Springe nei ynhâld

Aldhôf

Ut Wikipedy
Aldhôf
Aldhôf, OpenSeaMap 2023
Aldhôf, OpenSeaMap 2023
geografy
type wetter mar
lokaasje by Twel
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
koördinaten 52°59N 5°41′E
ûnderdiel fan Wite en Swarte Brekken
kaart
Aldhôf (Fryslân)
Aldhôf
Lokaasje yn Fryslân

De Aldhôf is in mar fan sa. 25 ha. súdeast fan Snits.

Ea wie it dêr't de gemeenten Wymbritseradiel en Doanjewerstâl moeten. By de Gemeentlike weryndieling fam 1984 waarden it de eardere gemeenten Wymbritseradiel en Skarsterlân. sûnt begjin 20e iuw is it lykwols Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren.

It wurdt trochsnien troch it Prinses Margrietkanaal. Fia It Nau is de noardkant ferbûn mei de Wite Brekken. Oan de westkant is de mar neffens de Easterwimerts ferbûn mei de Swarte Brekken.

De mar feroaret stadich fan foarm, om't it leechfeangebiet is. Ek har de oanlis fan it Prinses Margrietkanaal it oansjen feroare. Yn de mar leit in lyts eilantsje mei in fakânsjehúske. Op dit eilantsje skynt ek in saneamd ferlitten hôf te lizzen. In ferlitten tsjerkhôf is in oerbliuwsel fan in ferdwûne delsetting. Se komme yn Fryslân benammen foar yn feangebieten.

Kaartsje mei de offisjele wetternammen tusken Snits, De Jouwer en Akkrum.