Idzegea

Ut Wikipedy
de himrik fan Idzegea
Klokkestoel fan Idzegea

Idzegea is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, west fan Heech. It doarp hat likernôch 30 ynwenners (2008). Idzegea is mei Sânfurd sterk op it tichtby lizzende Aldegea oriïntearre. Oant 2011 lei Idzegea yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.

Idzegea ligt oan de Idzegeaster Poel, in poel dy't net folle betsjutting hat foar de wettersport omdat it hast gjin ferbining hat mei oare wetters. Der is wol in camping by.

Troch de komst fan in fytspaad om de Aldegeaster Brekken kin hjir moai fytst wurde. Oan it paad leit it archeologysk monumint "Joadsk tsjerkhôf". Hjir lizze gjin joaden begroeven, mar wierskynlik swalkers út de it tiidrek 1463 oant 1580 doe't it nonnekleaster Nazareth hjir stien hat. Omrinnend folk waard eartiids oantsjutten as joaden.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Op it begraafplak mei klokkestoel leit Jan Piebenga begroeven.
  • Tusken 1881 en 1929 stie oan de Feandyk de stellingmole Op Hoop fan Zegen.
  • De Skriezekrite Idzegea hat yn 2006 de Sulveren Skries wûn.
  • Tusken de Tsjerkesleat en it Ringwiel leit in kanorûte.
  • By it tsjerkhôf, oan de Klokhúsdyk stiet op in grêfhichte in klokkestoel mei sealtek en waarhoanne. Tichtby is in camping.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klokhúsdyk.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • Johannes Walinga - Tussen Brek en Skuttel (Aldegea-Idzegea en Sânfurden) I + II
 
Plakken yn de gemeente Súdwest-Fryslân
Flagge fan de gemeente Súdwest-Fryslân
Stêden: BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum

Doarpen en útbuorrens: AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns

Buorskippen: AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)LippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren