Prinses Margrietkanaal

Ut Wikipedy

It Prinses Margrietkanaal is in kanaal foar grutte skipfeart troch Fryslân, fan 64,5 km. lang. It rint fan Strobos, mei oansluting op it Van Starkenborghkanaal yn Grinslân, oant De Lemmer, mei oansluting op de Iselmar.

It is yn 1951 iepensteld, en om 1965 hinne útdjippe ta 3,8 m. sadat ek kustfarders tagong ta de Fryske wetters hienen. It wie net in folslein nij-groeven kanaal; it foarmet in ferdjipping, ferbreding en ferbining fan wetterwegen:

  1. Fan Strobos it Knillesdjip nei de Burgumer Mar; de Grinzer Feart nei Burgum.
  2. Fan Burgum de Kromme Ie, de Wide Ie en it Wide Hop nei Foanejacht, mei oansluting op it Van Harinxmakanaal.
  3. Fan Foanejacht it Nije Kanaal, de Mearsleat en de Krúswetters nei de Kweamar; de Greft en fierder nei de Biggemar; fierder nei de Pikmar en Grou.
  4. Fan Grou fierder nei Aldskou, dêr't De Boarn krúst wurdt.
  5. Fan Aldskou de Nije Wjittering nei de Terhernster Mar; troch de Terhernster slûzen nei de Snitser Mar; it Ald Tsjerkhôf, de Houkesleat, it Krúswetter, de Modderige Geau en fierder nei Twellingea.
  6. Fan Twellingea fierder, de Westerbrêgesleat nei it Aldhôf; de Nije Wei nei de Kûfurd; fierder nei de Jiskenhúster Mar; fierder nei Spannenburch.
  7. Fan Spannenburch fierder nei de Grutte Brekken; fierder nei De Lemmer, mei de Prinses Margrietslûs.

Yn 1959 waard een sydtakke nei Drachten yn gebrûk nomd, foar It Hearrenfean bestienen ek plannen. Midden jierren sechtich waard it kanaal útdjippe nei -3,8 m simmerpeil, sadat kustfarders tagong krigen ta de Fryske wetters.

Nei in stiging fan it pasearre laadfermogen sûnt de jierren '50 nei om de 0,5 miljoen ton per jier yn de jierren '60, sette yn 1969 in sterke daling yn. Dit hong gear mei de efterútgong fan de koasterfeart en de taname fan it ladingoanbod yn konteners en pakketten. Omdat it kanaal in tal Fryske marren ferbynt, kaam der folle mear rekreaasjefeart. Wichtich is de hoefizerfeart: it transitoferkearr fan de ienen bûtenlânske haven nei de oare (meast Dútske). It oandiel fan dizze feart yn it totaal passearre laadfermogen skommelde sûnt de jierren 50 tusken de 6% en de 10%.