente Dantumadiel
Flagge fan de gemeente Dantumadiel
Haadplak: Damwâld
Doarpen en útbuorrens: BroeksterwâldDriezumDe FalomFeanwâldenFeanwâldsterwâl (foar in part) • RinsumageastReadtsjerkSibrandahûsWâlterswâldDe Westereen
Buorskippen: Kûkherne (foar in part) • Eastwâld
Eardere doarpen: DantumawâldIkkerwâldMoarrewâld
 
Plakken yn de gemeente Tytsjerksteradiel
Flagge fan de gemeente Tytsjerksteradiel
Haadplak: Burgum
Doarpen en útbuorrens: AldtsjerkEarnewâldEastermarFeanwâldsterwâl (foar in part) • GarypGytsjerkHurdegarypJistrumMûneinNoardburgumOentsjerkRyptsjerkSumarSuwâldTytsjerkWyns
Buorskippen: Bartlehiem (foar in part) • De JoereGytsjerksterhoekeIt HeechsânIniaheideKûkherne (foar in part) • Lytse GeastNoardermarQuatrebrasSigerswâldSkûlenboarchSumarreheideTergrêftIt WytfeanSânhuzenSwarteweisein