Springe nei ynhâld

Wymbritseradiel (1984-2011)

Ut Wikipedy
Wymbritseradiel

It gemeentehûs fan Wymbritseradiel yn Drylts.
flagge wapen

Wapen fan Wymbritseradiel
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
sifers en geografy
haadplak Drylts
grutste plak Drylts
ynwennertal 16.151 (2010)
befolkingstichtens 116,8 / km²
oerflak 162,74 km²
● wêrfan lân 138,33 km²
● wêrfan wetter 24,41 km²
tal stêden 1
tal doarpen 27
ferkearsieren A7, N354, N359
skiednis
oprjochte 1984
oant 1851 Gemeente Drylts
Gritenij Wymbritseradiel
Gritenij Doanjewerstâl (diel)
Gritenij Wûnseradiel (diel)
1851 – 1984 Gem. Drylts
Gem. Wymbritseradiel
Gem. Doanjewerstâl (diel)
Gem. Wûnseradiel (diel)
opheft 2011
opgien yn Súdwest-Fryslân
no part fan Súdwest-Fryslân
oar
netnûmer 0514, 0515
postkoade 8529–8774
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.wymbritseradiel.nl
Dizze side giet oer de gemeente Wymbritseradiel fan 1984 oant 2011. Foar de gemeente fan 1851 oant 1984, sjoch: Wymbritseradiel (1851-1984).

Wymbritseradiel (sûnt 1986 offisjeel Frysk; Nederlânsk: Wymbritseradeel), ynformeel ek wol Wymbrits neamd, is in eardere gemeente yn 'e Fryske Súdwesthoeke, dy't ûntstie by de gemeentlike weryndieling fan 1984. Dizze gemeente hie op 1 jannewaris 2010 16.151 ynwenners, en besloech in oerflak fan 162,74 km², wêrfan 24,41 km² wetter. Op 1 jannewaris 2011 fúzjearre Wymbritseradiel yn 'e mande mei de gemeenten Boalsert, Nijefurd, Snits en Wûnseradiel, ta de nije gemeente Súdwest-Fryslân.

By de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie men fan doel om it âlde Wymbritseradiel mei de beide stedsgemeenten Snits en Drylts, dy't der as enklaves alhiel troch omjûn waarden, ta ien gemeente gear te foegjen. Nei ferheftige protesten fan 'e ynwenners fan Snits, dat selsstannich bliuwe woe, mar ek fan Wymbritserdiel, dêr't freze waard dat Snits binnen de nije gemeente te oerhearskjend wurde soe, joech men dat plan lykwols op.

By einbeslút waarden it âlde Wymbritseradiel en Drylts gearfoege, wêrby't it gemeentehûs yn 1986 yn Drylts kaam te stean (it gemeentehûs fan it âlde Wymbritseradiel hie altyd bûten de eigentlike gemeentegrinzen yn Snits stien). De gemeente Snits bleau selsstannich, mar mocht de doarpen Ysbrechtum, Loaiïngea en Offenwier anneksearje, dy't earder altyd ta it âlde Wymbritseradiel heard hiene. Fierders kaam Nijhuzum by Nijefurd te hearren. Oan de oare kant kamen Kûfurderrige fan Doanjewerstâl en Greonterp fan Wûnseradiel by it nije Wymbritseradiel.

It Ie-Akwadukt by Wâldsein.

By in nije gemeentlike weryndieling fúzjearre it nije Wymbritseradiel op 1 jannewaris 2011 yn 'e mande mei de gemeenten Boalsert, Nijefurd, Snits en Wûnseradiel, ta de nije gemeente Súdwest-Fryslân.

Yn 2010 is de lânynrjochting Wymbritseradiel ôfsletten. By dy ynrjochting fan njoggentjin jier binne maatregels foar de lânbou naam en 245 bunder natoer oanlein.

De haadstêd is Drylts, en de oare plakken yn de gemeente binne: Abbegea, Aldegea, Blauhûs, Easthim, Folsgeare, De Gaastmar, Gau, Goaiïngea, Greonterp, Heech, De Hommerts, Idzegea, Yndyk, Ypekolsgea, Jutryp, Koufurderrige, Nijlân, Sânfurd, Skearnegoutum, Smelbrêge, Toppenhuzen, Tsjalhuzum, Turns, Twellingea, Wâldsein, Westhim en Wolsum.

Untwikkeling ynwennertal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)
· · Berjocht bewurkje