De Lits

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Haventsje fan Rottefalle oan De Lits

De Lits is in wetter yn de gemeente Tytsjerksteradiel. De Lits, oarspronklik in feanrivierke, rint fan besuden De Rottefalle nei De Leien en ferbynt dat marke mei de Burgumer Mar.

Bij De Leien rûn it rivierke oarspronklik noardliker, mar mei it ûntstean fan de mar hat dy foar in part de rin oernaam. De âlde rin is noch werom te finen as in pear lange puoltsjes oan de noardkant fan de mar. Oant yn 1956 de rin by De Rottefalle ferlein waard, rûn de Lits dêr troch it doarp.

De Rottefalle en Eastermar hawwe beide in haven oan De Lits. Fan de Leien nei de Burgumer Mar is it rivierke in part fan de Lits-Lauwersmarrûte. Nei de Burgumermar is de Kûkhernster Feart de folgjende skeakel yn dy rûte.

De namme De Lits jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Lits.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]