Sigerswâld (Tytsjerksteradiel)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Sigerswâld

Sigerswâld is in buorskip yn de gemeente Tytsjerksteradiel, yn 'e himrik fan Garyp.

Yn de midsiuwen wie Sigerswâld in tsjerkedoarp. De parochy waard betsjinne troch de pastoar fan Garyp. De tsjerke rekke al foar 1500 yn de nederklits, mar yn 1482 waard dêr it kleaster Sinaï stifte troch regularissen dy't út Hoarn flechte wienen. It kleaster kaam ta bloei en hat oant 1580 bestien [1] doe't Roomske tsjerken ferbean waarden. Ek de kleasters waarden sletten. It kleaster yn Sigerswâld waard fanwege de oerheid yn 1581 ôfbaarnd. De omkriten bleaune wol in bytsje bewenne en yn 1664 waard de buorskip neamd as Sigerswolde, yn it Frysk Sijgerswaalde. Om ûnderskied te meitsjen tusken it doarp / kleasterperioade mei de buorskip waard yn it begjin fan de 19e en 20e iuw ek wol Sigerkleaster brûkt as oantsjutting foar wat ferdwûn wie.

Yn de twadde helte fan de 20e iuw waard de buorskip (wer) in skoftke Kleasterbuorren neamd. De buorskip hat troch syn ferline in relatyf grut bûtengebiet. Yn meardere fases is dêr yn de wei Sigerswâld ferlinge. De dyk rint troch oant en mei de buorskip Opperbuorren. It part fan dy dyk, dat ûnder de gemeente Smellingerlân falt, heart (fan oarsprong) net ta it bûtengebiet fan de buorskip. De grins dêrfan leit by de Susterfeart.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • K. F. Gildemacher, Friese plaatsnamen: alle steden, dorpen en gehuchten, 2007
  1. Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Siegerswoude b.