Eastermar
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Tytsjerksteradiel | ||||
Ynwennertal (2016) | 1590 | ||||
Webstee | http://www.eastermar.nl |
Eastermar is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel, súdeast fan de Burgumer Mar. De buorskippen It Heechsân en It Wytfean hearre ek ta Eastermar. Eastermar hie 1.590 ynwenners yn 2016. De kom fan it doarp lei by it Heechsân, op it sân fan in morene, 3m heger as de Burgumer Mar. Dêr stiet ek noch de tsjerketoer, út de 14e iuw. Troch de feanterij by it Wytfean waard de buorskip 'De Wâl', oan De Lits, fan mear belang, oant dy de kom fan it doarp foarme.
Ynhâld
Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fia de Sumarderwei hat it doarp ferbining mei Sumar; de Toerleane ferbynt it mei it Heechlân en slút dêr oan op de yn 2007 Skûlenboargerwei, nei Skûlenboarch. De Lits ferbynt it doarp nei it noarden ta mei de Burgumer Mar en nei it suden ta mei de De Leien. Yn 2007 is der in natuerpaad om De Leien oanlein.
It doarpsgebiet fan Eastermar leit sa likernôch tusken 1 en 4 meter boppe seenivo.
Geology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nei Eastermar is it Eastermar Ynterglasiaal neamd. It 'Eastermar ynterglasiaal' wie in matich-waarme perioade út it Midden Pleistoseen. De omkriten fan Eastermar hawwe in kûliselânskip mei houtwâlen.
Buorskippen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn de himrik fan Eastermar lizze de buorskippen It Wytfean en It Heechsân. Om betizing mei Hoogezand yn Grinslân foar te kommen wurdt ek wol Heechsân-Eastermar sein.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Al yn 4000 f.Kr. wennen der nomaden yn de kontrei. Oan de Burgumer Mar is in wichtige archeologyske fynst dien dêr't soks út bliken docht. Dizze fynst stiet bekend as it Leien-Warten Kompleks. Om Eastermar hinne binne ek mammoetkiezzen en gouden ringen fûn. Se lizze yn it Streekmuseum Burgum. De earste boeren fêstigen har op de hegere grûn be-easten de Burgumer Mar. De earste stienen tsjerke waard om 1200 boud op it plak dêr't no it tsjerkhôf op It Heechsân is, mar de mienskip moat in pear iuwen âlder wêze. Yn de midsiuwen stienen der al meardere pleatsen om de tsjerke hinne en oan de noard- en súdkant fan It Heechsân.
Op in kaart út 1605 is goed te sjen dat it hjoeddeiske Heechsân doe Eastermar hiet. Dêrop is ek goed te sjen dat de Burgumer Mar (ûntstien yn de iistiid) der wol wie, mar De Leien noch net. De mar De Leien is ûntstien út de feanôfgraving. Tusken 1500 en 1750 waard der op grutte skaal ferfeante, dêr't de omjouwing tige troch feroare. Doe't it fean om 1750 hinne op rekke wie der gjin wurk mear foar feanarbeiders. Mei it ferdwinen fan it fean stûket de befolkingsgroei fan de oarspronklike kearn It Heechsân. Yn dy tiid ûntstie it nije buorskip De Wâl. De Wâl lei oan De Lits, tusken de Burgumer Mar en De Leien yn. It waard in brûsplak fan skipfeart, hannel en ambacht. Dat buorskip ûntwikkele him fierder ta it moderne doarp Eastermar. Nei it ôfgraven fan it fean ûntstienen der om Eastermar en It Heechsân hinne ferskillende boerepleatsen.
Tusken 1904 en 1964 wie der yn it doarp in suvelfabryk. It ferlies oan wurkplakken troch de sluting fan it suvelfabryk waard diels opfongen mei de bou fan in nij yndustryterrein oan it Prinses Margrietkanaal, noardlik fan It Heechsân by it buorskip Skûlenboarch. It yn kultuer bringen fan lân troch de boeren wie yn it jier 1920 klear. It dêrút ûntstiene kûlisselânskip wurdt hjoed-de-dei yn stân hâlden. Yn 1992 waard dêrfoar de feriening Eastermarder Lânsdouwe oprjochte. Yn 2007 waard it nij havengebiet mei de namme 'De Komerk' iepene.[1]
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De feriening foar Doarpsbelangen is oprjochte op 15 maart 1915 mei de namme ' Vereniging: Plaatselijk Belang'. It doarpshûs hjit ‘De Kjellingen’. It nije gebou krige dy namme nei in priisfraach om foar de tydlike namme Klustermar in nije namme te betinken. De Kjellingen is in ferheging yn it lânskip dêr’t har sa’n santûzen jier lyn minsken nei wenjen setten. Der binne twa skoallen: De Bolster en De Balsemyn. It doarpskrantsje Marnijs ferskynt fjouwer kear yn't jier. Der is alle jierren in doarpsfeest en it strjittefestival dat sûnt 2000 hâlden wurdt hjit 'It Easterbarren'.
Eveneminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Sûnt 2000 wurdt der alle jierren in strjittefestival hâlden, it Easterbarren. Yn ferskillende strjitten yn it sintrum steane poadiums foar muzyk, teater, kabaret, dûns, skilderkeunst en akrobatyk.
- It jierlikse doarpsfeest
- Eastermarruters - it jierlikse hynstespektakel dat yn augustus of septimber hâlden wurdt
- By it Snertbarren kin de snertbarrenwikseltrofee wûn wurde. De winner mei him in jier lang de bêste snertmakker fan it doarp en omkriten neame. Der is wurdt ek in Snertkuiertocht holden.
Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- GVV Eastermar - gymnastyk, streetdance en follybal
- Fuotbalferiening Eastermar
Bekende Eastermarders[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Marten Baarsma - Frysk skriuwer, meioprjochter fan de Jongfryske Mienskip.
- Elte Beima (1801-1873, stjerrekundige, wiskundige en bibliofyl
- Adam Jaarsma (29 july 1914 - 1991 )- Berne yn it hûs oan de E.M. Beimastrjitte hat noch syn namme. Hat syn hiele libben wenne oan yn it hûs tsjinoer It Wâltsje. Hy wie samler fan folksferhalen oer de omkriten fan Eastermar en krige dêrfoar de earepenning fan de gemeente Tytsjerksteradiel..
- Fotomodel Doutzen Kroes is opgroeid yn Eastermar.
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De histoaryske befolkingsûntjouwing fan Eastermar:

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Oer de Strjitten fan Eastermar
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Toerleane 14 It Heechsân
Tsjerke It Heechsân troch Jacobus Stellingwerff
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|