Ingelske lânskipsstyl

Ut Wikipedy
Blenheim Palace Park, troch Capability Brown
Ingelske tún yn Wilton
It Wilhelminapark yn Utert
Oranjestein yn It Oranjewâld
Ingelske tún by Slot Zeist
Wetterstream yn Ingelske tún by München

In Ingelske tún, Ingelske lânskipstún of tún yn de Ingelske lânskipsstyl is in lânskipstún dy't yn de twadde helte fan de 18e iuw en it begjin fan de 19e iuw yn de moade kaam.

Yn Ingelân stapte men op beskaat stuit ôf fan it idee dat de natoer yn 'e hân en fan minsken oerhearske wurde moast, sa't dat stal krige yn de strang symmetryske Frânske tún mei syn geometryske foarmen. De tunen waarden no sûnder symmetry en lykwicht oanlein. Wol hienen sy noch sobere paviljoentsjes, mar bygelyks bylden kamen der net folle mear yn. It ûntwerp is basearre op de doetiidske foarstelling fan romantyske, parkeftige lânskippen mei ûnferwachte trochkykjes, ek op it omlizzende fjild. Dat waard stal jûn troch it oanlizzen fan gersfjilden, leafst op in terrein mei hichten, mei hjir en dêr beamgroepen en keunstmjittige markes en streamkes.

De strakke barokke styl rekke al foar de Frânske revolúsje út de moade, wat goed te sjen wie yn de Ingelske moade (Mode à l'Anglaise), dy't letter oerroan yn de Romantyk.

Skaaimerken fan de Ingelske lânskipstún[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • soart fan tafallich lykjende, 'natuerlike', asymmetryske oanlis.
  • fariaasje yn patroanen fan paden en wetterpartijen op romme weagjende gersflakten.
  • nijsgjirrige ôfwikseling fan groepen planten/beammen en túnornaminten, sa as in timpel, Sineeske pagoade, in sabeare hermitaazje en oare eksoatyske bouwurken, saneamde 'follys'.

Bekende Ingelske tunen en parken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oare lannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Arsjitekten fan Ingelske túnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]