Ie-Akwadukt

Ut Wikipedy
It Ie-Akwadukt.

It Ie-Akwadukt is in akwadukt yn De Ie by Wâldsein, oer de N928 hinne. It is op 15 septimber 2007, troch deputearre Jannewietske de Vries fan Fryslân en buorgemaster Jacob Reitsma fan Wymbritseradiel, foar ferkear op de súdlike rûnwei by Wâldsein iepene. It akwadukt is boud troch it boubedriuw Strukton en is ien fan de fiif akwadukten dy't ûnderdiel út meitsje fan it Fryske Marrenprojekt.

Doel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It akwadukt is oanlein, tegearre mei de rûnwei om Wâldsein hinne, om in grut part fan de ferkearsproblemen by it plak ferhelpe. Foar de bou fan it akwadukt moast al it ferkear troch it sintrum fan Wâldsein oer in smelle brêge. Dizze brêge wie in grut probleem foar de wettersporters omdat de kapasiteit fan it farwetter dêr te min wie.

Skeel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De iepening fan it Ie-Akwadukt moast hast útsteld wurde trochdat it boubedriuw harren berôp op it retinsjerjocht. Dit wie troch in skeel tusken Strukton en de Provinsje Fryslân oer it beteljen fan it mearwurk binnen it projekt. In koart pleit op 10 septimber 2007 makke in ein oan it skeel: de provinsje krige gelyk en Strukton waard presse om it akwadukt op 14 septimber oan de provinsje te jaan.

Feiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Fardjipte: 2 meter
  • Trochryhichte: 4,50 meter
  • Djipte akwadukt: 11 meter
  • Breedte akwadukt: 10 meter
  • Lingte tunnel: 41 meter
  • Taritten: 206 meter elk
  • Lingte akwadukt: 453 meter